Klankboerd
Op 25 february jûns om 8 oere wurdt yn de Pelikaantsjerke yn Ljouwert en op 5 maart yn de Martinitsjerke yn Easterein om 15.00 oere it 'Via Crucis' fan Franz List utfiert troch it ensemble Oktoplus en Calliope Concert Brass, 14 muzikale krúsweistaasjes foar koar en koperblazers. Bij dizze muzyk wurde bylden projekteare fan Greetje van Beusichem. As jo der mear fan witte wolle ferwize wy jo nei www.calliopeconcerten.nl. De yntree is 6 euro.
It is in tradysje yn Boalsert dat de Mattheus Passion útfiert wurd. Dat is dit jier op tiisdei 11 april en woansdei 12 april om 19.00 oere. It koar fan de Oratoriumferieniging Boalsert sjongt ûnder lieding fan Pauli Yap. It orkest is it Ensemble Conservatoire fan Zwolle en in rij solisten. Jo kinne kaarten bestelle 0515 573151. De kaarten foar folwoeksenen binne € 25,- en € 18,- en foar jongeren oant 16 jier 10 euro.
Koart ferskaat zaterdag 11 februari 2006
De ferkiezings koarts wurd opwekt troch pakkende advertinsjes. Lit jo stim net ferlern gean – stiet mei grutte letters yn de Balkster. De VVD brûkt krêftige Hollânske wurden: ‘Wij staan voor daadkracht, minder en bureaukrasy’ . Fan it CDA lies ik de slogan: ‘Een levende gemeente’. De Christen Unie: ‘Van ik naar samen’. De party Gemeentebelangen: ‘In het verleden ligt het heden, in het nu wat worden zal’. Fan de Pvda seach ik: ‘Voor een zorgvuldig jeugdbeleid’. It FNP is: ‘Foar de mienskip’.
Gaasterlân – Sleat is in taflechtsoard foar âlderen,.stie yn de krante. Wy binne der de kampioen-gemeente yn Fryslân.
De âlderen wurde tige aktyf hâlden. Op 15 febrewaris wurde alle 50 plussers útnoege om nei de Gearte yn Bakhuzen te kommen. It ûnderwerp fan dizze middei is : De Wet Maatschappelijke ondersteuning. It begjint om 14.00 oere. Neist de petearen is der ek ûntspanning. De Bakhúster heech sjongers litte fan har hearre. Yntree € 2.00 en der krije je ek noch tee foar.
Op freed 24 febrewaris is der yn de Treemter in middei mei âlderen. De politike partijen gean yn petear mei it kiezersfolk. It âlderen belied, de útslach fan it projekt Ouderenproof en de standpunten fan de partijen oer in fernijend Alderenbelied stean op it program. Freed 24 febrewaris om 14.00 begjint it.
“Sis it mar”, dat is de slogan foar de ferkiezingsmerk op freed 3 maart. In echt fekiezings spektakel mei de programma’s en de kandidaten, de sjippekiste en it debat ûnder lieding fan de boargemaster.
Amnesty International , de organisaasje dy’t opkomt foar politike en gewetensgefangenen hâld dit jier foar it earst in kollekte yn grutte parten fan de gemeente. Der binne noch net genoch kollektanten fûn foar de hiele gemeente. Dat sil in folgjend jier wol it gefal wêze.
Tiisdei de 14e is it Valentijnsdei –dan kin je in blomke stjurre nei immen wer’t je heimelik fereale op binne ,lies ik yn de Balkster . Der bin dan dus frij fan En yn Molkwar sizze se : Liefde is niet alles, tidens in konsert. It is wat mei de leafde.
De dûnsgroep Dance Addicted fan de Sortskoalle Universal Gym hat meidien oan in wedstriid.foar de Hip hop award. Yn in ynternasjonaal selskip brochten se it oant it 10de plak. Bravo dames.
Pastoar Brouwer mocht op 28 febrewaris de heechste pauselike ûnderskieding útrikke. Hilarius de Jong krige de ûnderskieding “Pro ecclesia et pontifice” fan paus Benedictus XVI. De hear de Jong wie wol 40 jier koordirigint.
It CSG yn Balk hat iepen hûs op freed 10 febrewaris fan 16.00 –18.00 oere en fan 19.00 oant 21.00 oere. Foar âlders en oankommende brugpiepers in oanrieder.
Fisketreuperij is seker in lukratyf wurk. It Visstroperijteam Friesland hat 22 streupers oanhâlden en trettjin kilometer net yn belslach nommen . Snoekbears der is it om te dwaan. Der waard 750 kilo yn beslach naam. Mar ek in soad fûgels rakken yn de netten dea It team kundicht oan ek yn 2006 tige aktyf te wêzen. De streupers binne warskôge.
Eppie Dam en Hendrik v.d. Mear ha wer in muzykstik makke. It hjit: “De keunst fan it libben” en hat as basis teksten út it bibelboek Preker. Yn maaie sil it útfierd wurde yn Balk.
Koart ferskaat zaterdag 4 februari 2006
Koart ferskaat foar sneon 4 febrewaris 2006
Gaasterlân–Sleat wie yn it nijs. Aldgilles kaam de ried seal yn en syn gefolch struide wiisheit oer de riedsleden. Dat helle de krante, de radio en tv. It gong om de musyk yn de Teatertún. Wol musyk, net musyk, passende musyk, kleinschallige musyk .
De provinsje hat seint dat Bart v.d. Wal foar de kommende tiid mar in list meitsje moat ,mei wat hij fan plan is. Dat is in begjin fan de oplossing. Frou Batteram seach der net folle heil yn om de Rie fan State hjir oer oan it wurk te setten. Sy kin it witte, want se har erfaring. Hoe’t no krekt komt. De wiisheid moat syn wurk noch dwaan.
Wethâlder Ynze de Boer mocht yn Brekking útlizze hoe’t it wurket mei de gedoogbeskikking foar de jongeren yn karavans. It is een unikum yn ús lân dat de gemeente dit soarte ôfspraken makket mei jongeren en âlders. Gaasterlân dus no ris foar oan. Yn de Ljouwerter stie dat wy hjir oan wethâlders kramp lije. Dat moat noch bliken dwaan op de folgjende riedsfergadering. De foarôfgeande skermutselingen liken der wol wat op. Yn elts gefal wy wiene yn it nijs !
De Oranje ferieniging fan Balk – Harich – Rugehûzen siket mei hasten in ponghalder. In boekhâlder mei wat frije tiid, moat der tôch wol wéze net ?
De N354 troch Hommerts giet op de skeppe, oan it ein fan dit jier. Der sil echt in doarp fan makke wurde, mar al die auto’s sille der wol troch moatte.
Der komme mear lege winkels yn Balk. De winkel mei fan alles en noch wat oan de Riedhûsstrjitte hat de doarren sletten. It bliuwt ek noch mar stil oer de plannen foar de ynrjochting fan de Van Swinderenstjitte. De kommende riedsfergadering levert mogelik it earste nijs op.
Zoeken
Archieven
Snelle links