Koart ferskaat zaterdag 1 april 2006

Koart ferskaat foar sneon 1april 2006.

It reint hast ljipaaien, no’t it waar wat better is en wy fierder yn de tiid komme. Age v.d. Meer út Sondel koe syn aaike oanbiede oan boargemaster de Roos.

De aaisikers koarts hat sels de dûmny’s te pakken. Hinne Wagenaar, jawis de soan fan Jehannes en Klaske, wie mei syn maten Sytse en Jurjen trije dagen trije dagen net berikber foar de gemeenteleden. Sij wienen yn it fjild. Net sa’n min plak foar hoeders. Se hellen sels de Ljouwerter krante mei harren tradysje, want se dogge dit al jieren.

Yn Himmelum komt in kleaster feest. Yn it Russisch Orthodoxe kleaster wurdt op 22 maaie in nije iconastase yn gebrûk nommen. In iconastase is in wand met meardere iconen en foarmet in belangryk ûnderdiel fan in Orthodoxe fiering.

Ha jo al in ophokkaart helle foar jo hobbyplomfee. Fanôf 1 april binne se te krijen bij de Dierenspeciaal saken yn Koudum en Balk en yn it Klif yn Aldemardum. Helje foar dat it te let is. De Balkster hat der yngeande ynformaasje oer.

Guon fiskers gean oer de skreef by harren hobby. Der waarden yn de Súdwesthoeke fan de 65 dy’t kontrolearre waarden, wol 9 op é bon slingere. In pear dienen sels oan bistekwelling.

Spaans Babcock soarget der al foar dat de minsken yn Ghana goed drinkwetter krije kinne. No ha se noch in grut projekt yn Ghana yn de wacht sleept. It is in put wurk foar € 23.000.000. Yn Balk komt net it measte wurk , moar foar de ûndernimming is it in opstekker fansels.

Op Pinkstermoandei komt der ek in groep fytsers, dy’t 10.000 kilometer fytse sille foar better ûnderwyls yn Ghana, troch Balk. In tige bekende fries is ek fan plan om oan dizze tocht mei te dwaan. As jo der no al mear fan witte wolle, dan nei www.fietsenvooronderwijs.nl , mar ek yn de Balkster kinne jo der wat oer fine.

De gedachte oer in 55-plus doarp yn Gaasterlân liket de VVD statefraksje ek wol wat. Se wolle der al wurk fan meitsje by de fest stelling fan it Streekplan.

Oer dat Streekplan wurdt praten yn de kommende tiid. Der binne ynsprekjûnen op ferskate plakken ,op moandei 3april yn Snits yn sealesintrum van der Wal , de doarren binne iepen om 7 oere. It ûntwerpplan leit ek wol yn it gemeentehûs en jo kinne it ek fine op www.fryslan.nl/streekplan>

Kap vergunningen niet afgeschaft, stiet mei grutte letter yn it Gemeentenijs. Jo kinne mar net raak romje hear. Coniferen en beamen dy’t op in meter boppe de grûn in omtrek ha fan 35 cm, der mei de seage wol yn. Foar alle oare beamen moat noch in fergunning oanfrege. Dus net samar in kealslach yn Gaasterlân. Ik fyn it eigenlik mar sneu foar die coniferen. It is in soarte fan beamme-diskriminaasje. En it binne tôch sokke moaie grienhâlders.

It Monumint fan Menno van Coehorn sil ek ûnder hannen nommen wurde. Dat moat in hiele klus wêze, ha ik heard.

Mei de Mottenkamp yn Rûgehuzen binne ek plannen. Se lizze foar ynspraak yn it Gemeentehûs.

It Fryske Gea hat in nije wibsite. Der is fan alles en noch op te finen. Sjoch maris op www.itfryskegea.nl>

Der moat wurke wurde oan de promoasje fan Fryslân as rekreaasje gebied. Bij de plannen steane slimme wurden. Der moatte nije mooglikheden anboarre. It Waterzappen moat oandacht ha,der moat bezinningstoerisme komme yn de 11-steden en ontzorgingsdiensten moatte der komme. Ik soe hast sizze – gooi it mar yn myn pet. Mar ja, ik ha der ek net ferstân fan. Jo kinne it berjocht ek fine op www.fryslan.nl De organisaasje Plattelansprojekten wurd trochset nei 2006. In brede ûntwikkling fan it gebied dat sil it útgongspunt wêze. Se ha har besteansrjocht bewezen yn de ôfrûne jierren.

8 en 9 april is it Museum wike-, wykein en kinne jo yn Warkum fytse yn ”it Spoor fan Jopie Huisman”. De fyts route brosjuere is fergees te krijen. Op sneontemoarn 8 april om 10 oere giet de roete offisjeel fan start.

De ferieniging Radio Gasterlan hâlde woansdeitejûn de jiergearkomste

De feriening is finansjeel sûn. It bestjûr sil de ûntwikkelingen op radiogebied nauwlettend folgje. Jo kinne it jierferslach fine op de website fan de Radio Gasterlân. Twa nije bestjûrsleden kamen der, Elske Woudstra en Hans Eisma. Sy nimme de plakken yn fan Nen Pont en Edwin Schotanus.

Koart ferskaat zaterdag 25 maart 2006

Koart ferskaat foar sneon 25 maart 2006.

Sûnt juster is de winter foarby, want it ha fannacht net ferzen. Fan ’ e wike is de maaitiid begûnd. Jjawis en dan kinne wy hjoed ek fiele.

Yn de kommende nacht moat de klok in oere foarút want de simmertiid begjint. Trije seizoenen yn ien wike.

En gelokkich. It earste ljipaai is fûn troch de hear Joop Wynia ,yn de omjouwing fan Tsjerkwert

Der binne wer beamen plante dizze wike, op de 49ste beammeplantdei. Jo kinne se stean sjen bij de rotonde yn Harich der binne se plante troch de learlingen fan “Us Nije Gea“ út Ealahuzen

In ûndersyk hat útwezen dat de jongerein yn ús gemeente moarns goed yt, noch al aardich sûpe en gokke en minder roke as gemiddeld. It falt wol ta mei ús jongeren is it kommentaar fan amtner Johan Rietberg; 90 persint hat it goed en dogt it goed. 10 persint sit net sa goed yn har fel mei alle gefolgen der fan. Dat binne fansels wol in tal jonge minsken. Kostbere jonge minsken.

Yn it Fersetsmuseum is in dûbel - eksposysje mei de titels: 'Kleur in donkere dagen en Onderduikersparadijs Fryslân'. De eksposysje is der fan 24 maart oant 29 oktober fan dit jier. It Verzetsmuseum is in ûnderdiel fan it Fries Museum.

Dit jier bestiet de muzykferieninging “Stêd Sleat” 25 jier. Dat wurdt fiert op sneon 1 april yn de Grutte Tsjerke. Der is in breed ferskaat oan muzyk ynstudearre. Neist de muzyk fan it korps is ek de Fryske troubadour Gurbe Douwstra te hearen. It konsert begjint om acht oere.

De groeiende muzykferieniging Euphonia út bakhuzen presenteart jûn in programma mei as tema Sport . Dat is in aardich kombinaasje. It jeugdkorps en majorette en twirlgroepen dogge mei oan de show . It is yn de sporthal fan de Gearte en begjint om 8 oere.

Audiotheek Visio is een organisaasje dy’t hoorspelen makket en radiodocumentaires foar minsken dy;t net sa goed sjen kinne of blyn binne.

As jo tinke der moat ik mear fan witte dan kinne jo mear te witten komme op de website www.visioweb.nl >

In mega platen en CD beurs wurdt der hâlden op 8 en 9 april yn de jaarbeurs yn Utrecht. In eldorado foar de leafhabbers. Op www.recordplanet.nl>

Fjouwer gemeenten foarmje 'Het blauwe hart fan Fryslân'. Der hat boargemaster de Roos in nota skreaund. It giet der hoe ‘t de gemeenten Nijefurd, Snits, Wynbruts en Gaasterlân-Sleat. Better op de kaart setten wurde kinne. De boargemaster sjocht grutte mooglikheden by de Fluezen.

De ynburgerings test foar allochtoane minsken is sa slim dat de Fryske bern en ek de juf se net mei in foldwaande ôfslute kinne. Dat waard dúdlik yn de Bolster yn Balk dizze wike

Bij slachters Obe en Marijke Veldman is it tige ynoarder mei de hygiëne. De keurslager krige der foar in spesjale oarkonde. Wy kinne dus fertroud keapje by dizze faklju.

De Sake store is op e nij ynrjochte. Ûndernimmer Riemer Brouwer is tige grutsk op it resultaat

Der komt al in twadde see skip mei de namme fan Balk yn strakke letters op de romp. Unisea shipping is de namme fan de rederij dy’t har thusplak hat oan de Bogermanstrjitte. Ih ha hjirby tôch in bytsje it gefoel dat wy als Balksters de oseanen betwinge.

Yn Snits is bij it Antoniusziekenhûs de Zorgboulevard iepene. In ferskaat oan bedriuwen biedt der de produkten en tsjinsten oan.

'Gaasterland leeft', is it tema fan in sympoasium. It wurdt organisearre troch Bosk en Greide. Jo kinne der sûnder kosten oan mei dwaan. It is op tongersdei 6 april en begjint om 10 oere. Oanmelde bij 0343 591 593

De foar ronde foar it Balkster Festival giet snein 25 maart fan start yn Fellows. Der ha al 12 bands har melden. Snein komme Friction, Backpain, Spatader en No way in aksje.

Soenen wy no dizze wike ek hearre of Cambuur bestean bliuwt. Yn elks gefal – fannacht giet de klok in oere foarút.

Moarn is der in ütsjoering fan Klanboerd. Kike fan der Goot yn petear mei Trix Bergsma oer de Mennisten.

En jo kinne dit koarte ferskat nochris neilêze op www.radiogasterlan.nl>

Koart ferskaat van zaterdag 18 maart 2006

Koart ferskaat foar sneon 26 maart 2006

De bűter sil jild jilde. De van Swinderenstrjitte sil op ‘e skeppe en is foar Sinteklaas 2006 klear. Jo sizze: ‘dat moat ik earst mar ris sjen ?’. Mei sa’n hâlding komt it net foarelkoar. As wy der no ris allegear mei in positive ynstek op reageare.en ús no al fest betinke hoe wy sa goed mogelik omgean mei de wat minder goede berikberheid fan de winkels en sa. Kreative minsken węze mei elkoar. De boargemaster hat har posysje der oan ferbűn. Sy doart teminsten. 

De route map is der. Dat is in map mei aller soarte ynformaasje foar de toeristen oer ús moaie Súdwest Fryslân. Wy moatte ús streek op ‘e kaart sette. By de presintaasje waard seint dat wy der by sels oan de Chinezen tinke moatte. Ja werom eigenlik net.

De âlde lânbouskoalle yn Balk krijt nije bewenners. Johan Huisman makket der syn útfal bassis fan foar syn internatsjonale blommewurk. Oeral op de wrâld promoat hij de Hollânske blommepracht en makket thús ek promoasje films foar de blommen. Yn de Lânbouskoalle hat hij de romte.

Hans en Diana de Koning noegje ús út om de boat węrmei se lâns de Noarsk kust sile te besjen. Die boat de Bor leit yn Lemmer Jo kinne oan board gean op snein 19 maart tusken 13.00 oer en 18.00 oere.

Yn Sleat en Wikel hat de tsjerke in projekt mei de namme : Pleidooi voor Pasen. De earste jűn is op woansdei  22 maart yn de Grutte Tsjerke fan Sleat. De kofje stiet de kofje klear, kertier foar achten

Yn Nijemardum wurdt op snein temiddei 19 maart Gospels songen troch de groep Mission. Foarôf giet de sing-in foar de bern en die begjint om 15.30 oere.

Op sneintejűn binne der ek noch sjongtsjinsten yn Balk en Hemelum. Frisia cantat. Dus.

Meso hat ek wer it jierkonsert. Meldijen út” My fair lady” sille klinke en ek it ‘bernekoar Kokikoo’ út Kouden sil te hearen węze op 25 maart.

Yn It Haske fiere  se  wer St Patricksday, dit wykein. Wol 5 folkgroepen binne te hearen. Fan of 3 oer op snein 19 maart sille der noch 5 optrede. It Wille Huske is al west op freedtejűn; de bertedei fan St Patrick

In Indoor marathon is der ek dit wike ein yn de manege op Kippenburg. Je hoege jo beslist net te ferfelen dit wike-ein.

It dualisme moast de kloof tusken politisy en boargers lytser meitsje. As ik de Balkster lęs is dat noch net slagge. De nije ploech riedsleden moat der no mei oan de slach.

Oer de wethâlders binne se der noch net út yn Gaasterlân- Sleat

Aaisykje dat mei. Mar no is er it probleem dat de ljippen de kont mei dizze kjeld ticht hâlde Jammer tôch foar die ynspanningen troch de enthousiaste fűgelminsken e n Piet de waarman sjocht noch net folle feroaringen. It wurdt neat mei  it aaisykjen ,krije de tsjinstanner noch har sin. Dat fyn ik jammer.

Foar minsken mei in handicap binne der gelokkich wol mooglikheden om op fakânsje te gean. Jo kinne der mear oer te witten komme bij de Zorgwijzer. As jo der mear oer witte wolle dan efkes belje  058 2 137 138.

Dit Koarte ferskaat kinne jo nochris neilęze op www.radiogastelan.nl

Koart feskaat zaterdag 11-03-2006

Koart ferskaat foar sneon 11 maart 2006

De Balkster kaam yn in nije útfiering út, dizze wike. It is efkes wenne, mar dat jo de aktiviteit dy’t jo organiseare wolle ek op de aginda fan radio Gasterlân kwyt kinne, stiet no op side twa. Dat is folgens ús in ferbettering.

It betinken fan de ynternasjonale Frouwen dei liket yn ús Gemeente oan de ein kommen. Ofrűne woansdei is de swannesang songen.

De Rie hat dizze wike noch in kear yn de âlde gearstalling byelkoar west. Foar in oantal minsken kaam dermei ek in ein oan it riedswurk. Der sille ek fest wol oaren dat seint ha, mar wy sizze it hjir noch maris: ‘Bedankt foar jimme ynset minsken’.

De ferkiezingen brochten ek mei dat hjir en der it bloed wat hurder streamen gong en de emoasjes opspilen. Sels Radio Gasterlân waard al fan sein dat wy partidich węze soene. Dat wie in misser. Wy binne der foar eltsenien dat is sa wis as de bank. Ek wer jo it net mei iens binne heare jo op de lokale radio. “No sa” is dat no ien kear sa yn in lân mei frije mieningsfoarming.

De earste anammox reaktor is in stap fierder kommen en no klear foar produksje. De reaktor mei dizze namme wurdt űntwikkele troch Paques en is in revolutionair barren op it gebied fan de wettersuvering. Goedkeaper en better is dit nije apparaat. Dat  docht de namme fan ús gemeente goed.

De skoalbern fan Wikel hiene har eigen ferkiezings dizze wike. De partij foar Speelgoed en Sport scoorde it heechst.

Fan é middei (sneon 11 maart) kinne jo mei jo antike spullen nei de Treemter. Troch It Nut wurdt in echte Kunst en Kitsch organiseare. Fan ôf 2 oere oant 5 oere kinne jo der terjochte mei je moaie spullen.

Balk Ontwikkelt – as jo der mear oer heare wolle, dan moatte jo 15 maart frij hâlde. Mar ek as jo meiprate wolle oer die űntwikkeling is der foar jo in kâns. Yn de Treemter yn Balk sil dit barren plak fine.

De meldkeamer fan de plysje wurdt yn de takomst in intersprovinsjaal barren. Grins, Drinte en Fryslan sille gearwurkje. Dat sil goedkeaper węze, wurdt der seint. Of it ek better węze sil dat moatte wy noch besjen.

Tafeltennisferieniging ODI hie it jierlikse sponsorsporttoernooi. De priis gong nei JV Publicaties. Ja wis, dat is it Parseburo fan Johan Vogelzang. It team bestie út heit Jan Geert Vogelzang op tafel 3, soan Roelf Vogelzang op tafel 2 en Johan Vogelzang op tafel 1. Proficiat Vogelzangers

It is goed om te hearen dat ús provinsje ek ynfestearen bliuwt yn de sport. Fan 2006 –2009 is der werd jild útlutsen ű.o foar Breedte sport en ek foar minsken mei in beperking wurde goede dingen diend. De sport sil ek noch better űnder de oandacht brocht wurde

Noch in leste nijtsje oer de ferkiezingen. Yn ús gemeente krigen mefr. Hotske Batteram en Jan Volbeda de measte foarkar stimmen.

It oantal stimmen dat út brocht wurdt, omrekkenje yn sitten yn de rie , is in hiel gedoch. De partij fan de Arbeid hat der foardiel oan han dat se in list ferbining oan gongen binne mei de FNP. Sa kaam it út op 5 CDA-ers, 3 FNP-ers, 3 PvdA-ers, 2 VVD-ers, 1 foar de Chirsten Unie en ien foar Gemeentebelangen yn Gaasterlân-Sleat. Wy winske alle riedsleden folle sterke en wiisheid ta.

Uitslagen gemeenteraadsverkiezingen 2006


Balk, Gem.Huis

 

Balk, Talma

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

291

285

 258

377

351

 320

2

VVD

123

374

 140

111

297

  95

3

FNP

225

168

 226

232

204

 263

4

PvdA

227

197

 262

166

173

 221

5

ChristenUnie

36

58

  51

37

50

  51

6

Gem.Belangen

0

0

  58

0

0

  36

D'66

49

0

0

21

0

0

Geldig

951

1082

 995

944

1075

 986

Blanco/Ongeldig

3

1

 

2

0

    6

Totaal

954

1083

 

946

1075

 992

Opgeroepen

1315

1446

1500

1334

1426

1437

Opkomst.Perc.

72,5

74,9

 

70,9

75,39

 


Sloten

 

Wijckel

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

139

103

 116

116

111

102

2

VVD

61

124

  80

42

95

 39

3

FNP

101

92

 103

149

117

140

4

PvdA

45

46

  68

37

36

 59

5

ChristenUnie

27

52

  42

22

28

 32

6

Gem.Belangen

0

0

   9

0

0

 12

D'66

14

0

0

7

0

0

Geldig

387

417

418

373

387

384

Blanco/Ongeldig

0

0

   0

2

2

   6

Totaal

387

417

418

375

389

390

Opgeroepen

544

605

605

515

529

537

Opkomst.Perc.

71,7

68,93

 

72,8

73,53

 


Sondel

 

Nijemirdum

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

97

86

  86

120

120

 90

2

VVD

26

79

  37

40

61

 36

3

FNP

35

27

  59

61

85

 93

4

PvdA

11

18

  21

20

16

 40

5

ChristenUnie

27

32

  23

38

43

 33

6

Gem.Belangen

0

0

  23

0

0

 12

D'66

17

0

0

11

0

0

Geldig

213

242

 249

290

325

304

Blanco/Ongeldig

3

0

    0

1

0

   1

Totaal

216

242

 249

291

325

305

Opgeroepen

281

301

312

410

428

435

Opkomst.Perc.

76,8

80,4

 

70,9

75,93

 


Oudemirdum

 

Bakhuizen

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

282

276

 222

234

265

235

2

VVD

116

196

 125

108

122

 77

3

FNP

88

109

 108

148

151

105

4

PvdA

53

56

 123

59

58

104

5

ChristenUnie

128

150

  86

27

19

  21

6

Gem.Belangen

0

0

 106

0

0

  36

D'66

33

0

0

17

0

0

Geldig

700

787

770

593

615

578

Blanco/Ongeldig

5

1

   0

4

0

   1

Totaal

705

788

770

597

615

579

Opgeroepen

980

1073

1088

988

1017

1023

Opkomst.Perc.

71,9

73,44

 

60,4

60,47

 



Oudega

 

Elahuizen

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

75

60

  81

60

44

 48

2

VVD

31

48

   6

36

45

 24

3

FNP

56

49

  55

50

62

 72

4

PvdA

12

13

  17

26

26

 37

5

ChristenUnie

10

8

   7

14

16

 15

6

Gem.Belangen

0

0

 12

0

0

 17

D'66

4

0

0

5

0

0

Geldig

188

178

     178

191

193

213

Blanco/Ongeldig

2

0

 

0

0

    1

Totaal

190

178

 

191

193

214

Opgeroepen

238

247

256

236

243

256

Opkomst.Perc.

79,8

72,06

 

80,9

79,42

 


Harich

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1

CDA

140

119

  120

2

VVD

59

106

  47

3

FNP

80

87

  118

4

PvdA

51

51

 65

5

ChristenUnie

8

16

   9

6

Gem.Belangen

0

0

  11

D'66

9

0

0

Geldig

347

379

 370

Blanco/Ongeldig

1

0  

    1

Totaal

348

379

 371

Opgeroepen

443

455

461

Opkomst.Perc.

78,5

83,3

 


TOTAAL

 

ZETELS

 

NR

PARTIJ

1998

2002

2006

1998

2002

2006

1

CDA

1931

1820

1678

5

5

  5

2

VVD

753

1547

 706

2

4

  2

3

FNP

1225

1151

1342

3

3

  3

4

PvdA

707

690

1017

2

2

  3

5

ChristenUnie

374

472

 370

1

1

  1

6

Gem.Belangen

0

0

 332

0

0

  1

D'66

187

0

0

0

0

0

Geldig

5177

5680

5445

 

Blanco/Ongeldig

23

4

 

 

Totaal

5200

5684

 

13

15

15

Opgeroepen

7284

7770

7910

Opkomst.Perc.

71,3

73,15

 

 

Laatste vergadering oude gemeenteraad op 9 maart 2006

Radio Gasterlân zendt donderdag 9 maart 2006 om 19.30 uur de laatste vergadering uit van de oude gemeenteraad. Het hoofdpunt van bespreking is de resultaten van de evaluatie van 4 jaar duaal besturen en de over te dragen zaken mbt dat onderwerp

Radio Gasterlân bij de Verkiezingsmarkt op 3 maart 2006

Radio Gasterlân zal vrijdag 3 maart 2006 rechtstreeks verslag doen van de 'Verkiezingsmarkt' die van 18.30 uur tot 21.00 uur in het raadhuis te Balk wordt gehouden. De uitzending begint om 18.00 uur. U kunt mee luisteren over alles wat zich tijdens de 'Verkiezingsmarkt' voordoet.

Ut us eigen argyf snoen 4 maart 2006

Nei it programma Gaastnijs op sneon 4 maart 2006 sil om 13.00 oere in werhelling fan it historyske programma "De tiid hald gjin skoft" utstjoerd wurde. Dit programma is earder utstjoerd op 10 juni 1989 en giet oer de twa broers Schaper ut Elahuzen die yn 1905 nei Amerika emigreart binne.