Koart ferskaat zaterdag 29 april 2006

It is hjoed Keninginnedei, de dei wêrop it lintsjes reint. Se binne juster al delkommen. Yn ús gemeente wol 5. De measte lintsjes komme dit jier by gewoane minsken, stie yn de krante. Dat is winst, fyne wy.

Yn Ealahuzen ha de learlingen fan Us Nije Gea goed yn it nijs west mei de adopsje fan in oarlochsmonumint. It wie it hûndertste. Frou Erica Terpstra snijde de taart der foar oan.

Doede de Vries yn Aldemardum krige fan de NEVOBO in spjeldsje, de sulveren bûnsspjelde Hy hat in grutte steat fan tsjinst; 40 jier aktyf as skiedsrjochter, foarsitter regionale klups en belutsen by de organisaasje fan allesoarte follybal eveneminten fertsjinne dus.

Fiere dat wy befrijd libje kinne dat dogge wy dizze wike, mar foarôf giet de betinking, dat de befrijing djoer betelle is. Yn ús gemeente binne yn Bakhûzen, Balk en Aldemardum byienkomsten op 4 maaie.

Thussoarch en It Antoniusziekenhûs gean in fúzje oan. It sil der wol better fan wurde.

De website fan Thuishotel is ek yn de loft. In nije ûntwikkeling yn de soarch. Sjoch mar ris op www.thuishotel.nl

De bânnen mei Krezemieniewo binne wer oanhelle. Der kin mei nije moed wurke wurde oan de ynhâld fan it partnerskip.

De beropsfiskerij op de Iselmar wurdt hieltiid mear ynkrompen. Nei in earste saneringsronde is der noch wer jild beskikber foar in folgjende. Hast 2,5 miljoen euro is beskikber.
As jo de berm meane wolle foar hea ,dan kin dat. By de gemeenteberjochten kinne jo der ynformaasje oer fine. Der binne noch gâns wat bermen beskikber.

Wy wurde mei in tige grutte advertinsje útnoege om yn te sprekken op de plannen foar de Zuiderzeelijn. De Zuiderzeelijn komt der net, mar der moat wol wat gebeure yn de ferbiningen fan’t noarden en de Rânestêd. Mar wat, dat is de kwestje. Op www.stuctuurvisiezuiderzeelijn.nl kinne jo der alles oer fine. Dat is foaral foar de minsken dy’t noch wol witte wer dit oer giet.

Witte jo wol dat op de Website fan Radio Gasterlan in jierplanner stiet. Jo kinne de aktiviteiten dy’t der oan komme der op kwyt. Mar de planner is der ek om te sjen wat der al stiet op de dagen dat jo wat fan plan binne om te organisearjen. Brûke dus dizze mooglikheid en it is hielendal fergees.

Koart ferskaat sneon 22 april 2006

“In mei legt ieder vogeltje een ei”, sa is de siswize, mar op 23 april hâldt it Fryske Gea al in briedfûgelekskurzje. It slagget net mear om der oan mei te dwaan, mar it is in moai foarjiers nijtsje.

As jo nei ús studio in mailtsje stjûrt ha, dan is dat net lêzen. Wy ha storing yn de apparatuer.

It Balksterfestival giet de twadde ronde yn. Snein komme yn Grandcafé Fellows yn aksje: For a while, Back pain en Off Limits. De earste finalist is ek al bekend dat is: No Way

The Box moat bliuwe, dat fine in groep jongeren. Jo witte net, wer it no oer giet? The Box is in televyzje stjoerder, dêr’t jo miskien nea nei sjogge, mar oaren wol. It protest wurdt ”rapt” tidens in soarte Fryske steden tocht.

De earste campingsgasten binne ferwolkomme op” De Landschapscamping Balk” bij de jachthaven Lutsmond. In tafoeging oan it oanbod foar rekreanten.

It sit wol goed mei de ambulânse soarch yn ús kontreien. De ambulânse tsjinst Snits krige in sertifikaat en dat betsjut dat de dizze tsjinst oan hege kwaliteit easken foldocht. In feilich gefoel jout dat.

Spaans Babcock makke de plannen om de produksje te ferhúzjen dizze wike wat dúdliker. Ik kost wurkplakken dat is wol wis. Der wurdt al praten oer de ferkeap fan de grûn en de gebouwen.

Marit Leenstra hat sukses mei har riederij. Se is selektere foar Jong Oranje.

In Website foar 30 plussers is der no yn Gaasterlân: www.buitenmens.nl It is in Webwinkel wert jo ferskate dingen keapje kinne, mar der wurde ek ferskillende saken foar u.o. allinnich geande minsken oanbean www.buitenmens.nl dus.

“Samen verder” is in ferieniging foar minsken dy’t in beroerte han ha. Yn Hearefean is der in info café fan dizze ferieniging. It is yn it sikehûs Tjongerschans en it is op elke 4de tiisdei fan de moanne fan 9.45 oere – 11.15 oere.

Yn de ôfrûne dagen is der in delegaasje fan it gemeentebestjoer en de Stichting Partnerschap Gaasterlân-Sleat – Krezemieniewo nei Pôlen ôfsetten. De freonskipsbân wurdt evaluearre. Wy binne benijd wat der út komt.

Koart ferskaat snoen 15 april 2006

It wurdt wer fytswaar  minsken. Foarhinne wie der in lânlike fytsdei, no is der al in  fytsmoanne. Op 21 april begint dat barren. Ynformaasje kinne jo fine op www.fietsmaand.nl As www.fietsroutes.nl de de site wer jo wêze moatte

Op Peaskemoandei is der yn de manege op Kippenburg in Hynsteclinic. Tineke Hoeksktra jout de clinic. It begjint om 12.oere.

Jo ha fest ek wolris tocht, wat wurdt dat der yn Lemmer, bij de brêge oer it Prinses Margryt kanaal. No ik wit it. It wurdt Aqua Chalet Park Tacozijl. Dat minsken sokke nammen betinke kinne. Jo kinne der in fakânsjehúske keapje.

Op it gemeentehûs wurde nije saken oanbeant. Je kinne kursussen folgje.  Yn de Balkster fine jo der ynformaasje oer. 'De gemeente Gaasterlân-Sleat vindt het belangrijk dat alle inwoners meer kansen krijgen op de arbeidsmarkt en in hum persoonlijke leven. In het kader van volwasseneducatie heeft de gemeente een groot aantal. Cursussen /programma;s ingekocht voor verschillende groepen bewoners bij het Friesland College'. It is in grut ferskaat foar jong en âld. Sjoch de Balkster der mar efkes op nei.

De Sonderler Bil, sil der net mear komme dit jier. De belangstelling rûn efterút.

De kosten wagen net mear op tsjin de baten. Dermei komt der in ein oan in echte tradysje, dat is jammer.

Of de Golfbaan no wol echt natuergebiet is, der oer is dizze wike striden foar de Raad van State. It is foar de ien sa klear as wat en foar de oar alhiel net. De rie docht  yn 6 wike in útspraak en dermei komt dan hopelik in ein oan dizze striderij.

De Balkster Jan van der Sluis eksposearret syn skilderwurk yn de kommende tiid yn it Flevohûs yn Lemmer. Hij koe al wol technysk tekenje mar docht no oan kultureel tekenjen en skilderjen. Dat moatte wy tôch ek yn Balk te sjen krije.

De Harmony Concordia hat it goed diend yn Venlo. Mei 79 punten sieten se yn it midden fan it klassemint mei de musykshow. Concordia kin him mjitte mei toporkesten út  Belgie en Dútslân. Wy wachtsje der no op dat wy dit ek yn Balk te hearren krije.

De Dobber hat in nij programma en der is ek al in CD fan makke. Sterke verhalen, binne op muzyk set, ûnder it motto “Visserslatijn”. It giet oer wûnderferhalen yn de bibel. It is live te hearren op snein 23 april 2006 yn in bysûnder tsjerketsjinst yn de Paadwizer.

Neist Thuiszorg is der straks ek it Thuishotel. Jo moatte der maris nei sjen op www.thuishotel.nl

Koart ferskaat zaterdag 8 april 2006

De binne nije dingen bart yn de pleatselike polityk. Der is in riedsprogramma makke. Jo kinne dat op de Website fan de Gemeente ek wol fine. Der stiet in aardich stikje op de foarside, it is in kollaazje fan de ferkiezingsprogramma’s. It giet sa:

Wa’t belutsen is by de mienskip,

Kiest voor een toekomst van sterk en sociaal

Kiest voor de toekomst van ik naar samen,

Kiest voor een toekomst als levende gemeente

De toekomst begint vandaag, nu.

Want in het verleden ligt het heden, in het nu wat worden zal

Dat vraagt dus nu al actie, geen woorden maar daden

Der is foar 5 grutte tema’s keazen yn de kommende tiid. Wonen en leefomgeving, ondernemen in Gaasterlân–Sleat, sosjale ûntjowings, leefberens- stads en dorpsvisies en gemeentelijke samenwerking.

Dat dit allegearre rjochte is op de ynwenners en dat it betelber wêze moat sprekt yn de twa tema’s : Foar ús ynwenners - Betaalbaarheid  foar himsels. It bysûnder oan dizze saak is dat der riedsbreed oer dizze saken tocht en de ûnderlingen kommunikaasje en gearwurking foarop stie. Dat is winst

Dat der mar 1 partij oanjout dat uteringen fan keunst en kultuer oandacht ha moatte, fyn ik tige meager  Foar kunst en kultuur kenners en leafhawwers falt der noch wol wat te dwaan yn de kommende 4 jier.

Undernimende jonge minsken mei it hert op it goede plak, dat binne nei myn betinken  Gerda de Kleine en Freek v.d. Zee. Se binne fan doel in jier oer de wrâld te lûken. Mar de trip begjinne se yn Uganda. Der gean  se earst  trije moanne oan it wurk yn in berne tehûs. Der is in plan om harren jild mei te jaan , dat se bestede kinne oan in projekt yn dat bernetehûs. Sneintemiddei tusken 1 en 2 oere kinne jo der mear oer hearre yn it programma "De Preek" en tsjerkelike ynformaasje ,it gironummer foar dit ynitiatyf is 6825637 op é namme fan Gerda de Kleine Nijemardum. De Rie fan Tsjerken yn Balk hat docht mei oan in lânlik projekt : Indercity Bestemming Pasen. Yn de kommende  wike is er in ferskaat oan tsjinsten ,en die wize nei en útrinne op Peaske. It is in útnoeging foar elkenien om die reis mei meitsje. Ek deroer mear ynformaasje tusken 12 oere en 1 oere op sneintemiddei.

Yn koarte tiid twa kear in auto yn de Luts. Echte Balksters moatte it wetter fan de Luts in kear fiele ha’k wolris heart.

Ik leau net dat dat de bedoeling wie, bij de dizze “drenkelingen”

Der komt wer in Aaipop yn Nylân op peaskemoandei. www.aaipop>

Jo kinne dit wike –ein gratis de musea yn ek it Museum fan Sleat fansels. Der is de útstalling: 'Ogen bedrogen'.

De polysje hat wol hûndert oeren efter de aaisikers oanwest 240 waarden sikers waarden kontrolearre en 8 krigen in bon. De rjocht moat syn loop ha, sille wy mar sizze

Der is wat argewaasje ûntstien oer it drinkgebeuren fan de jongerein yn ;us gemeente. Minske prate oer de selde saak, mar faak net meielkoar. Dat moat tôch oars kinne.

Fioele en piano dat binne de ynstruminten  dy’t troch Cecilia Bernadine en Mirsa Adami bespyle wurde. Se trêde op yn de Rispinge op sneintemiddei. Oanstoarmjend ynternasjonaal talint. It begjint om 3 oere.

Jo kinne ek wer mei de stoomtrein fan Snits nei Starum. Op 6 en 7 maaie giet de rein kear op é dei op en en del. As jo mei wolle dan is it saak om foarôf in kaartsje te keapjen. www.stoominfriesland.nl>

Spotman fan de ieu, is de titel fan de nije Fryske film. De pealsitter dy’t oandacht freget foar de earme boerefeinten. De film kriget goeie krityken

Sjoch de oankundigingen yn de kranten .want in bioskoop binne wy net ryk yn Gaasterlân –Sleat.

Op 18 maaie wurdt de Bejaardentocht Gaasterlân-Sleat 2006 hâlden. It wurdt wer in boattocht. Wy rekkenje derop dat it waar dan mat mylder is. De is yn elk doapr wol in adres wert jo je opjaan kinne. Ik jo hjir allinnich it boppeste nummer, dat is 602605 dat is fan mefr. de Groot

De Streekharmonie Concordia is hjoed nei Venlo ta foar in bysûnder barren. Dizze kear gjin drege ferplichte musykstikken  mar it giet wat luchtiger ta. Elk orkest moat de minsken 30 minuten fermeitsje mei muzyk en show. Muzyk fan Countbezie, Elvis Presley en Queen en noch folle mear sil Concordia hearre litte, De dirigint Thijs Out hat de stikken ta skreaun op Concordia  en Awan sil der by sjonge.