Koart ferskaat zaterdag 27 mei 2006
Der wie in aartsbiskop yn Himmelum foar it fieren fan it Kleasterfeest. Dat wie in grutte dei foar Vader Jewsevy. It is altyd wer aardich om dizze pryster geef Frysk praten te hearen. Yn syn kleaster waard in nije ikonenwand oanbrocht. Sa’n rige ikoanen is fan grutte betsjutting yn in Easters Ortodokse Tsjerke.
De striidbile oer de Golfbaan kin begroeven wurde. Al wie it dan allegear net sa hiele dúdlik, de Rie fan State hat fêststeld dat it in Natûrgolfbaan is.
It is in spul mei de begrutting fan ús gemeente. In miljoen euro misbegrutte en dan tôch noch in posityf saldo der útskoarre fan € 164. 000. Dat neam ik keunstich, mar de Rie sil der wol wat fragen oer ha, tinke wy.
Sosjale wenningbou sil der plak fine yn Balkhúzen. Bij de yngong fan Balk is er beweging dy’t liket dat der bout wurde sil. Der komt skat yn in oantal plannen.
Yn 2007 komt der yn de Súdwesthoeke in fytsknooppunten systeem. Dat is in net werk fan fytsroutes wêrby je fan de ien op de oare route oergean kinne. It is noch net sa fier mar it komt der wol oan.
De rommelmerk fan VV Balk komt der wer oan. Op 8 juny kinne jo de spullen wer kwyt. De merk is dan op 10 juny.
In nije rekreaasjekaart kinne jo fine op www.frielsland.nl. Jo kinne op die kaart fan alles en noch wat fine oer rekreaasje en ûntspanning yn ús provinsje.
De Oldtimers binne ek wer yn ús midden. Der binne pronkstikjes bij. Sa ha de camping De LytseJerden as útfal basis en op sneon geane de provinsje wer troch.
Yn Sleat wurde der wer stedskuiers organisearre. Je moatte je der efkes foar opjaan op tillefoon nû 0514-531541.
It is tiisdeis en tongersdeis om 2 oerer, yn de kommende moannen. It Balkstersfestival hat no twa finalisten No way en Off Limits. Op snein 28 maaie is de folgjende ronde Jo moatte der foar yn Fellows wêze.
Hester Mulder is in famke dat foutbal talint hat. Blessueres pleagje har om echt troch te brekken. Se hopet dat se noch wer in útnoeging fan de KNVB krijt foar in seleksje team.
Kleine zorg maar groot verdriet, dat oerkaam de jonges fan it foutbalteam fan de skoalle de Bolster. Se waarden útskeakele yn in toernoai. Dan gean je troch de grûn fansels. Mar de komme noch wol meat kânsen hear mannen. Kop op soe ik sizze.
It Hazzeleger hat skoart bij de kangeroewedstriid. Dat is in wiskunde wedstriid. Rens Baardman helle wol 107.5 punt dat wie wol hast ik heechste wat te berikken wie. Dit binne minsken mei in wiskundeknobbel; wy binne der altyd wat jaloersk op. Fierder as de stelling fan Pythagoras út é holle leare binne wy nea kommen.
Tjipke van de Galien behelle mei syn maten de eartste priis bij de keatserij. Hjoed stiet de Bakker Meinsma partij op it program. Jo kinne der noch himme. It begjint op kertier foar ienen.
It is wat yn de war mei de Stifting Alderein Wurk. Der binne in oantal wize minsken oarstelt om oarder op saken te stellen. Wy hope op bettere tiden.
Tom Plattel is ien fan de Balksters dy’t de Alversteden lâns kuiere is dizze wike. Hy komt no sawat oan yn Ljouwert. Ik bûg djip foar al die kuierders en yn it besûnder fansels foar Tom.
De VV Balk fiert hjoed de hiele dei har 60 jierrich bestean.
Der wurde ek wer beslissingswedstriden spile yn de fuotballerij. NOK tsjin Droegeham en Sleat tsjin Wardy. Spannende saken wêr’t in soad fan ôf hinget.
Yn Snits wurd hjoed in goai diend nei de grutste oranjekoeke. 100 m2 oranjekoeke is der fan é moarn makke en der wurde 40.000 bakjes kofje by set. Se hope op in plakje yn it Guinesbook of Records. Der is gâns wat te belibje yn de Martinistêd.
Koart ferskaat zaterdag 20 mei 2006
De Fryske Alvestêdentocht foar kuierders bestiet dit jier 60 jier. Mear as 1000 minsken dogge dit jier mei en der kinne noch wol mear by, seit it organisaasjekomitee. Fan 23 maaie ôf is it 205 kilometer rinne yn fiif dagen. De earste dei, tiisdei 23 maaie, rinne de kuierders fan Ljouwert nei Sleat. Topdrokte dus yn Sleat want der binne jûns ek aktiviteiten yn it sintrum fan de Stêd en neffens tradysje - fan 1972 ôf - jout streekharmony ,,Concordia” de jûns om 20.00 oere in tippelaarskonsert yn de Grutte Tsjerke.
Tiisdei 24 maaie fertrekke de kuierders fan Sleat nei Starum.
Kuierjen is yn en dat wie dizze wike te sjen yn Balk. Sawat 300 bern mei âlders of oare begelieders namen diel oan de 5 of 10 kilometer fan de Avondvierdaagse”. De lêste jûn wiene onder prachtige waarsomstannichheden mei allegearre taskôgers, blommen en muzyk foar de dielnimmers.
20 maaie dogge alle ynskreaune tipen iepen sylboaten de stêd Sleat oan. Sy dogge dat yn it kader fan de 60 kilometer lange Brio-Race Seilmaraton. De start is op de Snitsermar en it ein is yn Terherne. Sleat is healwei de rûte. Dêr moatte de boaten keare yn de rjochting fan De Lemmer. Dat is spitich foar de gemeente, want no komme se net troch de brêge en dus gjin brêgejild. De dielnimmers meie der tolve oeren oer dwaan.
Der komme achttjin grutte apparteminten op it terrein fan de doedestiidse Suvelfabryk yn Balk. Dit appartemintenkompleks sil de namme "De Eendracht” krije. Dit is in ferkearde namme want de Suvelfabryk hiet net fan de Eendracht mar fan "De Goede Verwachting”. Boargemaster en wethâlders hawwe yn 2005 yn oerlis mei Pleatslik Belang Balk besluten dat it appartemintenkompleks en de oare nij te bouwen wenningen oan in nije strjitte mei de namme "Suvelstrjitte” te lizzen komt.
De kommisje- en riedsgearkomste fan 23 maaie 2006 is troch de gemeente fersetten nei 30 maaie. Dit omdat de amtlike stikken noch net klear binne. De nije wethâlder Zoodsma út Snits woe him sa gau mooglik ynwerke yn dizze gemeente, mar hy is no al trije wiken mei fakânsje en net hjir yn Gaasterlân. Soe hy boeken meinommen hawwe oer Gaasterlân? De gearkomste bliuwt fansels rjochtstreeks te folgjen op Radio Gasterlân.
Ut de troch Pleatslik Belang Sleat opmakke takomstfisy wurdt as bedriging "it koarte toeristysk seizoen" oanjûn. Us tinkt dat it seizoen altyd fan maaie oant-en-mei septimber is. Dat is in perioade fan fiif moanne en dat is al jierren sa. Soks mei dus eins gjin bedriging wêze. Wol Sleat it seizoen langer meitsje troch in soartemint min-waarfoarsjenning dan moat de fabryk mar leechmakke wurde. Dêr kinne dan oerkape toeristyske foarsjennings ynmakke wurde.
Der is in siswize dat seit "Hy libbet as God yn Frankryk “ en dat betsjut dat de persoan dwaan en litte kin wat er wol. Yn Gaasterlân wie altyd de siswize: "Hy libbet as de God fan Gaasterlân”. Dan waard der ferwiisd nei de tige rike Jonkhear Van Swinderen út de njoggentjinde ieu, dy’t mannich earme persoan holpen hat. Dizze útdrukking waard brûkt foar in rike Gaasterlanner dy’t net as deun bekend stie. Argyfûndersiker Henk Doeleman set syn fraachtekens by Van Swinderen as God fan Gaasterlân. Neffens Doeleman is Van Swinderen minder God as altyd tocht is. Soe bliken dwaan dat libje as God yn Frankryk dochs ek in mindere God dêr is?
Hotske Batteram fan it CDA wol balken yn de Luts by Balk fan filosofyske teksten foarsjen. Der stiet net by in hokker taal as dat moat, mar it liket better om hielendal gjin teksten oan te bringen. Minsken komme hjir foar de moaie omjouwing en net foar filosofyske teksten.
27 Maaie wurdt yn Tjerkgaast de Pier Lupkesloop foar hurdrinners hâlden oer 5 en 10 km. Ek binne der kuiertochten en in 20 kilometerkuier. It paad giet fia Sleat werom nei Tjerkgaast. De namme Pier Lupkes komt fan de Tjerkgaaster dy’t yn tiden fan de Tachtichjierrige Oarloch Sleat oan de Spanjaarden ferriede woe. Yn in bierskip mei Spanjoalen soe hy Sleat ferriede. Lokkichernôch ûntdutsen de Sleattemers dit en Pier Lupkes waard deamakke.
It liket ús net ferstannich fan Tjerkgaast om dizze ferriedersnamme yn eare te werstellen. Op dizze wize kin ommers de oarloch tusken Tsjerkgaasters en Sleattemers wer op ‘e nij ûntstien.
By in ûngelok op in sylboat op de Iselmar is woansdei in 57-jierrige man út Harich om it libben kaam. In frachtskip trof de boat fan de man dobberjend oan ûnder de kust fan Hylpen. De skipper fan it frachtskip warskôge de rêdingsmaatskippij. Oan board fan de sylboat waard it slachtoffer dea fûn. Nei alle gedachten is de man fallen.
Alle Marrekrite steigers krije in dúdlik sichtber ydentifikaasjenûmer. Dit kin it ferskil meitsje tusken libben en dea. By in ûngemak moatte de helptsjinsten no geregeld sykje. As't der no in probleem is, hoege minsken allinnich dat nûmer troch te jaan. It nije systeem giet op Himelfeartsdei yn.
Gereformeerde Kerk in Hersteld Verband
Op 15 mei 1946 werd de Gereformeerde Kerk in Hersteld Verband in geheel Nederland opgeheven. In Nijemirdum, Oudemirdum en Sondel werden vanaf dat moment 235 personen lid van de Nederlands Hervormde Kerk na in 1926 de Gereformeerde Synodale Kerk verlaten te hebben. Eén gezin uit Nijemirdum ging in 1946 terug naar de Gereformeerde Synodale Kerk.
Aanleiding voor de scheuring in 1926 was dat Ds. Geelkerken in Amsterdam uit zijn ambt was gezet vanwege zijn preek aangaande de letterlijke opvatting over de slang die al of niet zintuiglijk waarneembaar tot Eva in het paradijs gesproken zou hebben.
Ds. S.P.Vermeer uit Nijemirdum schaarde zich achter de leeropvatting van Ds. Geelkerken, waardoor hij door de Gereformeerde kerkenraad uit zijn ambt werd gezet. In Nijemirdum, Oudemirdum en Sondel heeft dit veel invloed gehad op het dagelijks leven.
In het historisch programma De Gouddoller, een programma van de lokale omroep Radio Gasterlân, wordt op zaterdag 20 mei 2006 van 13.00 tot 14.00 uur aandacht aan de geloofscrisis besteed. De Nijemirdumers Wieger Pietersma, Klaas Muizelaar en Meine Hoekstra zijn te gast.
Imam Onlâ in Klankboerd
In de Klankboerd uitzending van Radio Gasterlân op zondag 21 mei 2006 heeft mevrouw Kieke van de Goot een gesprek met de voormalige imam de heer M.Onlö van de Turkse gemeenschap in Leeuwarden. Het gesprek richt zich op de dagelijkse praktijk van de gelovige Islamiet en in het bijzonder de taak van de imam. Imam Onlö heeft zijn werk in de moskee nu neergelegd, maar is nog zeer actief in het interreligieuze gesprek. Hij gaat met leden van diverse geloofsgemeenschappen voor in gebedsdiensten. In Klankboerd zullen de komende uitzendingen vaker aanhangers van andere dan de christelijke godsdienst de gelegenheid krijgen om over de beleving van hun geloof te vertellen. Klankboerd is er steeds op de derde zondag van de maand op Radio Gasterlân, kabel 104.1 en FM 107.8 van 12.00 tot 13.00 uur.
Koart ferskaat zaterdag 12 mei 2006
Kamera’s yn Balk om de fernielerij en de slaanderij te stopjen, dat idee fan riedslid Ynze de Boer helle it net yn de Rie. Oerliz troch de gemeente mei de hoareka ûndernimmers, dat like de oaren in bettere wei. As dat oerlis der dan ek mar komt, soe ik sizze.
Der is pech by de bou fan it akwadukt yn de Hommerts. It wetter wie te sterk foar de konstruksje. It wetter protestearre miskien wol tsjin al de yngrepen yn de loop derfan. It kostet jild en tiid, dizze pech.
Foar leafhawwers fan Harmonie muzyk. Jo kinne foar in festival terjochte yn de Rinkelbom yn it Hearrefean op 20 maaie. Ynformaasje bij Keunstwurk 058-2343424.
Sportferieniging NOK wûn de Foarset Frijwilligerspriis. Dizze priis wurdt útrikt oan de klup dy’t it beste frijwilligersplan ûntwikkele hat. De priis wie 500 euro grut. Profisiat Sportferiening NOK. It is hjoed nasjonale mole– en gemalen dei. Jo kinne op in soad plakken terjochte, sjoch mar efkes op
www.wetterskipfryslan.nlMiskien ha jo it net mist, mar de ynformaasje oer Simmer 2000 wie in tiid net op ynternet te finen. Dat is no net mear sa. As jo oer die romrofte simmer nochris wat neisjen wolle of op é nij belibje, dan kin dat op:
www.simmer2000.fr.
It persoonsgebondenbudget dat is in belangrike saak foar in soad minsken mei soargen. Der is yn Fryslân in PGB platfoarm en dat is foar alle sektoaren fan de soarch. Dit platfoarm hat foarljochtingsbyienkomsten yn Snits. Ljouwert en Drachten. As jo mear witte wolle oer de saken fan it persoonsgebondenbudget dan moatte jo nei Ljouwert of Drachten. Yn Snits wie it op 8 maaie. Foar ynformaasje 058-215 92 22.
De Digitale radio komt der oan. De Stichtig Digi Radio wol noch hurder mei de ynfiering derfan. Der steane feroaringen oan te kommen op radiogebied dy’t ek de lokale radio reitsje sille. Wetter – fansels stiet dat sintraal yn de Week van het water fan 15–21 maaie. Jo kinne yn de wettertoer fan Dokkum der is in jûn yn Earnewald en der binne ek ekskurzjes en noch folle mear. Jo kinne alles fine op
www.weekvanhetwater.nl
Koart ferskaat zaterdag 6 mei 2006
Fernielerij dar ha wy tefolle lest fan tinkt mij. De kabouters wurde yn Aldemardum út it boske helle en beamkes en bankjes dy’t betsjutting ha wurde troch fandalen fernield. Ek de ruten wurde moedwillich fernield yn it sintrum fan Balk. Slim is soks.
Mar yn Ljouwert ferdwynt samar in hiele keppel skiep. In frjemde wrâld.
Alle mobieltsjes fan deselde firma ôfnimme by de 6 gemeenten yn de Súdwesthoeke, dat levert wol efkes besparring op fan € 100.000.00. Dat kin helpe.
De oanfraach fan de boufergunningen makket dúdlik dat de Lidle hieltiid tichteby komt yn Balk.
De gersdroegerij op Kippenburg der is it in spultsje fan welles nietes mei. Der wurdt in soad muoite dien foar in trochstart, mar derby is dan de fraach wat dat foar gefolgen hat foar de wurknimmers.
Hâlde jo der efkes rekken mei dat op 13 maaie de foarjiers – vrijmarkt is yn Balk. Fanôf 6 oere yn de moarns mei de koopwaar al útststald wurde. Der is wol moai waar foar nedich, foar sa’n aktiviteit.
De wurdt in nije pachter foar de Luts socht. De hear Batterman hat wurk genôch mei syn eigen bedriuw en gjin tiid mear foar it behear fan de Luts as oanlis plak foar boatsjes. In aardich simmer baantsje liket mij dat.
Wy kinne jo noch hieltiid net op ‘e hichte hâlde fan de parseberjochten dy’t oan ús stjoerd wurde. De computer is noch net wer yn bedriuw.
In mantelsoarchcafé dat is in plak wêr’t jonge minsken dy’t eltse dei de soarch foar in oar hawwe efkes op ferhaal komme kinne. Dit is ynitiatief fan de Stichting Mantelzorg Gaasterlân-Sleat.
De âld–wethâlders Ynze de Boer en Joop Meinsma nimme ôfskie op respektivelik
8 en 10 maaie, de middeis om 4 oere yn it gemeentekantoar yn Balk. Fan dit plak ôf sizze wy no al: 'Tige bedankt foar de goede kontakten mei Radio Gaasterlân'.
Speciale uitzending in kader dodenherdenking
Wat gaat er in je om als je als klein kind een oorlog meemaakt? En hoe kijk je er een leven later op terug? Radio Gasterlân had een openhartig gesprek met Harm Keuning uit Balk, die bij het uitbreken van de Tweede Wereldoorlog een jongen van negen was en in Nijemirdum alles bewust meemaakte. Keuning vertelt over zijn belevenissen en ervaringen van toen in de speciale 4 mei-uitzending aanstaande donderdag.
Het twee uur durende programma bevat ook een reportage van Hans Eisma over de adoptie van een oorlogsmonument in Elahuizen door de leerlingen van basisschool Us Nijegea. Voor deze gebeurtenis werd Erica Terpstra uitgenodigd. Daarnaast zullen de namen van alle personen die tijdens de oorlog in Gaasterlân-Sleat om het leven zijn gekomen worden voorgelezen.
Het programma begint om 19.00 uur. Radio Gasterlân is te beluisteren op 107.8 (FM) en 104.1 (kabel).