Koart ferskaat zaterdag 24 juni 2006
De Verenigde Naties hat in priis takind oan it Hoogheemraadschap van Rijnland. Bij dit wetterskip is in systeem ûntwikkele om per ynternet te stimmen bij ferkiezingen. De Verenigde Naties fine dit belangrike saak. It ferbettert de transparantie en de verantwoordingsplicht. Wat wy der hjir yn Gaasterlân mei te meitsjen ha? No hyl wat. De betinker en útfiner fan dit systeem is de hear Piet Maclaine Pont. Hij wennet en syn bedriuwe is festige oan de Lynbaan yn Wikkel. Proficiat Piet mei dizze wurdearring foar jo wurk. Op 23 juny is de priis útrikt.
Sommige saken kin ik net sa goed by. Yn de riedsgearkomste fan ôfrûne tiisdei waard der frege: 'Hoe sit it no eigenlik mei it Bestimmingsplan Buitengebied en deryn de Teatertún. Der koe troch wethâlder Zoodsma net in helder antwurd op jûn wurde. It wurdt ûndersocht. Twa dagen letter slaan ik de Balkster op en sjoch der yn grutte letters in stik oer in ynspraak proseduere correctieve wersjenning Bestemmingsplan Buitengebied 2004 (Teatertún). Soe it net better wêze dat riedsleden efkes by amtners lâns geane om har ljocht op te stekken. Dan kin dat in soad flaters foarkommen wurde.
Der sil grut ûnderhald útfiert wurde oan de Sondelerdyk, de Venewei, de Oordenwei,de Wite Burch en de Skuniadyk. It begjint op moandei de 26e juny en sil duorje oant de 30ste. De minsken dy’t nij yn ús gemeente kommen binne te wenjen wurde op 6 july foart in ynformele kennismakking utnoege. Tryater treed ek op mei it stik: 'Fries yn Boarger'.
De Kabouters op Elfbergen binne net mear feilich. De ierdmantsjes binne net sa lyts dat se ûnopmurken ferdwine kinne. Steatsboskbehear ropt eltsenien op om mei te helpen de kabouters werom te bringen. Wit wol dieven wa’t in ierdmantsjes dwers sit, sil it net goed fergean. Werom bringe dus! Of werom bringe litte, as jo witte wêr’t sa’n mantsje yn it hok stean hat.
Oant sneontemiddei 5 oere kinne jo terjochte yn “de Tuin bij de wildernis” foar in midzomertuin erfaring.
Der binne wer gâns wat jongers en famkes slagge foar ferskate di[ploma’s. Wy felisitearje se allegear yn ien kear. Lokwinske mei it sukses!
Friesland vaart mei dan wol net troch Balk komme, mar de namme fan Balk sil der manifest bij oanwêzich wêze. Paques, Mous Pompenbouw en Landustrie út Snits ha yn de mande mei Wetsus in boegbyld fan de vloot ûntwikkele: 'Water in beweging'. Saken om grutsk op te wêzen.
Der wurd omraak fuotballe op it fjildsje by de Sporthal. Ferskate generaasjes dogge der oan mei en no binne der ek noch in pear doelen del set. In grut sukses.
Trynstsje Beimers har namme wie in begryp hjir yn de Súdwesthoeke. Dizze frou út it Heidenskip gong yn 1953 nei Tanzania om der minsken by te stean en fan it vangeelje te fertellen. Troch har ynset is der gâns wat fan de grûn kommen, sikehûzen en weeshûzen en in fertaal projekt. Se is no stoarn, mar har wurk wurdt trochset. In Friezinne waas namme wy hjir mei eare neame.
The Frisian Nuon Solar Challenge, dat is in race foar sinneboaten, die giet oankommende moandei fan start, lâns de 11 stedden. 28 teams dogge mei en de race bestiet út 6 etappes.
Mozart
Ook op Radio Gasterlân is het te merken dat wij in het jaar van Mozart leven. Op zondag 25 juni vertelt Sjoukje van de Land in een uitzending van Klankryk het levensverhaal van de componist en laat een aantal composties van veelal religieuze werken horen. Klankryk is een maandelijks op de vierde zondag van de maand terugkerende rubriek. Het programma wordt uitgezonden tussen 12.00 en 13.00 uur op de frequenties kabel 104.1 en FM 107.8.
Koart ferskaat zaterdag 17 juni 2006
Museum Stedshûs Sleat hat in nije website:
www.museumsloten.nl Ik fyn it in prachtich stikje wurk, oersichtlik en smaak fol makke. Sjoch sels mar ris. De útstalling: ‘Ogen bedrogen’ yn it Museum Stedshûs Sleat bliuwt oant 29 oktober ta te besjen. Je kin je eagen der de kost jaan, mar je kin je eagen ek hast net leauwe.
De minsken fan de Lânboubeurs yn Ljouwert binne bij de pinken. Se fertelle no al mei enthousiasme oer de beurs dy’t 17 – 20 desimber hâlden wurde sil. Dat sil plak ha yn it FEC. Bij it FEC wurdt it WTC Expo út breide en der wurdt ek in hotel bout. It WTC Plaza. Ik bin bij sokke nammen altyd in bytsje ûnwennich fan. De Frieslandhal en de Frisiana en sa, mar dat sil ynternasjonaal wol net “bekje”.
Der moatte eigenlik mear frouwen de polityk yn. Op woansdei 28 juny organisearret Emancipatiebureau EQUA in manifestaasje yn it Provinsjehûs der oer mei as motto: ‘Meer vrouwen in Staten en Kamer’. It is in soarte merk wêrop Annet v.d. Hoek, Tineke Schokker–Strampel, Irona Groenevelt en Anita Andriessen harren gedachten en erfaringen yn de polityk oan de frou bringe sille. Jo kinne mear te witten komme op 058-2126925.
Der komt in heal miljoen euro beskikber foar 21 Fryske toeristyske projekten. Yn ús omjouwing komt der jild foar de havenkade fan Hylpen, it opknappen fan het ‘Friese Kustpad 2006’. Dat is in kuierpaad dat rint fan Lauwersoog oant Starum, in Wedstriid sintrum foar de Silerij yn Warkum, it opknappen fan It Ponthûs ek yn Starum en de ûntwikkeling fan in database foar 200 fyts-, kuier-, tema- en ruterroutes yn Súdwest Fryslân.
Der komt ek in bats jild foar projekten foar stedelike fernijing. Nijefurd kriget 508.000 euro, Gaasterlân-Sleat part der net yn mei.
De argiven yn de Gemeentehûzen moatte tagonkliker makke wurde. Der is al ris dreech oer praten. Der komt no wat skot yn. It liket dat de praterij omsetten wurde sil yn dieden.
Klompkesilerij wie der yn Aldegea en Kolderwâlde. De earste priis bij de massastart wie foar: Watze Bauke Tromp.
De eareledenkeatserij bij de Keatsklup Cannegieter op sneon 10 juny waard wûn troch de hearen V.d. Werf, Louwsma en Berkepas. Se krigen in moaie krâns om ‘e nekke en stean op é foto yn de Balkster.
Boargemaster De Roos is drok dwaande om bij de gemeenten yn de Súdwesthoeke de noazen allegear deselde kant op te krijen bij de plannen oer gearwurking. Mar der binne nochal wat tûkelteammen.
“Gezicht op Gaasterland” dat is de titel fan de nije eksposysje yn Mar en Klif yn Aldemardum. Skilderijen en tekeningen binne byelkoar socht dy’t allegear aspekten fan Gaasterlân wer jouwe. Mar en Klif is alle wurkdagen iepen fanôf 10.00 oere.
Woansdei 21 juny organisearret Mar en Klif yn ‘e mande mei de ‘Vereniging Natuurmonumenten’ in kuier nei it Aldemardumer Klif. De start is om 2 oere bij it begjin fan it paad nei it Klif yn de Dolle. Fansels giet der in gids mei…
Op it Gemeentehûs traktearje de eigener fan de Urker Vishal op Hollande Nieuwe
It hat efkes duorre mar no binne de hearingen fet genôch sizze de kenners. De boade Jan Reinsma en de gemeentesekretaris lieten se harren goed smeitsje.
Yn in opfallende advertinsje ropt X11 op dat se hjoed de doarren iepen sette. Mar ik kin net ûntdekke wer ik die doarren fine moat. Net sa handich fan reklamemakkers.
Dan mar nei Doede de Vries oan de Van Swinderenstraat yn Balk, Die lit sjen wat syn nije fotoprinter allegear kin. Oant 4 oere ta is hij iepen.
Snein is op Radio Gasterlân om 12 oere yn it programma Klankboerd it gesprek te hearren dat Martin Jans hat mei Ynze de Boer. Libben, leauwen komme oan é oarder en muzyk ek fan Anne Hans de Boer.
Ynze de Boer in Klankboerd
Op zondag 18 juni van 12.00 – 13.00 is op Radio Gasterlân een uitzending te beluisteren waarin Martin Jans in gesprek is met Ynze de Boer. In Klankboerd gaat het om spiritualiteit en levensbeschouwing. Muziek, kerk en politiek zijn de onderwerpen die aan de orde komen. Openhartig is de gast van Matin Jans, als hem gevraagd wordt naar wat geloof is in zijn leven, ook in zijn functioneren in de politiek. Eerder als wethouder en nu als raadslid. De muziek die te beluisteren is, geeft de persoonlijke overtuiging van Ynze de Boer aan Radio Gasterlân. Het gesprek wordt uitgezonden op de kabel 104.1 FM en in de ether op 107.8 FM
Koart ferskaat zaterdag 10 juni 2006
De muzykskoalle Ritmyk balansearret op de râne fan in fallisemint, lês ik yn de Ljouwerter. Mar de direkteur de hear Nico Sieffers seit der neat fan te witten. In frjemd gedoch. Wij moatte der no mar nei riede wat wier is en der komt meastal ek net folle goeds fan.
Der wie justerjûn in prachtich konsert yn it Breahûs. Elske Krijnen spile der mei noch twa froulju de stjerren fan de himmel. Elske is in talint dat hjir bij ús opgroeit is. Se hat de kans krigen har te ûntwikkeljen. Foar grutte en lytse talinten is in muzykûnderwiis fan it grutste belang. Derom: De Muzykskoalle moat bliuwe yn Balk.
“Anita heeft een fantastisch Streekplan gemaakt”. Dat wie te hearren by de Streekplansessies dy’t de Partij van de Arbeid hâlden hat. Dat wie in komplemint foar de Gedeputerearde mefr Andriessen. Wol út eigen fermidden, mar dôchs.
Der stiet yn dat Streekplan u.o. yn dat der net samar mear útwreide moat yn doarpen en plakken. Earst mar ris de lege plakken op folje en der nei oan útwreiding yn de frije romte tinke.
Dat der sunich omgongen wurde moat mei it tsjuster, dat stiet ek yn dat plan. De moatte mear hier wenten bout wurde, dan wol mei in hier dy’t op te bringen is foar de minsken dy’t der gading oan meitsje. It Streekplan jildt foar de hiele provinsje fansels, mar bij ús wurdt der noch oan taheakke dat wy hjir yn de Súdwesthoeke libje yn in Nasjonaal Lânskip. Mefr Andriessen hat yn Nijemardum seint: Wat foar hiel Fryslân jildt, sil ek foar jimme jilde, mar jimme krije mear kânsen om it lânskip yn it bysûnder oandacht te jaan. Dat kin wat moais wurde dus.
Op nummer 1 fan de Fryske top 50 stiet Gryt Wiersma mei It Fryske Hynder. No dat wist ús Menno al lang fansels. Wolle jo de hiele rige sjen, dan kin dat op www.frysketop50.nl.
It Sint-Jabikskrûd dat is gefaarlik spul. De polityk set it no sels op de wurklist. De FNP hat der al ris earder wat oer frege,mar no wurdt der echt oandacht oan jûn. Dy Sint Jabiksplanten binne hartstikke fergiftich foaral foar hynders.
Sipelsneon komt der wer oan en wol op 24 juny. at is der wer gâns wat te rêdden yn Sleat. Alde trekkers, frij merke, sleepboaten, rommelmerke en fansels ek de reuny en it túnfeest. Der tusken yn sil dan in grut byldskerm wer de fuotballerij op te folgjen wêze sil. Teminsten .... as de Oranjemannen de kwart finale helje. Foppe rekkent der eigen lik net op! Jo wol?
In Omrop foar Keunst en Kultuer, die is breanedich, les ik yn in Parseberjocht fan Ad van Twist. As jo der wat foar fiele dan kin jo dat dúdlik meitsje via in e-mail oan info@okenc.nl. Ik fiel der leau ik wol wat foar.
De histoaryske eftergrûnnen fan De Mottenkamp moatte ek gâns bystelt wurde, folgens de hear Sytse ten Hoeve. De nije eigeners Clemens en Ellen van Blitterwijk wol der wat moais fan meitsje. Yslânske hynders die sille der har plak ek krije. It hiem fan de famylje Tamsma, stiet hjoed iepen, yn it kader fan de aksje :Kijk mijn erf. Jo kinne der noch efkes hinne, de rûnlieding begjint om 14.00 oere. Jo kinne der gewoan hinne gean. Jo kinne der mear oer fine op www.kijkmijnerf.nl
De Iistiden en Stien fytsrute is iepene. Dat is it begjin fan in nije rute opset yn ús kontreien. It sil yn koarten ûndersteunt wurde mei in website. Yn de Balkster stiet yngeande ynformaasje oer die stiennen en iistiden. Boargemaster de Roos hat de rûte iepene.
Der is ûnfrede op it Gemeentehûs. It sektorhaad de hear Theo Bosma en it gemeentebestjoer kinne it net mei elkoar roaie, foaral yn de saak fan it plan foar it Sintrum fan Balk. Der is no in tiid foar ôfkoaljen yn stelt. Wij hope mar dat der in goede oplossing komt yn dizze saak.
Koart ferskaat zaterdag 3 juni 2006
Hjoed is de kaartferkeap foar it iepenloftspul yn Jorwert fan start gongen. “Alles út “ is de útdaagjende titel fan it stik dat brocht wurd. www.jorwert.nl der kinne jo foar kaarten terjochte. Dit is de 53ste foarstelling yn de Notaristún
It Fryske Gea is bij 63% fan de friezen bekend as natuerbeskermingsorganisaasje. Der waarden gâns minsken frege nei har miening oer dizze klup. In romme foldwaande jûn krigen se, fan de net- leden in 7.2 en fan de leden in 7,5. Mei sokke sifers kinne je thús komme en in moai parseberjocht oer meitsje.
Foar jonge ûndernimmers is der in wedstriid. It giet om 'Dé Jonge Ondernemers prijs van het Noorden'. Je kinne je sels oanmelde, mar je kinne ek in suksesfolle ûndernimmers foardrage. Oanmelden kinne de ûndernimmers dy’t koarter as 5 jier selsstandich festige binne yn Fryslân, Grins of Drinte. Jo kinne alles hjir oer te witten komme op www.jongeondernemersprijs.nl
Het grote toekomst debat, dat sil troch it kolleezje fan Deputearde Staten hâlden wurde nei de simmer. Foar útsjen nei 2030 !! Friezen en friezen om utens kinne har der oer útsprekke. It sil plak ha yn de moannen septimber, oktober en novimber fan dit jier. Minsken mei in foarútsjende blik kinne har der mar op klear meitsje.
Der de takomst fan Súdwest Fryslân wurdt praat op 12 en 19 juny 2006. Der komt in skip mei jild oan foar de kommende jierren út Brussel en der moat optimaal fan profitearre wurde fansels. Der moat in gebietskader feststelt wurde foar de perioade fan 2007 – 2013. Fertsjintwurdigers fan ferskate organisaasje binne foar dit gesprek útnoege.
In twaddehâns ynskoutribune der is yn Balk ferlet fan yn de sporthal De Trime. It wurd oan alle kanten dúdlik dat it jild krap is yn ús gemeente. Miskien stiet der wol wat op www.marktplaats.nl tocht ik bij dit berjocht. Mar ris sjen wat der fan komt.
Fuotbalklup Balk hat in moai jubileumfeest fiert. Jong en âld kaam der by oan syn trekken. Dit is goed nijs. Safolle frijwilligers dy’t yn it spier west ha. Hulde foar Jan Reinsma en syn ferieniging.
Samar komt der wer in oar ferfierder yn ús streken. Connexion nimt it plak yn fan Arriva. It wurdt der ek noch better op, folgens de berjochten.
Wer komt de grins fan it Nat. Lânskip Súdwest Fryslân te lizzen? Oer die fraach wol de VVV fraksje fan de Steaten it nochris ha. Yn july sil der oer praten wurde u.o mei de boargemasters fan dizze streek.
Wymbrits hat net genôch jild om alle monuminten yn Wâldsein oan te pakken. De Karmeltsjerke en de Klokkestoel op Smelbrêge krije foarrang.
Der steane wer tal fan aktiviteiten yn Balk op it program: kano– toulûken, rinne oer Balk, spikerbroek hingje, bingo en sekslaan. De aktiviteitenkommisje makket him der op klear.
De oranje tip is wer sinjalearre yn Gaasterlân. Witte jo net wer it oer giet. No fansels oer in flinter, ja sa neame je in vlinder yn it Frysk, in flinter. Jo kinne him fine yn de Balkster, die oranje tip.
Hylke Spearstra hat in nij boek skreaun: 'De oerpolder'. It giet oer de ûntboering fan It Heidenskip en dermei fan it Fryske plattelân. “Guon boeren rêde it en guon fersûpe“ seit de skriuwer en dan hat hij it oer boeren yn ús tiid.
It molke kwotum dat hat syn langste tiid ek hân, sa liket it. De ôfskaffing kin de ûntboering noch wol ris in setsje jaan. Hjoed binne de liters noch jild wurdich en miskien moarn net mear. It binne roerige tiden.
De rommelmerk fan vv Balk is nije wike, der tinke je wol om no? Yn it Sweilân kinne jo kwyt wat jo misse wolle en sykje wat fan jo gading is.
De sportdei nije styl foar de skoalbern is hâlden yn de ôfrûne wike. It wie in sukses sei Jurjen Faber. It wie wat oars as heechspringen en hurddrave, it wiene “Highland games”. De waard omraak switten, folgens master fan Rijs.
Vervoer over water
Zaterdag 3 juni a.s. wordt van 13.00 uur tot 14.00 uur een herhaling van het programma 'De tiid haldt gjion skoft' van 27 mei 1989 uitgezonden. In dat programma werd gesproken over het vervoer te water in het begin van de twintigste eeuw. De personen die hun ervaringen van die tijd vertellen zijn o.a. wijlen Douwe de Vries en de heer Berend Bakker uit Balk