Koart ferskaat zaterdag 29 juli 2006
Yn in lanlik deiblêd wurdt fertelt dat wij hjir bysûndere produkten ha. De droege woarst fan slachter de Vries út Aldemardum, de sûkerbôle-miks fan de mole yn Wâldsein en de skieppetsiis fan Bosk en Mar yn Aldegea smakken de ferslachjouwer mar tige goed. Hij helle ek noch nageltsiis út Warkum, dat wie ek super. Hij dronk bier út Boalsert. Hij hat fansels lang net alle lekkers han Soks is goed foar de nambekendheid.
Monumintesoarch sil oan de slach mei it mear bekendheid jaan oan monuminten hjir yn ús streek, ûnder it motto: "Oude paden nieuwe wegen." Ek wurd der oan wurke om monumintale buorkerijen te bewarjen en in nije bestimming te jaan.
In ko dy’t trije kealtsjes smyt, dat barde bij Hendrik v.d. Wal yn Ealahuzen en it wienen alle trije bôltsjes.
Paques hat sukses yn Mexico. De grutte papierfabryk Empaques Modernos de Guadalajara sil it ôffalwetter suverje mei de Biopaq – R. It giet om mânske hoeveelheden dy’t skjin makke moatte, 10 ton COD per dei. Hoefolle dat no krekt is, wit ik net.
De dieverijen geane ek mar troch. Bûtenboat-motoaren wurde stellen en yn de Stellingwerfstrjitte waard ynbrutsen. Wa’t wat sjoen hat moat it foaral oan de plysjes melde.
Keamerfammen wurde socht troch Hotel Welgelegen yn Harich. Foaral yn de wike-einen moat der wurke wurde en je moatte wol 16 jier wêze.
Marcel Belksma, Serge Jonker, Jets Betsema.Rick Belksma, Rutger de Boer en Johan Koopman binne bisterêders. Yn april fûnen se in nêst mei eine-aaien. De mem-ein wie dea, stikt yn in koarste bôle. Se namen de soarch fan de mem oer, dizze bisterêdders fan de Animal Rescue Club. Op 23 juni koenen de eintsje te wetter litten en it libben yn de natuer temjitte swimme. Dit is nochris goed nijs.
Sander Kooistra giet de loft yn. Hij wûn it WK coach spul en no mei hij als leerling vlieger mei in fleanmasine de loft yn. Lanlik scoorde Sander ek heech. Fan de 30 000 dielnimmers waard hij fiifde. Miskien smyt dat ek noch wol wat op.
EHBO-er wurde, is dat ek wat foar jo. As de genôch dielnimmers komme giet de in kursus foar begjinners fan start. Egge de Jong en Bram van Dijk kinne jo der mear oer fertelle. Op 0514-602172 en 0514-602004 kinne jo harren berikke.
Jûn kinne jo nei de Beach Party op it Balkster strân. Derfoar hie de waarmte noch wol efkes oanhâlde kinnen.
Curiosa is der moarn te keap yn de Teatertún en der wurdt ek noch muzyk bij makke.
Dokter Teunie Smit fan de Lorrebuorren leit de stetoskoop ek yn it laadsje. Se naam ôfskie as skoalledokter. Har klantsje lieten ek witte fan se fan har fûnen. Ien skriuwde: "In vond het nooit leuk om naar de schoolarts te gaan, maar ik vind het jammer dat u weggaat." en in oaren: "Ik heb een hekel aan dat onderbroek kijken." Dokter Smit hat 26 jier skoaldokter west. Sy wit ek in hyl soad fan akupunktuer en sil der miskien noch wol fierder mei gean.
Speciale uitzending: Vondst oude kranten
Doe een graai in een stapel oud papier en je haalt er zo een krant van gisteren, eergisteren of nog eerder uit. Minder makkelijk, zeg maar gerust een stuk moeilijker, gaat het als je echt oud nieuws zoekt. Schilder en Radio Gasterlân-medewerker Lucas Hoogkamp ontdekte per toeval een paar zeer oude fragmenten. De lokale omroep van Gaasterlân-Sleat maakte er een speciaal programma over dat op zaterdag 29 juli wordt uitgezonden.
De fragmenten kwamen aan het licht tijdens de verbouwing van Grand restaurant De Zevenwouden in Sloten. Het gaat om twee bijna complete bladzijden van het blad De Fiets uit 1904, een deel van waarschijnlijk het eerst nummer van een landbouwblad en diverse stukjes uit de Leeuwarder Courant van 21 juni 1878 en Den Oprechte Haarlemsche Courant van 13 april 1793. In totaal zijn het bijna veertig fragmenten.
Tijdens de uitzending zullen André Haagsma en Lucas Hoogkamp aan de hand van de fragmenten terug kijken in de historie en wordt er gesproken over de toemalige eigenaars en uitbaters van het oude pand waarin De Zevenwouden gevestigd is. Ook zullen zij gesprekken hebben met de huidige uitbaters en Gerben Stegenga, die voor het stadskrantje van Sloten schrijft en veel historisch onderzoek doet. Daarnaast komen Johan en Pieter Verbeek aan het woord. Zij vertellen over het schildersbedrijf van hun vader Folkert Verbeek in Sloten, dat later door de Bakhuizer Joseph Mous is overgenomen en sindsdien de naam Mous-Verbeek Schildersbedrijf draagt.
Het speciale radioprogramma over de vondst wordt uitgezonden op zaterdag 29 juli van 13.00 tot 14.00 uur vanuit De Zevenwouden, de plek waar het oude nieuws is gevonden. U kunt luisteren naar de radio (FM 107.8 en kabel 104.1) of live aanwezig zijn. U bent vanaf een uur voor aanvang van de uitzending van harte welkom in de bovenzaal van het restaurant.
Koart ferskaat zaterdag 22 juli 2006
Op ‘e mar moatte je gjin rare fratsen úthelje, want dat is de polysje der gau by. Der wurd op it wetter ek alkohol kontrôle hâlden en op de snelheid letten.
Yn Nijemardum wurdt gâns in klomp bout foar de Zwarte Cross dy’t yn de Achterhoek hâlden wurdt. It is in echt projekt wurden. Ik telde bij de foto yn de Balkster wol 14 klompemakkers. Sukses mar iverich plakkers.
In bysûnder plattegrûn is der makke fan ús gemeente. Der binne alderhande saken bij de diken tekene. Lytse keunststikjes op de kaart set dus. Wethâlder Zoodsma hat de earste krigen.
De mestvergister wurdt werkelikheid yn Aldemardum. Soms lykje dingen noch fier yn de takomst te lizzen, mar ynienen is it tichtby. In nije manier om fan de stront of te kommen en in nije wize om energie op te wekken. Dat is allegear nedich omdat de oalje en it gas wol ris opreitsje sille. Bij de fam Westra wurdt de vergister bout en die levert stroom foar sa’s 500 gesinnen.
Martien en Gerda Swart yn Wyckel meie no einliks in hûs bouwe. Se har der 13 jier oer diend om dat foar elkoar te krijen. Harren trochsetten is no beleane.
Ferline wike hienen wij it ek al oer de bus. Bij de Arriva kinne jo foar in Euro in busreiske meitsje. Mar der is mear op busgebied. De Simmerbus is der ek en bij ús is dat de Súdwester en dan binne der ek noch twa routes. Op www.simmerbus.nl kinne jo alle mooglikheden fine.
De Balkster dj’s Alex Leenes en Kim Punter hawwe de finale berikt fan de Nothern Dance Experience. Se binne yn it Haske begûnd en steane straks op grutte poadia fan Illigal Vibes. Bravo mannen !
It is klearkommen mei de twaddehâns tribune foar De Trime. Yn Hearrefean wie wol ien oer. De tribune út de Trime giet nei de Manege op Kippenburg. It kostet sa net it measte en minsken binne der mei holpen.
De Website fan de partij Gemeenteberlangen Gaasterlan–Sleat is fernijd. De opset is nij mar de snediche kommentaren fan de fraksjefoarsitter binne itselde bleaun.
Foar in soad saken moat in fergunning oanfrege. Sa lês ik dat it Haske tastimming frege hat om in hooivorkdarttournooi te hâlden. Dat sil heve op 3 augustus.
Der komme allegear feestlikheden oan op 4 augustus is it feest bij Hotel Cafe Restaurant Teernstra.
Gelokkich giet de Gondelvaart ek troch dit jier. Wy ha de earste Balksterbraderie ek al wer efter de rêch. It wie net sok braderyewaar, te waarm, mar tôch wie it gesellich drok. “Buormandsleed treast” sizze se wolris. It giet bij ús net sa hurd mei.
De van Swinderenstrjitte mar yn Lemsterlân is de bou fan in strandpaviljoen in gebed sûnder ein. Der stimde ien riedslid bij ûngelok ferkeard en no moat de saak wer op skout. Mar it is moai waar yn dizze dagen en dat bliuwt it ek noch wol in tiidsje. Dus je mar net te drok meitsje.
Koart ferskaat zaterdag 15 juli 2006
Ha wy nei 5 desimber noch wol in boargemaster of nimt Sinterklaas har mei? Gjin sprake fan hear! De boargemaster bliuwt, sei wethâlder Zoodsma en de Van Swinderenstrjitte sil yn maaie 2007 wol klear wêze. Der hope wij op (mei de boargemaster)! In moaie term wie der te hearren bij de presintaasje fan de plannen De automobilist sil foartoan “te gast” wêze yn de nije Van Swinderenstrjitte.
Yn de simmer kinne wij goedkeap mei de bus en de train yn Fryslân. Foar in Euro kinne jo in busreiske meitsje. Oerstappe kin net. Fanôf hjoed 15 july oant 3 septimber duorret dizze aksje. Op wurk dagen giet in bysûnder taryf yn om 9 oere en yn it wike–ein is it de hiele dei. De treinen fan Ljouwert nei Starum en Ljouwert nei Harns, der foar is in inkele reis € 3.50 en in retoer € 5.00. Arriva hat it goed mei ús foar. As jo hjir mear oer witte wolle, dan fertelt Jasper dermeer dat jo graach oer de tillefoan 0513-655 941.
De Balksterbraderie dagen komme der oan. De earste is kommende wike en no net mear op freed mar tongersdei. De organisaasje is yn de hannen fan spesjalisten. Dat wurde dus braderyedagen nije stiel.
Fan é middei kinne jo genietsje yn de Teatertun yn Riis. Iepen poadium betsjut dat in programma fol ferrassingen is! It begjint om 16.00 oere.
It komitee Gaasterlân–Sleat fan de stichting Woord en Daad, organisearret fytstochten. De earste is op 25 july a.s. Opstappe om 18.00 oere bij de tsjerke fan de Geriffemearde Gemeente.
Lotgenoaten dy komme byelkoar yn in Lotgenoaten groep fan Humanitas. Minsken dy’t allinnich steane, dat is de doelgroep. As jo mear witte wolle, dan efkes belje mei Gé Nijp 0514 565869.
Hoite Pruiksma is fan plan om in hyl besûnder oargel te bouwen. In oargel as in brulboei, wêrby troch te wyn en golven muzyk makke wurdt. It sil in ferpleatsber ynstrumint wurde.
Oer it waar is gjin nijs te fertellen, alle dagen it selde, sinne! Mar dat is wol hyl bysûnder. Wy ha noch nea sa’ n moaie simmers han en no is it noch mar 15 july. Genietsje der mar fan.
Koart ferskaat zaterdag 8 juli 2006
Stiet in boargemaster no boppe de partijen of tusken de partijen? Boargemaster De Roos kiest foar it lêste en dat noaske de fraksje foarsitter fan it CDA net. De boargemaster bliuwt der oan fêsthâlden dat se har eigen miening hearrelitte mei yn de media, ek oer gemeentelike saken. It tekoart dat der is en ek noch bliuwt, wurdt der net minder om,der moat no maris ferlossende dingen oer seint wurde tinkt mij.
Bouwen aan Balk is wer in stapke fierder. Der is in plan makke foar de Van Swinderenstrjitte. De ynformaasje byienkomst fan 19 april kriget no in ferfolch. De minsken dy’t doe har sechje seint ha, kinne sjen wat der mei dien is, op 12 july yn de Treemter. De jûn begjint om 8 oere. Der kin dernei oant 27 july noch kommentaar jûn wurde op de plannen en dat wurdt dan meinommen nei de Riedsfergadering fan 19 septimber. It wurdt dus neat mei Sinteklaas 2006 in nije van Swinderenstjrjitte. It plan is dat de gunning foar it wurk yn desimber pleats ha sil . Zij die geloven haasten niet, ha wolris heard, mar mei de pleatselike polityk moatte je ek gjin haast ha. Jo kinne alles oer de plannen fine op: www.gaasterlan-sleat.nl ûnder de kop "Bouwen aan Balk".
Paques is wer fan Paques. Nuon hat syn hannen fan Paques ôflutsen en Jos Paques hat it bedriuw wer nei him ta lutsen. Der wienen noch oare kapers op de kust, mar die krigen gjin kâns. Paques moat no mar Paques bliuwe en foaral ek hjir yn Balk.
De Sosjale tsjinstferliening stiet op in leger pitsje yn de simmertiid. As jo alles krekt witte wolle – dan mar efkes nei:
www.isdzw.nl
It bliuwt mar in gedoch rûn de Teatertun. Op 15 july soe it iepen poadium wêze en dat is it ek. Der soe ek muzyk makke wurde mar it waard de fraach of dat mocht. Buorlju makken beswier en de rjochter moast der wer oan te pas komme. De rjochter hat seint dat it mei. Op 15 july is der dus iepen poadium yn de Teatertun. It begint om healwei fjouweren en duorret oant njoggen oere ta. It kostet neat om dit evenmint mei te meitsjen. Al dit gedoch is levert Bart v.d. Wal gratis reklame op.
De hear Sytse ten Hoeve hat de wierheid oer de Mottenkamp oan it ljocht brocht. It wie wat oars as wy oant no ta tochten en wisten. Mar goed dat der fan die sneupers binnen dy't de saken oan de boaiem ta útsykje. De wierheid kinne jo fine yn de Balkster fan dizze wike.
Der binne ek noch in pear neikommende, slagge kandidaten. Petra van Zuiden en Rinkje Kuiper kinne de tas ek oan de flagge hingje.
Wilfriede Doppelfeld in Dútske skilder, dy’t ek yn Balk wennet, eksposearret har wurk yn de Galerie Gravin oan de Koestrjitte yn Sleat. Se makket wurk wêrby je goed sjen moatte. It sprekt net samar fansels.
Johan Huisman soarget der mei foar dat Balk ynternasjonaal op ’e kaart komt. Hij makket oeral op’ e wrâld moaie blomstikken. No komt der yn Amearika yn foto boek oer blommen ek mei syn wurk. De foto’s waarden foar in diel makke yn syn tún oan de Wilhelminastrjitte. In wiere blomme - ambassadeur is dizze Balkster.
In tal ûndernimmers út Aldegea, Kolderwâlde en Ealahuzen ha in ûndernimmers -ferieniging oprjochte mei de namme Oke. Foarm jaan oan in goed ûndernimmersklimaat, dat is it doel dat neistribbe wurdt en alles wat deroan tsjinstich is dat wurdt oanpakt.
Wy ha in nije regear foar in skoftsje en yn novimber moatte wy nei de stimbus. Je binne yn de polityk nea wis fan je posysje. Samar kin je minister wêze en samar ek net mear. No moat ik it wer op e nij betinke: minister Wijn fan ekonomyske saken en minsiter Nicolai fan Keninkrykssaken. De oaren binne it selde bleaun.
Wij meitsje waarme tiden mei
Yn de Fermoanje yn Balk is in eksposysje ynrjochte oer de úttocht fan Menisten nei Amearika yn 1853. De tsjerke is elke sneon iepen fan 13.30 oere oant 17.00 oere krekt as de Ludgerus en It Breakûs en de tsjerken yn Wyckel, Sleat, Wâldsein, Harich en noch folle mear. Yn de tsjerken binne folders oer “De iepen tsjerken yn Fryslân”. Yn it Breahûs is wurk fan Pier Feddema útstald.
Koart ferskaat zaterdag 1 juli 2006
Yn Turkije is in jonge frou ut Staphorst omkoam bij in bomoanslag. Se wie al 14 jier de freondin fan Gert Wiebe, de soan fan de stedsomropper fan Sleat. Sa komme de konflikten fan fier fourt, ticht bij. We winskje de famielje in protte sterkte ta yn dizze swiere tiid.
Der moat gau feroaring yn komme, oars wurdt it dit jier neat mei de Gondelvaart yn Balk. Der binne noch mar 5 bouploegen op papier en der moatte minstens noch trije bij. Soks soe tôch samar klear wêze moatte. Kom op minsken oan de slach.
Marleen Andela hat de namme fan Balk heech hâlden yn Nuon Solar Race. Se wie de ienichste froulike piloat en se die it ek noch goed.
Lidl kin oan de slach, de rjochter hat beslist dat der foar dit bedriuw gjin kelteammen lizze om harren hannel te starten oan de Wilhelminastrjitte.
Op 8 july hat de sportskoalle Universal Gym in spetterjende demomiddei mei Hiphop fusion en Dance Addicted. As jo witte wolle wat dat is dan moatte jo der bij wêze op it Haskeplein nije wike sneontemiddei.
It giet goed mei Freek en Gerda yn ”Noah’s ark” yn Oeganda. Twa Gasterlanners dy’’t oan it begjin fan in wrâldreis oan it wurk binne yn in bernetehûs mei de namme Noah’s ark. Se skriuwe har ferhaal yn de Balkster fan dizze wike.
Fanôf hjoed stean der hyl wat tsjerkedoarren iepen Op sneontemiddei yn Balk binne dat de Ludgerus tsjerke de Fermanje en It Breahûs mar ek yn de tsjerken fan Wyckel en Sleat, Harich en Aldemardum en noch folle mear binne jo wolkom. Yn de tsjerken is ynformaasje der oer te finen.
Yn It Breahûs wurde wurken fan de keunstner Pier Feddema eksposearre. Janny Lyklema wie de moaiste bij de moadeshow yn it Haske. Doede de Vries sil no moaie foto’s fan har meitsje, dat wie de priis dy’t se wûn.
X 11 teksten en logo’s, wij hienen it al earder oer dizze nije saak. Se binne te finen op Eigen Haard 23D en meitsje fan alle soarte reklame materiaal. Yn ús bedriuw is de klant kening, sizze se yn de Balkster.
It huning karke oan de Coendersingel giet foart. De opbringst fan de huning is rôversguod wurden en dan giet de aardichheid der ôf bij sokke hannel. Spitich !
De WMO is troch de Earste Keamer loadst. Die trije letters steane foar Wet Maatschappelijke Ondersteuning. It fundemint fan dizze wet is dat elke Nederlander it mogelik makke wurde moat om yn de maatskippij safolle mogelik mei te dwaan. De soarch foar dat mogelik te meitsjen leit bij de gemeente. Mei dizze Wet geane wy in flinke stap fierder op de wei fan ôfbraak fan de Fersoarging steat. Yn pleats fan de fraach: Wat kinne wy foar jo dwaan, sit hieltyd mear klinke: Der moatte jo josels mar mei rêde, tink ik. In nij kabinet sil dizze Wet yn de kommende tiid ynfiere moatte.
Yn it Gemeentehûs leit de feroardering oer hoe’t dat hjir syn beslach krije sil al yn te sjen. Bij de útfiering fan dizze Wet is der gearwurking tusken Gaasterlân –Sleat, Nijefurd, Lemsterlân, Littenseradiel, Snits, Wûnseradiel en Wymbrits.
Friesland Vaart is oan de ein kommen. De sinneboaten kamen troch de Luts mar dat wie it dan ek en der ha wy yn Balk ek net safolle fan makke. In oare kear better, sille wy mar sizze, as de van Swinderenstjitte der opkrease bij leit.
Fan’e jûn sjongt it Martini Jongenskooar yn de Martinitsjerke fan Snits. Jitse v.d. Land ur Balk sjongt der yn mei syn hege jongenstim. Leafhawwers moatte dit net rinne litte. It begjint om 8 oere en wurde. Evensongs songen.