Koart ferskaat zaterdag 26 augustus 2006

Ald-CDAriedslid Henny Faber út Aldemardum is ynienen ferstoarn op 70 jierrige leeftyd, twa dagen foar it feest fan de 50e troudei. Henny hat 8 jier riedslid west; makke diel út fan de gemeentelike rekreaasjeadvyskommisje en stie oan de oprjochtingswidze fan de Kommisje foar Lichamelike Foarming en Sport. Henny wie in tal jierren bestjoerslid fan fuotbalklup Balk en wie in tûzenpoat by de fuotbalklup NOK yn Aldemardum. It wie net mooglik in fuotbalwedstryd yn Aldemardum by te wenjen sûnder Henny Faber te ûntrinnen. De sport yn Gaasterlân-Sleat betanket Henny Faber foar syn oandiel dêryn en hopet dat dizze tankbetsjûging de famylje helpe mei yn it ferwurkjen fan it ferlies.

Yn ‘e Balkster feestwike is der nije wike fan woansdei oant snein grut feest. Eltsenien is welkom, sels de persoanen dy’t al in tydsje net-wolkom yn horeakasaken binne fanwege de oerlêst de lêste tiid. It plysjetafersjoch is ferdûbele, de feesttinte mei langer iepen bliuwe en dus: Feesten maar…

De ferkeapers fan tagongsbewizen ta de Balkster Gondelfeart komme der wer oan. Keapje in tagongskaart foar € 3,00 fan harren by de doar. De ferkeapers fernuvere harren der alle jierren wer oer dat in tal minsken net keapje omt hja sizze dizze wike noch op fakânsje te gean; krekt dizze wike opnommen wurde moatte yn it sikehûs; krekt noch op de gondelfeartjûn oerwurkje moatte ensfh. En dochs komme der alle gondelfeartjûnen der mear as 5000 besikers.  

De 50 plussers by de âldereinbûn ANBO sitte yn noed oer de tanimmende takomstsoargen foar de yn oantal tanimmende fergrizers. Radio Gasterlân is no krekt bliid mei dy tanimmende 50 plussers. Der is foldwaande hobbywurk by de lokale omrop en de 50 plussers hawwe folle mear tiid krigen om nei alle radioprogramma’s te harkjen.

By de tradisjonele ljochtsjesjûn yn Sleat waard it rûnom de stedsgrêft feeëryk ferljochte. Ek waarden fjoerkuorren yn ‘e brân stutsen. De stedsskutterij wie der foar de begelieding. Dat moast ek wol want fiif leden fan de brânwacht moasten al betiid op bêd want hja binne lid fan it IFKS skûtsje Goede Verwachting fan Walter de Vries.

De technyske resjerzje fan Plysje Fryslân stelt in ûndersyk yn nei de ynbraak by garaazje Mulder yn Balk. De dieven hiene in rút kapot makke en dêrtroch koene der ferskate spullen meinommen wurde. De plysje wie op de ynbraak ôfkommen mei in hûn en dat hat e dieven net oanstean want der binne yn de direkte omjouwing ynbraakspullen werom fûn.

Al 70 jier is Moadefakskoalle Bakhuzen al in begryp yn Bakhuzen en omkriten. Omdat yn stân te hâlden wurdt der op 2 septimber yn MFS De Gearte in iepen dei hâlden fan 11.00 – 15.00 oere. Elkenien kin yn de kunde komme mei it kursusoanbod fan û.o. naaien, linzjery, leerbewurkjen en koupeusewurk.

De aktiviteitenkommisje ACB út Balk hat dit simmerseizoen in fiiftal prima opsochte eveneminten organisearre sa as balkrinne en spikerbroekhingjen. Gelokkich hat dizze kommisje no oankundige it oare jier op’e nij it publyk yn Balk te fermeitsjen.

Dit wykein waard Gaasterlân-Sleat moandeitemoarn betiid wer opskrikt troch in brân. Dit jier wie it raak yn ûndermear Sondel, Wikel en Aldemardum en no wie in skuorre op Nij Amerika yn Nijemardum it slachtoffer. De plysje jout hege prioriteit oan it finen fan de mooglike dieder(s). De brânwar fan Balk koe neat mear rêde en de skuorre gie folslein yn flammen op.

It bedriuw fan slachter Obe en Marijke Veldman yn Balk mei op ‘e nij de titel Keurslager dragen. Dizze titel wurdt net earder tawiisd neidat oan in soad strange easken foldien is. In lokwinsk fansels. Wy hoopje dat Marijke Veldman troch dizze bekroaning - nei in lang skoft fan siik wêzen – wer gau meihelpe kin yn de slagerij.

De RABO bank hat dizze wike in nije jildstoartautomaat yn gebrûk nommen. It bankpersoniel hoecht self neat mear oan te dwaan, alles giet automatysk. Yn it kranteberjocht stiet dat elkenien lâns komme kin. Mar jo moatte fansels wol self jild meinimme om stoarten te kinnen.

Jo moatte de kommende tiid es goed nei in ko hearre. Deskundigen hawwe dizze wike witten litten dat kei yn dialekt prate. Soargje dus foar in feedokter mei in talenknobbel. In Fryske stamboekko sil tenei dus earst ek goed Frysk prate moatte om yn it Frysk stamboekras talitten te wurden.

Freed 1 septimber 2006 wurdt yn Sporthal De Trime fan Balk in sportynfomiddei organisearre foar minsken mei in beheining en foar âlderen mei in handikap. Fan 13.30 oant 16.30 oere kin elkenien yn de kunde komme mei ferskate saken. Sjoelklup Balk lit de mooglikheden sjen lykas it âlderenkoar Sjongnocht. Fytshoekje Aldemardum komt mei in âldereinbus en docht skootmobyldemonstraasjes. Fierder binne der diskes mei ynformaasje fan Delphion en MEE, Nederlandse Hartstichting, CVA feriening en de Stichting Mantelzorg Gaasterlân-Sleat. Dus in middei mei allerhande ferdividaasje dy’t mooglik makke wurde koe troch meardere ûnmisbere sponsors út dizze gemeente.

Koart ferskaat zaterdag 19 augustus 2006

By 12.500 húshâldens yn de Súdwesthoeke is dizze wike it programma 2006-2007 fan ’t Nut-Gaasterlân-Sleat troch de brievebus gliden. Mei 18 profesjonele aktiviteiten kin it net oars dan dat it wer in geweldich teaterjier wurd yn De Treemter fan Balk. Wat binne wy hjir yn Gaasterlân-Sleat mar befoarrjochte mei sa’n aktyf NUT bestjoer. Jo moatte gau de antwurdkaart opstjoere want der is gjin romte beskikber foar alle 12.500 húshâldens tagelyk. Dy’t earst yn ‘e roef komt hat kâns fan plak. Ek de hús-oan-húskrant foar de Balkster feestwike is by elkenien op de doarmatte fallen. Fan woansdei 30 augustus oant en mei snein 3 septimber is it wille meitsje mei elkoar en sosjale kontakten opdwaan sadat elkenien de tsjustere hjerst- en winterperioade der ienriedich wer tsjinoan kin. De namme fan Gaasterlân-Sleat kin gjin agresjegefallen mear ferneare.

Wy hiene tocht dat nei it slimme agresjefoarfal tusken in Balkster en in Aldemardumer fan in pear wiken ferlyn, it no wol dien wêze soe. Mar nee, dizze wike hawwe twa jongelju fan 24 en 21 jier in taksysjauffeur yn Balk yn de Dûbelstrjitte bedrige en de antenne fernield fan de taksi. It die bliken dat de 21 jierrige yn it besit wie fan speed. De dieders binne opsluten.

De 250.000 Euro kostjende restauraasje fan it 300 jier âlde moarmeren siergrêf Menno van Coehoorn yn Wikel kin oangean. It lêste bytsje jild moat noch wol komme mar alle stipefersiken oan stiftingen en fûnsen binne noch net beändere. As alles mei sit dan is foar de simmer fan 2007 it monumint fan de definsjestrateech yn de Vaste Burchtkerk fan Wikel wer spik en span.  Der kin no begûn wurde mei it sparjen foar de folgjende restauraasje oer 300 jier.

Talma Hiem yn Balk giet ek renovearen en dan benammen it gedielte dêr’t jo de haadyngong ynkomme. Dat bestiet út de kofjeromten, restaurant en gearkomsteromten. De ferbouwing giet warskynlyk maart 2007 los. De bewenners en besikers sillen harren efkes oanpasje moatte. Besjoen wurde moat op it stimburo fan de provinsjale ferkiezings op 7 maart 2007 ek nei in oare lokaasje moat.

De strideraasje foar in nije aula yn Balk liket oer te wêzen. Talma Hiem nimt tagelyk de bou dêrfan yn de renovaasjeplannen mei.

ÂldBakhúster Anne Bult wennet yn Koudum. Hy waard yn goeie sûnens 100 jier. Bult, fan herte lokwinske en wy hoopje allegearre jo foarbyld te folgjen.

Ridende winkelman Peter Boschma út Sondel kin troch sykte op moandei 21 augustus noch net begjinne. Hy hopet fan moandei 28 augustus ôf wer attent by jo oan hús te kommen.

De gemeentlike foaroanminsken fan Gaasterlân-Sleat hawwe in besite brocht oan de Poalske gemeente Krzemienevo. Lange tiid seach it der nei út dat de al 15 jier besteande útwikseling tusken beide gemeenten beëinige wurde soe. De kontakten sille no op in breed terrein oanpakt wurde. Der wurde allerhande saken opneamd mar noch hieltyd wurdt de sport noch net neamd. Útsein in sealfuotbalwedstrydsje hat der noch nea gjin organisatoarysk sportbarren west. Sport is no krekt it semint fan de maatskippij. Is it net in bekende siswize:,, Geef het volk brood en spelen en zij zullen gelukkig zijn?”. As de Stichting Partnerskip ynwennersstipe hawwe wol dan kin dat net sûnder de sport wêryn alle befolkingsstreamen opnommen sitte. De Poalen kin kuorbal oanleard wurde en dammers, skakers, bridgers, fiskklups, fuotballers, follyballers kinne bgl. ûnderfinings en sosjale kontakten opdwaan.

Yn Sleat lûkt de sport wol de oandacht. Trije Sleattemers hawwe provinsjaal, nasjonaal en ynternasjonaal fan harren hearre litte. Hans Lolkema wie de bêste yn de Higland Games op Skiermuontseach foar 1300 besikers. Skûtsjeskipper Walter de Vries wie mei syn bemanning net út de provinsjale media fuort te brânen troch de IFKS wedstryd te winnen by Heech. Sven en Zeno Folkertsma namen diel oan it WK midgetgolf. Sven waard 55ste en Zeno 39e. Anneke Schrichte fan Bakhuzen behelle sukses foar Gaasterlân-Sleat troch reservekampioene te wurden by de Fryske dressuerwedstriden yn de M2 klasse met har hynder Olaf.

Boargemaster en wethâlders hawwe in fersyk wegere foar de festiging fan in minycamping oan de famylje Marten Van der Goot oan de Jacobus Boomsmastrjitte 62 yn Sondel.

It kolleezje hat it beswierskrift fan de famylje Postma oan de Murnserdyk 7 yn Murns net-ûntfanklik ferklearre. De famylje wie it net iens mei it wegeringsbeslút om in kamping by harren hús te begjinnen.

Tún by de Wyldernis bestiet 5 jier. Sneon 19 en snein 20 augustus is der tusken 10.00 en 17.00 oere in noflike merke yn de Tún by de Bremer Wyldernis. Der binnen oanbiedingen fan brokante, klean, keunst, keramiek, túnboeketten ensfh.

It fuotbalseizoen begjint dit wykein wer. Der stean ynteressante bekerwedstriden op it programma. De twadde bekerronde is tiisdei 22 augustus en de lêste ronde sneon 26 augustus. Allinne de winner út de poule komt yn de earste bekerronde.

Koart ferskaat kin ôfsluten wurde mei posityf nijs. Boargemaster en wethâlders sitte sa te lêzen wer wat rommer yn it jild. It wie de lêste tiid almar skrasse en ynleverjen fan ienmalige en strukturele subsydzjes. Yn de BenW gearkomste fan 1 augustus 2006 is besluten in bydrage te jaan fan € 1000,00 foar it pilotprojekt Simmerbus 2006. It wurd pilot stiet foar: Ferkennend, baanbrekkend ûndersyk. De rekreaasje hat dus de wei foar oaren iepenbrutsen om wer jildelike stipe te krijen. Melle van der Goot út Rûgehuzen moat der no mar gau by wêze foar syn ZWH autobus museumplannen.

Koart ferskaat zaterdag 12 augustus 2006

Wij kinne der net om hinne dat der ek yn Balk min nijs te melden is. Peter de Graaf leit no yn Grins yn it Akademysk Sikehûs. It liket in bytsje better mei him te gean. Feestfiere en dan mekoar it sikehûs ynskoppe, dat is tôch ûnfoarstelber, mar it bart hjir flak bij ús.

It is hjoed oogstfeest yn Aldemardum, mar hoopje dat dat oan de ein ta in echt feest bliuwt. Mar de berichten oer kermislju dy’t bedrige waarden fan ‘e wike, docht je wer bang wurden foar it slimste.

It Racism Beat Festval is hjoed yn Balk. Der binne optredens fan ferskillende dûns en muzykgroepen. De suksefolle groepen fan de sportskoalle Universal Gym binne der fansels ek by. It jûn programma  is yn It Haske. It kostet neat om dit feest bij te wenjen jen. Dit is in feest mei de bedoeling de tsjinstellingen te oerwinnen en waardering foar mekoar te hawwen.

Der komt in nije winkel by oan de van Swinderenstrjitte. Cocoon is in namme dy’t der al earder wie, die komt no werom. Moaie klean en skoan en ek assesoires foar it hûs sille der te keap wêze. Cocoon giet iepen op 17 augustus.

Der is in oplieding foar hierknippen foar amateurs yn Balk. Piekoobello is de namme fan de oplieding. Der is in kursus foar begjinners en foar minsken dy’t al wat erfaring ha. Wolle jo der mear fan witte, dan efkes skilje mei de dosint op nummer 0527 690749.

Op camping de Wite Burch yn Bakhúzen is in Sing-in op sneintejûn 13 augustus. It begjint om healwei achten.

It Nut hat it programma foar de kommende moannen wer klear. Der is wer in ferskaat oan foarstellingen. Op 2 septimber kinne alle ynljochtingen ynwûn wurde bij de bakfyts op de van Swinderenstrjitte. Jo kinne fansels ek al efkes sjen op www.nut-gaasterlan-sleat.nl

Kuierje troch de Elfbergen dat kin op woansdei 16 augustus. Jo geane dan op paad mei de boskwachter nei allegear  moaie plakjes. Opjaan bij Mar en Klif 0514 571777 . De kuier begjint om 2 oere en duorret ek 2oeren.

De SKS silerij is wer efter de rêch en dat levere wer moaie televyzje bylden op. Klaas Jansma die ferslach en dat is de garânsje foar in spannend ferrin fan elke wedstriid. Dit jier waard Hearefean de kampioen.

Jo kinne sels ek televyzje meitsje. Omrop Fryslân siket kandidaten dy’t meidwaan wolle oan it Programma Fideo Folk. As jo in aardich ûnderwurp ha en der in fideo oer meitsje kinne, dan krije jo der foar de kans . It mei in opname fan 2 minuten wurde OmropFryslân kiest út, soarget foar de spullen en de begelieding. As jo der mear oer witte wolle, dan efkes skilje mei Engelien Bouma of Sjoerd IJbema op 058 299 7799.


It Jopie Huisman Museum moat de bakens fersette. De belestingtsjinst hat yn ‘e gaten krigen dat der wat te heljen is. Der wie net op rekkene troch de lieding. No moat de direkteurkonservator Baukje Skeppink it fjild romje. De formule fan allinnich mar wurk fan Jopie útstalle  hat syn tiid ek hân. De sille no ek wiksel útstallingen komme.

De Sosjale Fersekeringsbank,dat is de ynstânsje dy’t de AOW útkeart, leaut net alle oanfregers samar. Kontroleurs komme soms oan de doar om te sjen of  in allinnichsteande wol allinnich wennet. De ANBO berjochtet dat de minsken der gjin nocht oan ha. Se fiele har oerfallen troch sokke kontroleurs. Der binne yn ús lân wol 1.036768 allinnichsteanden. Der wurde per jier  rom 2000  minsken betrape op fraude. De Ambo freget om in  oare wize fan kontrolearen as dizze oerfalmetoade.

Calvé, jo witte wol die fan de apenútsjetsiis, siket nei it grutste gesin yn Fryslân. Dit gesin mei de sjuery wêze fan de Aardappelbakbattle. Yn in supermerk earne yn Fryslân sille  ierpels bakt en dan mei it grutste gesin sizze wa’t de lekkerste bakt hat. As jo lid fan in grut gesin binne en hjir foar fiele dan kinne je ynljochtingen krije bij Edzard Bentinck of Melanie Bosveld op  06 2474 6698.

Koart ferskaat zaterdag 5 augustus 2006

De Simmerbus rydt troch de Súdwesthoeke lâns moaie plakjes. Ek foar bewenners fan dizze streken in aardich útsje yn in bysûndere bus. Sjoch maris efkes op www.simmerbus.nl 

Jo kinne yn dizze wiken ek goedkeap mei de bus . Foar 1 Euro kinne jo in reiske meitsje.

oerstappe kin net, dan kost it wer in Euro. De Arriva hâld de gunst yn Grins en Drinte noch foar in jier. By ús sil Connexion it oernimme. 

Hjoed drave de hynders wer op Kippenburg, jo kinne der oan seis oere terjochte. Mei in moai wurd is it in Concours Hippique en der wurde nasjonale kampioenskippen ferriden. 

De Balkster bradery middeis is noch net sa’n slim sukses. It waar wurke net echt mei, earst slim hiet en dernei tefolle reinwetter. 

Der is in brântsje stoker oan it wurk yn  ús omjouwing. Dat makket minsken tige ûnrêstich. Wa’t wat heart of sjocht moat it foaral gau melde by de plysjes. 

De Grutte Kuier komt der oan. Op  8 augustus kinne jo wer meidwaan oan de 10 kilometer lang tocht troch de bosken fan Gaasterlân. Starte om 14.00 oere bij Mar en Klif. 

Wethâlder Zoodsma is yn Snits bij Sneek Promotion opfolge troch de hear Rudolf Dijkstra; 9 augustus is it hurdsyldei yn Snits, de nasjonalefeestdei foar Snits. Jo kinne dan net yn in winkel terjochte. 

D66 ferliest dizze wike wol twa kopstikken. Lousewies v.d. Laan en Boris Dietrich. It like mei dizze partij te gean fan opgaan – blinken en verzinken. 

De tsjinstellingen binne grut. Yn ús kontreien is it ien en al blide fakânsje fierders en yn Libanon moatte minsken flechtsje foar har libben. 

De ferneamde Nederlânske kardinaal Willebrands is fan wike ferstoarn. Foar sa roomsen as protestanten wie it in ynspirearjende man. Hij wurd oankommende tiisdei begroeven. 

It giet net goed mei it frysk as gezinstaal, dat hat in Nijmeegse ûndersiker feststelt. Hij tinkt dat der oer 20 jier gjin Frysk pratende bern mear oer binne. Der kin wat oan diend wurd troch de Fryskpratende heiten en memmen en pakes en beppes. Praat mar Frysk,dat moatte wy faker sizze.