koart ferskaat 30 september 2006

It koar “Reaching hand” hat nije wike in sylkamp yn Ealahuzen.

Se ha frege oan de parochy yn Balk om op de sneontejûn te sjongen yn de earetsjinst. Dat giet oan . It koar fersoarget de hiele viering.
Elts is derby wolkom. It begjint om healwei achten. Nije wike sneon dus.

As jo yn Gaasterlân Sleat in hûs bouwe wolle, dan binne je der net sa djoer út wat de bouwleges betreft Hjir moat je bij in ridlik hûs sa’n €2000 betelje.
Gemiddeld binne je yn oare gemeenten twa kear safolle kwyt.

Der is in aardige gearwurking tusken de Protestantske Gemeenten fan Boksum, Blessum en Deinum en de Âld Katolike Tsjerke yn Fryslân.
De Protestanten stelle har tsjerke op 4 sneinen iepen foar de Âld Katoliken en hâlde dan mei elkoar in tsjinst. De earste tsjinst is op 29 oktober o.a yn Boksum.

Yn Staveren krije se in eigen dropke. Fan é middei om 12 oere hat boargemaster. Boekhoven in Staversk stoofparke oanbean krigen fan de dropmakker. It dropke soe echt nei stoofparkes smeitsje, Ik wol dat al ris priuwe...

Bij Warkum wurd de ferkearssituaasje oanpakt, der komt in rotonde op de ôfslach nei de stêd en it Yndustryterrein /NS Station Dat sil in ferbettering opleverje tinkt mij.
De Provinsje hat der 1 miljoen Euro foar op it kleed lein.

Oktober is yn 2006 foar de fjirde kear” borstkankermaand”. Dat hâld yn dat der op ferskate wize oandacht jûn wurd oan dizze sykte
Yn ús lân oerfalt dizze sykte ien op de 9 frouwen, mar ek in tal mannen krijt borstkanker. Foarljochting oer it opspoaren fan de sykte en de behanneling kinne jo fine op www.pinkribbon.nl en www.borstkanker.nl. Yn it ramt fan de oandacht foar dizze sykte,wurd de moarn 1 oktober yn it Antonius Sikehûs in eksposysje iepene ,wer’t frouwen dy’t dizze foarm fan kanker han ha, kreative wurkstikken tentoanstelle. Je kinne de hiele moanne oktober de eksposysje besykje.

By Tryater giet in nij stik yn premiêre op 6 oktober, en al op 10 oktober is dat yn Balk te sjen yn de Treemter. It krige de titel” Lette Ropping”. Ik fal ek ûnder de kategory lette roppingen mar it giet net oer mij . It giet oer in koster, syn frou en in nije dominy. Foar kaarten kinne je belje nei 0514 602291

Dorcas in in kristelike organisaasje dy’t oandacht hat foar de minske yn need. Yn de wike fan 29 oktober – 5 novimber wurd in aksje hâlden wêrby pakketten mei iten , ynsammele wurde. Bij de aksje wurkje in Supermakrt en ik aksje komite tegearre op. Ynze de Boer is de koördinator en siket frijwilligers om him te helpen by dit goede wurk. Hy wennet op Sportfjild 3 yn Balk

Witte jo wol wat in OV fyts is. No dat binne fytsen dy steane bij stations yn in kluisen die kin je hiere. As je in boaskipke yn de stêd ha ,dan nimme je efkes de OV fyts Yn Snits kinne de OV fyts ek hiere

Op 7 en 8 novimber komt der in Jongeskoar út Kiev nei Balk Al foar de 10e kear is it koar mei in hast net út tesprekken namme op toernee. It selskip fan 50 minsken wurd bij gastgezinnen ûnderbrocht. De wurdt noch socht nei gastgezinnen, As jo je H6us foar dizze jonges mei har begelieders iepen sette wolle, dan hearre wij dat graach . Lit it efkes hearre op nummer 0514 601021. 

Ritmyk, it sintrum foar keunsten giet gewoan fierder. Foar ballet stiet de opjefte, mar ek foar jazz dûsnke foar bern en folwoeksenen. Belje nei 0515 577079

De Klaverjadsclub Nei’t sin begjint ek wer op tongersdei tejûn bij Teernstra

De Agri groep is de nije haadsponsor fan de fuotballers yn Balk. Sponserje as leafhabberij .dat is in moaie saak . De hearen sposoren genietsje der foarl fan. Jo sille der wol mear fan hearre as straks de s;port de oandacht krige yn Gaastnijs

De Trekharmonika bespylje dat liket jo wol wat. No dan kinne jo terjochte op de Trekharmonicaclub Sneek Der is in Info jûn op 30 oktober en Pien Groenwegen kin je der alles oer fertelle Jo fine har op nummer 0514 603152.

Klankryk: Pauli Yap

In de uitzending van Klankryk, een programma van Radio Gasterlân, is op zondag 24 september dirigente en musicienne Pauli Yap de gast. Yap leidt koren in Bolsward en Heerenveen, maar ook het Warnser Bach Ensemble. Ze vormt met Fin Möricke bovendien het duo Pegasus. Presentator Hans van Beusichem praat met Yap over verschillende zaken. De nadruk ligt echter op de muziekkeuze van de musicus.
Klankryk wordt maandelijks uitgezonden. Aanstaande zondag de aflevering met Pauli Yap, vanaf 12.00 uur. De komende maanden zijn ook andere dirigenten te gast. Radio Gasterlân is te ontvangen op 107.8 (FM, ether) en 104.1 (kabel).

Koart ferskaat zaterdag 16 september 2006

Jehannes Kramer is in stânfries, mar hij is ek Gaasterlanner. Hij sil dit jier sprekke op de betinking fan de Slach by Warns. Hy sil it ha oer ‘Fierder mei Fryslân’. Der sil ek in nije ynterfryske flagge presintearre wurde. Der komme ek Hollanders. It buurttoneel Muiderpoort út Amsterdam sil de betinking opfleurje mei it stik: ‘Geef die botten terug, Wiarda!’. Dit sil allegear heve op sneon 23 septimber o.s.

Der komt in scootmobiel training op 26 oktober. It Ouderenplatvorm Gaasterlân–Sleat. Welzorg, de Stichting Verkeerseducatie en de Gemeente Gaasterlân–Sleat stean der efter. Opjaan foar 6 oktober bij de heer Slootjes op it gemeentehûs of de bon yn de Balkster ynfolle. 

Op 29 septimber moatte jo net om in rydbewiis nei it gemeente gean! Op die dei wurdt de apparatuer ynstelt foar in nij soart rydbewiis. Op 2 oktober kin it wer. As der dan mar gjin bernesykten him foardogge. As jo in nij paspoart of in identiteitskaart oanfreegje, krije jo in formulier foar it wurden fan donor foar orgaantransplantatie. Der wurdt op dizze wize prebearre mear donors te werven. 

Yn de kommende wiken sil der troch de gemeentemannen yn de beammen omreage wurde oan de Jelle Meinseleane, de Wikelelerdyk, de Jachtlustwei, de Wyldemerkwei, de Leise Leane, de Marderleane en de Jan Schotanuswei. Jo sille dan miskien wolris efkes wachtsje moatte. No dat is dan net oars. 

As jo mei de auto nei Ljouwert wolle is it ferstandich ris efkes te sjen wêr’t jo lâns sille. Tusken Ljouwert en Wirdum wurdt oan de dyk wurke. Oer Hearrefean dan ha jo nergens lest fan.

De fytsers foar ûnderwys binne al in hyl ein op wei troch Spanje. Jo kinne de wederwaardichheden lêze op de Website www.fietsenvooronderwijs.nl . Sok fytsen twingt respekt ôf.

It Koperwiek Piratefestival komt der ek oan. It sil heve op 28 oktober. Leafhawwers moatte it mar fest op é kalinder sette. 

Yn Talma Hiem binne jo goed teplak foar in goede fersoarging. Der is ûndersyk nij diend ûnder de bewenners. Foar “wenjen” krige Talma Hiem in 8 en alle oare punten die skommelen ek tusken de 7 en de acht. Oer de fersoarging fan de eigen keamer binne de bewenners krekt in bytsje minder tefreden.

“Lopen in het landschap” der ta noeget It Fryske Gea jo út op 24 septimber. Der sil kuiere wurde yn de Alde Feanen en yn it Riisterbosk. Der is fan alles te sjen te belibjen. Jo hoege jo net fan te foaren oan te melden. Yn Gaasterlân moatte jo begjinne bij it Bedriuwsgebou fan it Fryske Gea, Murnserleane 1 yn Riis en yn de Alde Feanen bij it ynformaasjesintrum de Reidplom yn Earnewâld. It begjint op beide plakken om 10.00 oere. Jo wolle mear witte dan nei www.itfryskegea.nl 

et Patiënten Consumenten Platform Fryslân krijt in nije namme, it wurdt : Zorgbelang Fryslân. Yn Zorgbelanf Fryslân wurke in soad ynstânsjes gear. As jo mear witte wolle,dan kinne jo die ynformaasje fine op www.zorgbelang-fryslan.nl 

‘Je ziet meer met 30’ dat is in ferkearsaksje. It hat dúdlik bliken dien dat minder hurd ride yn de beboude kom en yn wenwiken de situaasje aardich feiliger makket. Wy moatte it ús eigen meitsje – tuike tuike yn de bebouwde kom, it giet om minskelibbens.

Jochem de Ruiter

De komende drie afleveringen van het historische programma De Gouddoller op Radio Gasterlân, zullen in het teken staan van Jochem de Ruiter. De Ruiter begon in 1925 als hoofdonderwijzer aan de Christelijke lagere school in Oudemirdum. Daarna was hij vanaf de oprichting in 1930 tot 1946 directeur van de Lagere Landbouwschool in Balk. In 1946 werd De Ruiter lid van de Tweede Kamer. Naar hem werd een straat vernoemd in Balk. Radio Gasterlân zal in drie uitzendingen, de eerste op zaterdag 16 september, de tweede op 21 oktober en de laatste aflevering op 18 november, vanaf 13.00 uur een programma verzorgen over het leven van Jochem de Ruiter. In deze uitzendingen komen onder andere dochter Adrienne de Ruiter en de Balksters Lubbert Dooper, Berend Falkena, Jouke Tuinier en Douwe de Vries aan het woord. De Gouddoller is iedere derde zaterdag van de maand te beluisteren op Radio Gasterlân, te ontvangen via de frequenties 107,8 FM (ether) en 104,1 FM (kabel).

Koart ferskaat zaterdag 9 september 2006

Op de slús yn it Prinses Margriet Kanaal yn Lemmer is in gedicht oanbrocht. It is ien fan de Keunstwurken dy’t lâns de farwei fan Lemmer oan Delfzyl pleatst wurde sille. Jo ha der miskien al in stikje fan sjoend. It gedicht is makke troch George Moorman en it is yn in bysûnder lettertype útfiert. De titel is : De zondvloed is nakende, en it giet sa.

daarachter daarachter

alle sluizen en de drijfgassen van europa

daarboven daarboven
alles tussen mensen en goden
 
hiervoor hiervoor
alles tussen wetenschap en techniek
 
landinwaarts landinwaarts
bijna te warm om te zwemmen
 
naar zee naar zee
verdrinken de koeien en verzuipt het riet
 
in sluizen  in sluizen
vragen we ons af of het water toen hoger kwam
 
of de geschiedenis zich zal herhalen
of europa ook nu geschaakt wordt door een stier
 
of wij die achterblijven worden gered
of als stomkoppen  verdiend kopje onder gaan

Noch mar ris goed oer neitinke.

Wat ha wy in moai feest han yn Balk. De kommisje bedankt in soad minsken yn in advertinsje yn de Balkster. Wij bedanke hjir de kommisje fan Anne Risselada mei al die oare hurde wurkers. Bravo minsken en it moaiste is dat it sûnder wanklanken gong. Ik kin dus wol , it moat gewoan!

Der wurdt te folle hekkele seit Lânskipsbehear Fryslân. As der wat omsichtiger hekkele wurde soe.soe der  mear krabbescheer oerbliuwe en dat is foer foar  de Groene Glazenmaker, dat is in libelle. De Swarte Stern, de Purperrieger en Roerdomp soene der ek wol bij farre. Op www.hynstebiter.nl kinne jo der mear oer te witten komme.

Op 27 septimber gean de skoalbern op paad  om  kinderpostzegels en soks mear oan de man te bringen. 6000 basisskoallen dogge der oan mei mei 250. 000 bern. Ferline jier waard der yn Fryslân foar € 488.000 ferkocht. Dat moat dit jier ek wol te heljen wêze. It tema is dit jier: Veilig verder. Dat hat te krijen mei goede soarch foar de bern hjir en yn oare lânen.

De Fryske Pealsitkampioenskippen komme der oan. Se wurde fer-sitten op 29 septimber yn Warns. De Nacht fan Warns wurdt dan ek hâlden, dat is in nacht feest mei muzyk mei de Partyband  “Tof ”.

De provinsje jout stipe oan it projekt ‘ynterfryske taalassistent”. By dit projekt  sil in noordfryskpratende studinte yn Fryslân foarljochting jaan oan jonge Friezen oer Noard Fryslân. Der foar wurde lessen jûnd oan de NHL dy’t handelje de Noard Fryske taal en kultuer. Witte jo der wol wat fan ôf, ik net!

It wetterskip Fryslân levert goed wurk ôf bij de wettersuvering. Der is 82 miljoen kúb, dat is in alderferskuorrendst grut oantal liters, skjin makke 85 % fan  it stikstof en fosfaat waard út it wetter ferwidere.

Fryske fiersichten – der giet it oer yn it grutte takomstdebat dat yn de kommende trije moanne hâlden wurd. De Provinsje freget Friezen hjir en de Friezen om utens om projekten en ideeën oan te dragen. De komme byienkomsten mar jo kinne ek terjochte op www.fryskefiersichten.nl . Mar ris efkes opsykje op jo computer.

De Provinsje hat noch al wat jild te ferstriken yn it kommende jier  ntl  € 338.000. It jild wurd oer 10 tema’s ferdield. Op www.fryslan.nl/begroting kinne jo de sifers fine.

It Fryske Marren Projekt is no healwei. De Middelsee-rûte is klear en de Lits–Lauwersrûte op in bytsje nei. Healwei moat der no praat wurde oer : Giet it goed en hoe geane wy fierder. It sympoasium dat woansdei 13 septimber hâlden wurd hat de titel: De koers onder de loep. It fynt pleats yn Earnewâlde en begjint om kertier oer tsienen de moarns. Jo binne der hertlik wolkom. Op www.friesemeren.nl kinne jo alles deroer  fine of oars efkes belje mei AnneMariek Voortman 0513-640017.

De Glazenstadloop Berlikum is der ek noch op 16 septimber. It is in prestatieloop mei ferskillende ôfstannen foar ferskillende leeftiden. Ynformaasje op tillefoan nûmer  0518-462083

Hjoed en moarn is it iepen monumintendei. Wer’t de flaggen wapperje der kinne jo telâne. Op snein dogge der net safolle monuminten mei yn ús kontreien. Yn it Breahûs komme ferskate organisten want it is ek Fryske Oargeldei en ek noch  Fryske Mole dei en dat allegear op in dei mei moai waar, dat is treffen!

As jo noch gading oan in folkstún meitsje dan moatte jo je ferstean met Bart Menger, skriftelik moat dat, hij wennet Bogermanstraat 4, 8561 GL  Balk. 

Wy lokwinskje de Speel-O- theek mei har 20 jierig bestean. 

De EHBO begjint wer mei in kursus, it is op moandei. Egge de Jong en Bram van Dijk fertelle jo der graach mear oer op tel 602172 of 602004