Koart ferskaat zaterdag 28 oktober 2006
In fancy fair –bazaar – kledingbeurs die wurdt der nije wike sneon yn de Paadwizer hâlden fan moarn 9 oant de middeis 14.00 oere. It sil krekt in winkel dan Sinkel wêze, wêr’t alles te keap is, sels merk klean. Nije wike sneon dus.
It Net seure mar sjonge koar út Warns ,sjongt ûnder lieding fan Bob Bekkema fleurige lieten, op sneintemiddei de 29ste oktober yn de Spylder. Herman Beks spilet as ôfwikseling walsen fan Antonin Dvorak. It begjint om healwei fjouweren en it is fergees.
Omrop Fryslân TV hat in nij televyzje programma en dat hjit: Lekker ite mei Reitse by bekende Friezen oer de flier. De top kok Reitse Spanninga út de Jouwer giet achter it fornús stean en dan bart der in hiele soad. Jammer dat je der allinnich mar nei sjen kinne, priuwe fan lekker iten is better as der nei te sjen. De earste fan 8 programma’s is op tiisdei 31 oktober o.s.
Nije wike snein is der yn Westhim de Klaine Kerktocht; dat wurdt in Biltske oangelegenheid yn de Greidhoeke. De Redbound Boogie Bent treedt op yn it tsjerkje fan Westhim de miedeis om 3 oere. As jo dat wat liket kin jo plakken reservearje via it e-mail adres grientegewaaks dy’t noch yn de provinsje groeie. Se bringe se byelkoar yn de demonstraasjetún. Dat kinne jo allegear sjen op de Fryske televyzje. Op 5 novimber, nije wike snein dus. Sokke programma’s kin je letter ek altyd wol opsykje op de computer www.uitzendinggemist.nl der kin jo in hyl soad fine.
De dei fan de Mantelsoarch die is ek yn oantocht. Dit jier is it tema: Mantelsoarch is fan alle leeftiden. Jo kinne der alles oer te witten komme op www.cozorg.nl
It giet dizze wike ek wer fierder mei de Fryske fiersichten. Dat is neitinke oer de takomst fan Fryslân. Op 31 oktober organisearret de Provinsje te twadde publyksbyienkomst yn Post Plaza yn Ljouwert. Jo kinne der jo ideeën oer de takomst kwyt , Alles “wat net te besopen is”, hearde ik immen sizze , sil nei lústere wurde. De website www.fryskefiersichten.nl der kinne jo ek jo gedachten kwyt.
Wy moatte oer in wike of wat nei de stimbus. Der binne no al twa mooglikheden om te testen of jo gedachten oerienkomme mei jo stimgedrach.
It boek 'De Oerpolder' fan Hylke Speerstra wie de absolute topper by de Sutelaskje dit jier. Der is foar € 209.000 oan boeken ferkocht.
Sneon 4 novimber is de voedselactie fan Dorcas yn Balk. Ynze de Boer kin noch wol helpers brûke. Syn tillefoannummer is 571655.
Yn de wike fan de bôle wurde der troch de bakkers nije soarten bolle presintearre. Skûtsjebolle, Kuierbôlle en Boerebôlle. Jo moatte se maris prebearje soe ik sizze.
Fan é middei (snoen 29 oktober) kinne jo noch nei de Najaarsmarkt yn Talmahiem. Der is fan alles te keap en te dwaan en de opbringst is foar de ‘Aktiviteitenkommisje’.
Wy gean wer oer nei de wintertiid. Hoe moat it ek al wer? Jawis de klok moat in oere werom.
Koart ferskaat zaterdag 21 oktober 2006
Der is in aardige priisfraach útskreaund troch Landschapsbeheer Friesland. Jo moatte in aardich kuierroute opstelle fan ûngefear 1 oere lang, de ôfstân moat lizze tusken de 3 en 5 kilometer . As jo rûntsje as de bêste útkeazen wurd dan krije jo der € 10.000 foar. De moaiste kuierrûte fan Nederlân wurdt mei € 30.000 beleanne. It formulier om diel te nimmen kinne jo ophelje (downloadde) op
www.landschapsbeheerfriesland.nl
It is hjerstfakânsje yn de kommende wike en dan kinne jo wer goedkeap mei de bus
Elke rit kost net mear as in € 1.00. Nei in oerstap matte jo wer ta de beurs. Fan Ljouwert nei Starum mei de trein, dan kin foar €3.50 en in retoerke foar € 5.00. Soks is tôch aardich fan Arriva ! Jo moatte wol nei 9 oere opstappe en yn it wike jildt it de hiele dei.
Der is in Friesland Holland Police Sailing Team, dat is in ploech polysjeminsken dy’t sa goed sile kin dat se útkomme yn ynternasjonale wedstriden. Op 20 oktober is de ploech ôfsetten nei Phuket yn Thailân. Se dogge mei oan de wedstriid dy’t organisearre wurdt troch de Hong Kong Police Council. De helt fan it team silers komt út Fryslân
As jo ynteressearre binne yn skiednis dan moatte jo op 8 novimber nei Ljouwert. Dr Marijke Bruggen hâld yn it Stadhouderlijk Hof in lêzing oer: ‘Nassau en de macht van Oranje’. It is fergees en de jûn begjint om 20.15 oere Ynformaasje op
www.nassau-en-friesland.nl
De gearwurking tusken de gemeenten giet hyltiid in stap fierder, De leanadministraasje fan Gaasterlân–Sleat wurdt straks útfiert troch de gemeente Snits.
De twa needlokalen binne pleatst bij de Bolster, nei de fakânsje kinne se yn gebrûk nommen. Dizze lokalen binne in tydlike oplossing foar it romte tekoart. In nije skoalle is fansels de echte oplossing.
Sinteklaas komt op 25 novimber yn Balk. Syn komst wurdt al taret.
Earst komt der noch jongenskoar út de Oekraïne nei Balk, dat is op tiisdei 7 novimber. De jonges sjonge yn It Breahûs op 8 novimber, mar se geane ek nei de CSG en Talmahiem en se sille ek fuotbalje op de Wylgen. Se sliepe by gastgezinnen.
Kommende wike is de Gaasterlandshow der ek wer. Fanôf tongersdei stean de doarren wer iepen. De bern kinne op freed mei harren bist nei de Trime
De âldste ynwenner fan Gaasterlân – Sleat is ferstoarn, it wie Sjirk Bangma. Hij waard 102 jier âld.
De griep prik komt wat letter, dit jier. It anty–griep spul is noch foldwaande yn foarrie. Noch efkes geduld, mar it is ek noch sol moai waar.
Se sieten der och sa moai by. Marten van Dyk en Abraham en noch wer in Marten en de lytse Bram; 4 geslachten van Dyk. Prachtig !
Nederland leest, dat is in aksje fan de biblioteken. De boargemaster hat yn Balk dizze aksje los-lêzen. Elk lid fan de biblioteek krijt fergees in boek.
De natûrwike is der ek wer. It tema is dizze kear: ; Bisteboel’. Alle dagen kinne jo fan 14.00 oant 17.00.oere terjochte op ferskate lokaasjes. Belje mar efkes mei 5717777 en sjoch yn de Balkster. It begjint op sneintemiddei.
Yn it FEC yn Ljouwert is it ek wer in bisteboel, der wurdt it Indoor Friesland wer hâlden fan 19 – 21 oktober. Der komt de top, seker fan Europa.
Sylskoalle de Ûlepanne waard kampioen fan de sylskoalle yn Nederlân. Der waard sylt yn Langewar. It wie de tredde kear dat de Ûlepanne oan de top stie. Proficiat !
Op sneintejûn is der in sjongtsjinst yn de Paadwizer. Albert Zuiderhof spilet en ds Jaap van der Goot is de foargonger. It begjint om kertier oer sânen. It tema is: ‘Takomst’.
Koart ferskaat 14 oktober 2006
Alwer in priis foar Paques. De hear v.d. Brink, in direkteur fan de ING Bank , oerhandige aan de hear Mes, de Care en Profit Prize. Dat wol sizze dat it bedriuw Paques de ûndernimming is dy’t der boppe út stekt as it giet oer Maatskiplik. Ferantwurde Ûndernimmen. Paques is de winner omdat it klanten yn de gelegenheid stelt om ekonomyske foarútgong en ekologyske ferantwurdlikheid te kombinearjen. De priis is in ruwe diamant en in jier lang de ear om je sels te neamen: de beste maatskiplik ferantwurde ûndernimming fan Nederlân.
Johan Groenewoud bringt de histoarje fan de van Swinderenstraat yn kaart. Hij is der al drok mei dwaande en sil it allegear byelkoar bringe yn in boek. Wij moatte der noch wol efkes op wachtsje. Jo kinne al it ien en oar fine op de website fan de hear Groenwoud ut Balk troch: http://home.wandoo.nl-groenewoud/Balk/Balk.html Jo kinne dit ek fine op www.radiogasterlan.nl
Der steane samar efkes 7 fytsen op de eigners te wachtsjen op it polysjeburo. Misse jo jo fyts al in skoftsje, dan “hinne”: soe ik sizze.
De riedsfergadering fan 17 oktober giet net troch! It is mar dat jo it efkes witte en net foar neat op de útstjoering wachtsje. Goliath Games, mens grote spelen, die kinne jo fine yn Eetcafé de Eik. Sokke oankondigen meitsje mij altyd nijsgjirrich. It CDA frouwen berie komt moandeitemiddei byelkoar yn it Gemeentehûs. Se geane nei it Dephionkantoar en it tema is: Wat kan Delphion voor ons betekenen. De kuorballers fan Harich ha in nije sponser - AVK plastics. Se ha in kreas treningspak der bij opdien. Auto Bergsma is foar de kommende jierren de haadsponsor. De A seleksje ha in nije útrissings mei de namme der op. En ho mar hoopje op sportive suksessen. Yn de fuotballerij bekert Balk tsjin de Heereveens Boys op woansdei 18 oktober om 8 oere.
Hylke Speerstra komt nei Mar en Klif op tongersdei 19 oktober. As jo dat bywenje wolle, moatte jo je wol efkes opjaan, belje dan nei 571777.
In Dútske groep bern hie in disco jûn yn in fakânsjesintrum . De lieding betocht dat it wol aardich wêze soe in reek masine te brûken om it wat spannender te meitsjen. Dat gong oan. Op iens stie de Brandweer mei folle útrissings yn de disco. De reek hie foar in brânalarm soarge: Dass war Super, sei in jonkje. Ik tink dat de brânwachten der oars oere tochten. Hjoed, op sneon is der in konsert mei Gaasterlânsk talint Christiaan v.d. Weij en Elske Krijnen yn it Breahûs. It begjint om 8 oere, de tagong is frij mar in kollekte bij de útgong.
Der is tekoart oan stiel bij de bou fan de akwadukten en dertroch raket de bou achter op it skema. Mar der binne mear saken dy’t tsjin sitte, It slaan fan de damwanden levert soms problemen op wêr’t net drekt op rekken wie, No we ha it al in hiel skoft sûnder akwadukten dien, dit sille wij ek wol oerlibje.
De skoalle foar jonges en famkes dy’t noch in twadde kans jûnd wurd om in diploma fan it foarset-ûnderwijs te heljen , sil sa’t it no liket,delstrike op it terein fan de Gersdroegerij . De minsken der om hinne binne der wat troch ferrast,mar de wethâlder is de bliid mei dit berjocht . Der moatte noch in pear goedkeurings komme, foardat alles fêst stiet. De organisaasje fan Aai- pop siket Fryske bands foar it 20e festival op Peaskemoandei. It nije talint wat gading makket oan mei te dwaan, kin him presintearje op 27 jannewaris. Wa’t hjir mear fan witte wol moat belje nei 0515 569 324
Koart ferskaat 7 oktober 2006
De pealsitters en dan foaral de kampioen Douwe Menger setten ús gemeente yn de ôfrûne dagen op de mediale kaart. Douwe is no bekend fan radio en tv.
Yn in oare kategory kaam Gaasterlân ek yn de pers. It bedriuw Paques stiet yn de top 10 fan de “maakindustrie” yn Nederlân. Der is ûndersyk dien nei dizze soart yndustry en der binne 10 “parels” útkommen, Bedriuwen dy’t har fan oaren ûnderskiede troch eigenzinnigheid”. Neffens it ûndersykbedriuw in Nederlânske eigenskip dy’t ferlern driget te gean. Dizze bedriuwen en dus ek Paques, ha neffens it ûndersiik “een financiele horizon van de lange termijn, en nemen als ondernemrs risico’s en accepteren mislukkingen". Paques heart thús yn de rige fan Boon Edam, Joh. Enschedé, de Lely Groep en Royal Huisman Shipyard. In yndustry om grutsk op te wêzen.
Us kollega’s fan de RTN (lokale radio en televsje Nijefurd) Romke Kroondyk lit ús witte dat syn programma op in website stiet. Jo kinne him beharkje op www.de-frisiana.nl
Foar minsken dy't in útkearing ha wurde der gratis kursussen jûn oer ferskate ûnderwerpen, sa as sollisitearjen, hoe begjin ik in eigen bedriuw en hoe kin ik mij sa goed mogelik presentearje
Jo kinne der mear oer te witten komme op www.idplein.nl
It Haske lit witte dat op 14 oktober de groep “Out of Control komt. Dizze band makket Hardcore muzyk It begjint om 10 oere en de entree is € 5.00
Thuiszorg Het Friese Land, Thuiszorg Zuidwest Friesland en Thuiszorg de Friese Wouden gean nouw gearwurkjen mei het Bureau voor Arbeid en Gezondheid. Dizze gearwurking leveret op dat hast provinsje breed programma’s levere wurde kinne dy’t goed binne foar de sûnens fan minsken; leefstijlprogramma’s neame we dat tsjintwurdich. By die programma’s wurde fysioterapeuten diëtisten en konsulinten foar astma, diabetes ens. yn set. As jo der mear fan witte wolle dan kinne jo telâne bij Thuiszorg Zuidwest Friesland. Fansels kinne se bij it Delphion loket yn it Gemeentehûs jo der ek alles oer fertelle.
Dorcas, in organisaasje dy’t foar minsken yn need opkomt, hâldt of freed 3 novimber in ynsamling fan itenswaren . Der bij wurdt gearwurke mei de Supermarkt C1000. Ynze de Boer siket noch frijwilligers dy’t him helpe wolle op die dei. Jo kinne him belje op 571655
Yn Sleat wurdt op 15 oktober in sjongtsjinst hâlden yn de Grutte Tsjerke. Dumny Van Marrum is de foargonger en Douwe Smit spilet op it oargel.
Op 14 oktober is de Landelijke Politiedag foar de 3 Noardelike Provinsjes yn Leek. It doel is it fak fan de plysje ûnder de oandacht fan alle minsken te bringen. Der is fan alles te rêden fan de moarns 10.00 oere oant 16.00 oere. Op nei Leek dus op 14 oktober as jo mear oer it polysjewurk witte wolle.
“Doarpswurk” hâld him dwaande mei de leefberens fan de doarpen yn Fryslân. Der wurde yn de kommende wiken gâns wat byienkomsten foar organisearre. Wolle jo der mear oer witte sjoch dan efkes op www.doarpswurk.nl
It Universitair Medisch Sintrum yn Grins wol graach kontakten lizze mei minsken dy't de sykte Parkinson ha, âlder binne as 60 jier, dy’t muoite ha mei it rinnen en de bewegingen fan eltse dei, mar net fysiotherapeutyske help ha. Foar dizze minsken is in bysûnder projekt As jo der mear fan witte wolle, dan moatte jo je efkes ferstean mei drs B. Dijkstra tel 050 363 2611
It Âlderenkoar Sjongnocht hat nei in festival west, it Noordelik Festval voor Ouderenkoren en Orkesten. Se ha it der tige goed dien. Dat is in prestaasje as je der by betinke dat de heer de Boer op it leste momint ynfalle moast foar de heer Albada. Hulde minsken.
Yn begjin novimber komt der in Jongenskoar út de Oekraine nei Balk. Se sjonge yn it Breahûs mar der moat ek noch ûnderdak komme foar it selskip. As jo foar 2 nachten 2 jongens opnimme wolle. dan hear ik dat graach. Jo kinne belje nei 601021
Op Radio Gasterlân is tenei op sneontemiddei it Sportprogramma fan Nijefurd te hearren fan 3 oant 5 oere. Wy binne bliid mei die gearwurking.