Koart ferskaat zaterdag 25 november 2006
Sinteklaas ik kommende wei fan é middei. En no mar hoopje dat der genôch wetter yn de Luts stiet.
De Wereldwinkel is de tiid aardich foarút, der wie juster en is hjoed oan healwei fifen ta in útstalling fan krystgroepen. It is in tige ynternasjonaal barren en de krystgroepen kinne mei en sûnder it stâltsje kocht wurde.
Yn de Sint Ludgerus parochy wurdt dit wike ein fiert dat de parochy 250 jier bestiet. Snein is der in heechmis mei ferskater foargongers .u.o de âld pastoars Saris en v.d. Wal . Us lokwinsken foar de foargongers en de parochianen.
It Cecilliakoor fan de parochy huldige ek in oantal leden. Se steane moai op it portret yn de Balkster. Douwe Bruinsma spant de kroan. Hij is 6o jier lid fan dit koar. Sjongen ferfeelt seker net.
De ferkiezingen binne efter de rêch. De útslach wie ferrassend. Yn Gaasterlân -Sleat wie de opkomst op plakken merakels heech. Yn Sondel en Ealahuzen kaam mear as 90 % fan de kiezers nei de stimcomputer. De opkomst hie net te lijen ûnder de kedizerij op it gemeentehûs, sa as in waanwiis mantsje fan Omrop Fryslân ferwachte. Dat selde mantsje sei dat it in ”soadsje” is hjir yn Gaasterlân–Sleat. Folgens mij moat sa’n man in gemeenteferbod opleind wurde.
Ek yn Gaasterlân groeide de SP grutter as de VVD. Der wiene krapoan 100 biste freonen dy’t op de Partij voor de dieren stimden . De hear Wilders krige 257 minsken efter him. Sa as fan âlds wie it CDA wer oppermachtich mei rom 2800 stimmen.
De tijden veranderen, meldt Arriva. Fanôf snein 10 desimber giet de nije tsjinstregeling fan de NS yn . Dat levert in oanpassing dan de fertrek tiden fan bussen en trainen op yn Fryslân. Jo kinne de nije tsjinstregeling fan de Arriva fine op www.arriva.nl
De âlderenbonden litte witte dat se har grutte soargen meitsje oer de stânpunten oangeande de soarch bij it CDA. No de ferkiezingsútslach is sa as die is, moatte wy mar ôfwachtsje wat der fan de stânpunten fan it CDA oerein bliuwe sil. Der sil wol wyn bij it wetter moatte, tinkt mij.
Yn Dronten wurdt in bosk oanplante mei ”bomen voor it leven”. Elke beam yn dit bosk fertsjintwurdicht in minske dy’t oan kanker stoarn is. Der binne al 13000 beamen plante . allinnich foar dit jier kamen der al 1700 bij.
Foar jo aginda is it goed te witten dat der op 16, en 17 desimber wer de krystkonserten fan it Krite Koar binne, De Missa brevis fan Jacob de Haan stiet u.o op it programma.
Van donker naar licht , dat is it tema fan de jierlikse adventtsjinst fan de Rie fan tsjerken ,nije wike snein yn de Paadwizer. Concordia spilet yn dizze tsjinst altyd in belangrike rol. De rol fan de frou en Polen wurdt oandacht oan jûnd.
Op snein 3 desimber sjongt it Martini Jongenskoor Sneek yn de Martini Tsjerke. It wurdt in Fesitval of Lessons and Carols. Lieten en lêzingen dy’t elkoar ôfwikselje. Jitse v.d. Land út Balk sjongt mei yn dit koar. It begjint om 16.00 oere.
Ogiemwony Buki ut Balk mei har sûnt dizze wike Nederlander neame. Se koe krekt net oan de ferkiezingen meidwaan .Se komt út Nigeria en wennet no 4 jier yn Balk. Wolkom mefrou Buki yn ís midden.
Tinke jo der noch wol om dat de minsken dy’t it net sa rom ha , wat ekstra’s dwaan kinne mei de krystdagen. De Kerstaktie Minima soarget der foar ,dat it te plak komt.
Der sil mear oandacht jûn wurde oan it gebrûk fan it Frysk bij de gemeente. De Provinsje stipet dit en stelt der ek jild foar beskikber. Sels it Europeeske parlemint set him yn foar stypjen fan it Frysk.
Bij de skriuw wedstriid fan de Balkster wurde jo útnoege om pakkende rigels te betinken . De meast oansprekkende dichtrigels sille yn de nije van Swinderenstrjitte en Riedhûsstrjitte oanbrocht wurde.
De fytsers fan Boalsert nei Accra binne yn Ghana oankommen. Jo kinne se elke dei folgje op
www.fietsenvooronderwijs.nl en ek meidwaan oan harren doel.
Koart ferskaat zaterdag 18 november 2006
Radio Gasterlân stjoert fan 27 desimber oant 31 desimber alle dagen wer in ferskaat oan radioprogramma’s út. Kom mar op mei jo ferhalen, gedichten, muzyk ensfh. nei ús studio. Elkenien kin der oan meidwaan en it kostet jo neat. Oanmeldings oant 1 desimber 2006.
Omrop Fryslân Tillevyzje is fan 10 novimber ôf yn in grut part fan Europa te besjen fia de satellyt. Fan 11 desimber ôf wurdt der net mear fia de gewoane antenne útstjoert. Foar minsken mei kabeltillevyzje feroaret der neat. Der sille no wol mear Friezen op fakânsje gean bûten de eigen provinsje.
Provinsje Fryslân en 8 gemeenten yn Fryslân hawwe dizze wike op De Jouwer besletten in yntinsjeferklearring te tekenjen oer it ûnderling skriftlik brûken fan it Frysk. De 8 gemeenten binne: Boarnsterhim, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel. Doel is dat fierder stâl jûn wurdt oan de foarbyldfunksje foar it befoarderjen fan skriftlik Frysk taalgebrûk. Dizze 8 gemeenten en de provinsje Fryslân begjinne der no mei. Gemeenten Ljouwert, Snits, Wûnseradiel en Opsterlân stien geunstich foar de yntinsjeferklearring oer en sille besjen yn hoefier de realisaasje fan de ambysjes dêrfan útfierd wurde kinne. De provinsje hat ynearsten € 15.000,00 beskikber steld dêr’t de Afûk ûnder oare in neisjochtsjinst foar amtners fan gemeenten foar opsetten hat. Opfallend is dat de namme fan de gemeente Gaasterlân-Sleat by de dielnimmende gemeenten ûntbrekt. It wie in moaie gelegenheid west om in begjin te meitsjen mei in taalbeliedsplan. It is spitich, want mei kontrôle fan de Afûk wie ús gemeentenamme miskien dit kear net ferkeard skreaun op de opropkaarten foar de Twadde Keamerferkiezings.
Yn dizze hastige tyd moatte wy ús mear ûnthaasten. Dêrom soe it goed wêze dat elkenien fan 23 oant en mei snein 26 novimber de jierlikse Hobby- en Modelbouwbeurs opsiket yn it WTC Expo fan Ljouwert. Modelboaten, modeltreinen, modelfleantúgen, modelfrachtweinen binne der te sjen. Ek âlde ambachten, mear as 50 samlers en kommersjele hobbysaken binne der te sjen. Jo kinne ûnthaastende ynspiraasje opdwaan op in opperflakte fan 22.000m2 romte.
Op de earste sneon fan jannewaris kinne jo oan in Kliffenskaaktoernoai meidwaan yn it Syltsje fan Bakhuzen. Der leit 230 euro te wachtsjen foar de priiswinners. In moaie oanfolling yn jo beurs nei dy drokke feestdagen. Der kinne mar 40 skakers meidwaan en jo moatte der dêrom gau by wêze. Opjaan by Hessel van der Pal yn Bakhuzen, til. 0514-582191.
Hurdrinner Jappie Brandenburg út Aldemardum, lid fan V Horror yn Snits, draafde him wer yn de boppeste útslaggen. Tidens de Marderhoek loop sprintte hy it 10,3 kilometer lange parkoers ôf yn in tiid fan 38.53 minuten. Doch it him mar ris nei.
Henk Luyckx út Wikel wie 17e yn 45.18 en Harmen Bosma út Balk passearde de einstreek as 64e yn in tiid fan 1.00.24. Der wiene 76 dielnimmers.
Hotel Restaurant Jans yn Riis is op 2 oktober 2006 fan behearder feroare. De nije hotelleiding hat in pear feroarings yn in hotel oanbrocht en binne no klear foar in iepen hûs. Op 1 desimber 2006 wurdt troch de nije direksje Geeske Breunesse, Victor Wiendels en meiwurkers, iepen hûs hâlden tusken 15.00 en 18.00 oere.
De R.K. Ludgerusparochy yn Balk bestiet dit jier 250 jier. Fansels mei soks net samar oan ús foarbygean en mei by sa’n prestaasje wol efkes stilstean wurde. Yn it wykein fan 25 en 26 novimber is der in betinkingsprogramma gearstald. Sneon 25 novimber is der om 19.00 oere in gesinstsjinst mei as tema: ,, Feest yn tsjerke”. It temakoar soarget foar de muzikale begelieding. Nei ôfrin kin de tentoanstelling besjoen wurde oer 250 jier Ludgerusparochy yn Balk. Om 21.00 oere is der in muzikaal optreden fan de muzykgroep Déja Vu. Snein 26 novimber is moarns om 10.00 oere in feestlike eugaristyfiering mei u.o. in liturgysk tiim en it Caeciliakoar. Foargongers binne pastoar Brouwer, pastor Mulder, pastoar Saris en pastoar Jan Romkes van der Wal. It wykein wurdt ôfsluten mei in resepsje yn de Treemter fan 11.30 ôf.
Herman Gorter ferhuzet fan it âlde Riedhús nei it F.D. Hoekstraplein. Herman Gorter wie in ferneamd skriuwer en dichter en is bekind wurden mei it gedicht ,, De Mei”. En krekt no de gemeente Gaasterlân-Sleat en de Balkster Courant in skriuwwedstryd organisearje oer de beskriuwing fan de Luts en Balk, moat Gorter fan syn plakje by de Lutsrâne ferhúzje. It kin ek wêze dat Herman Gorter sels ferhúzje woe omt hy útsjoen wie op Modehús Steegenga. Al jierren hat Herman Gorter dêr sûnder klean stean moatten, mar hja seagen him net stean. Miskien hie Gorter dêrom al gjin bril mear op syn noas. It soe net ferkeard wêze om Herman Gorter by de ferhuzing wer in bril op de noas te setten.
De 16 jierrige Erik Aukema út Balk docht mei oan wedstriden om it kampioenskip fan ,,Sterkste Man fan Fryslân”. Dizze wedstryd begjint snein 19 novimber om 15.30 oere yn Sint Annaparochy. Eric is noch mar 16 jier en docht dan al by de sterkste mannen mei. Eric jout dêrmei oan in takomstich konkurrint te wurden fan Hans Lolkema út Sleat. Hans docht ek mei yn dit toernoai en moat syn titel út 2005 ferdigenje.
Nettsjinsteande de waarme temperatueren hâldt iisklup Balk syn jiergearkomste op freed 24 novimber yn Balk. De iisklup Balk is dus wer klear foar in nije winter.
As jo wat ferdividaasje wolle, dan kin dat op tiisdei 21 novimber om 14.00 oere yn De Treemter. It Reade Krús fersoarget dêr wer de neijiersfeestmiddei. It duo Adri de Boer en Giny Bastiaan fersoarget de muzyk.
De Kon.Ned.Voetbalbond en enerzjybedriuw NUON sykje ballenjongens foar wedstriden by it Nederlânsk alvetal yn de oanrin nei de Europeeske Kampioenskippen. Op 6 desimber 2006 kinne de kandidaten nei Grins foar in seleksjedei.
Yn de advertinsje stiet: ballenjongens m/v. Ik ha nea witten dat der ek frouwelike ballenjongens wiene. It wie dus better west om ballenjongens en ballenfamkes te freegjen.
It giet mar poerbêst mei de prestaasje fan ús reedrydster Marrit Leenstra út Wikel. It giet sa goed dat sy yn it wykein fan 25 novimber yn Moskou har debút makket yn it wrâldbekersirkwy. De 17 jierrige Marrit komt dan út op de 1500 meter troch ôfsizzings fan Ireen Wüst, Renate Groenewold, Paulien van Deutekom en Margot Boer. Marrit hat ynternasjonale dielname ôftwongen troch foarich wykein te ymponearjen mei in debút op it NK troch 9e te wurden op de 1500 meter.
Woansdei 22 en tongersdei 23 novimber is it Woudagemaal op De Lemmer oan it wurk te sjen foar alle leafhawwers. Tusken 11.00 oere en 16.00 oere is elkenien wolkom yn it grutste stoomlokaal op de wrâld. De direksje jout foar de twadde kear in kursus yn it betsjinjen fan dit bysûndere stoomgemaal út 1920. De opleiding moat yn it Woudegemaal plakfine omt it nearne oars mear dien wurdt. Frijwilligers fan de Stifting Woudagemaal begeliede jo as besiker tsjin in lytse fergoeding.
Laatste uitzending over Jochem de Ruiter
Radio Gasterlân, de lokale omroep van Gaasterlân-Sleat, zendt zaterdag 18 november het derde en tevens laatste deel van een serie programma's over Jochem de Ruiter uit. De Ruiter was Tweede-Kamerlid voor de CHU en directeur van de landbouwschool in Balk.
In 1925 begon De Ruiter als hoofdonderwijzer op een lagere school in Oudemirdum. Ook was hij directeur van de Lagere Landbouwschool. Zestien jaar later werd De Ruiter lid van de Tweede Kamer. In Balk is een straat naar hem vernoemd.
Het programma De Gouddoller zendt aanstaande zaterdag het laatste deel van een serie programma's over De Ruiter uit. De uitzending bevat onder andere het laatste deel van het interview met dochter Adrienne de Ruiter, een omschrijving van zijn levensloop en een gesprek met één van zijn leerlingen, Lubbert Dooper. Jouke Tuinier, ook een oud-leerling van De Ruiter, zal een epiloog voordragen.
De Gouddoller is te beluisteren vanaf 13.00 uur via de frequenties 107,8 FM (ether) en 104,1 FM (kabel). Op www.radiogasterlan.nl leest u meer over de omroep en haar programma's.
Koart ferskaat zaterdag 11 november 2006
De bewenners fan de Van Swinderenstrjitte en de Riedhûsstrjitte binne troch gemeente bestjoer útnoege foar de offisjele start foar it opknap-projekt. Dat sil no heve op 15 novimber om 15.00 oere yn it Riedhûs. Gedeputearde Jan v.d. Ploeg sit de earste skeppe yn de grûn stekke en it kontrakt foar de gearwurking fan gemeente en provinsje sil tekene wurde. Dernei kin it gatsje wer tichtgoait, want ik wurk sil yn it nije jier pas echt fan start
It bedriuw Paques is al wer yn it nijs. Der kin wer in priis yn ûntfangst nommen wurde. No is it de Cathay Pacific Trader. De priis wurdt jûnd omdat Paques suksesfol is yn China en der goede dingen docht foar it miljeu.
It is goed te merken dat de ferkiezingen deroan komme. Der haadrolspilers litte har goed hearre. Der is gedoch oer de stimcomputers. De oanplak beljetten stean yn de greide of hingje foar de finsters.
De Rie foar Groanysk siken en âlderen is der net hielendal gerêst op dat foar harren doelgroep alles wol goed regele wurde sil. Der is no al in meldpunt foar de dingen dy’t net goed geane Jo kinne se melde op tillefoan 030 - 291 66 96.
Heel Nederland danst, no hyl Nederlan???...... yn elts gefal in soad. Op 16 novimber sil der in recordpoging diend wurde om in ôfgryslik soad Nederlanders op itselde tiidstip en ek op deselde muzyk oan it dûnsjen te krijen. Yn Sportstad Hearrefean kin ek mei diend wurde. Wolle jo der mear fan witte, surf dan nei www.heelnederlanddanst.nl Wolle jo jo kar oan televyzje stations fermearderje oant 250, no dat kin. Op de computer klikke jo www.kanalenkiezer.nl oan en jo kinne jo gang gean en soks kost ek nochris neat.
Der komt in nije ûnderskieding yn Gaasterlân – Sleat. Minsken dy’t har ynspanne foar it oprêden fan smoargens, wurde nominearre foar in ZAP spjeldsje. Wethâlder Zoodsma sit de kar meitsje tusken de kânshawwers. Op 14 desimber sil it bekend makke wurde.
It Fryske Gea siket nije donateurs, der binne al 450 nammen noteart. Sjoch mar ris op: www.itfryskegea.nl Der wurd yn de buorkerij fan kommissaris Nijpels troch saakkundigen praat oer de ”fryske fiersichten”.
Ekonomy en soarch dat binne de tema’s. Yn de Steaten is it dúdlik wurden dat der provinsjale stipe is foar in nije museum op it Zaailân yn Ljouwert. Yn 2007 stiet der foar 5,5 miljoen euro op de begrutting.
Der is lotte troch it bestjoer fan de Friesche Efstedentocht. Fan de 16.300 gegadigden binne der 8187 gelokkigen. Wolle jo no al sjen of jo der bij binne. Dan gau sjen op www.elfstedentocht.nl . De gelokkigen krije ek wol berjocht fansels.
Op 17 novimber kinne jo yn de normale útlien tiid nei de biblioteek om jo miening te jaan en jo erfaringen te fertellen dy’’t jo opdien ha by it lêzen fan it boek :Dubbelspel. Mei elkoar oan de praat dat is de bedoeling.
It huske fan Laura en Daan yn Sleat is te keap. Se komme der mei op de televyzje op 18 novimber. Laura hie mear romte nedich foar har kappers saak, sa fertelt it parseberjocht fan Omrop Fryslân.
Minsken mei problemen mei de longen, mei in ôfkoarting is dat COPD kinne yn Ljouwert meidwaan oan in gratis longefunksje test. It is op 15 novimber fan 11.00 –16.00 bij de Waach op de Nijsted yn Ljouwert. It MCL organisearret dat.
Rendert Algera docht tige syn best om wer yn de Twadde Keamer te kommen. Hij docht mei de bakfyts oan mei derop de keunstbolle de Alve stedden.
It Sinterklaas journaal yn de Balkster jout oan dat der soargen binne. It wetterpeil fan de Luts is leech. Der sil in wetterpeilstok yn de Luts pleatst wurden. Op syn slimst moatte wij allegear mei in amer wetter nei de Luts om it peil wat op te krikken. Wy hope mar dat it goed komt. Hjoed is it earst noch Sint Marten. In Sint Martenferteltsjinst is der om 18.00 oere yn de Ludgerustsjerke. Der wurd it ferhaal oer dizze hillige fertelt foar de bern en dernei kinne se op streuptocht nei snobbersguod. En dan jûn misselik op bêd, tink.
Koart ferskaat zaterdag 4 november 2006
De âlderen organisaasjes binne net bliid dat de Twadde Keamer as ien fan de lêste dieden de modernisering fan it hierbelied oannommen ha. Se binne bang dat de oannomen saken yn de kommende jierren ta hierferhegingen liede sille. De Earste Keamer moat der no noch oer te set.
Deselde âlderenbûnen lûke mei-elkoar op om jo oant te trúnjen jo stim net ferlern litte te gean op 22 novimber fan dizze moanne. Der binne gâns punten yn de soarch dy’t oandacht fertsjinje. Der kin de útslach fan de ferkiezingen wat bij betsjutte.
De Provinsje Fryslân lûkt jild út foar it ûntwikkeljen fan in nij soart computer foar frachtauto’s en taksis. € 154.500 wurdt der troch de oerheid ynstutsen yn it kader fan regionale ûntwikkeling. 7 Fryske groepen wurkje hjir by mei-elkoar. Mei dit jild wurdt bijdroegen oan de fersterking fan de Fryske konkurrinsje posysje.
Bij Warkum wurdt fan ‘e wike begûn mei de oanlis fan in rotonde. It ferkear hat der net folle lêst fan want de bou wurdt bûten de besteande rûte diend.
Yn de lieding fan it polysjekorps fan Fryslân is in grut ferskaat oan minsken. In homo is korpsbehearder, de korpschef is in frou en ek de haadoffisier fan justysje en de pleatsferfangend korpschef in Surinamer. Oan it foarkommen fan dit ferskaat oan minsken by de polysje waard oandacht bestege bij de ynstallaasje fan de nije korpschef Magda Berndsen. Diversiteit is in spearpunt fan it personielsbelied fan de Nederlânske polysje.
De Marderhoekloop komt der wer oan. Op 11 novimber wurdt die organisearre yn Aldemardum. Ynformaasje kinne jo fine op www.svfriesland.nl
Zorg belang is in organisaasje dy’t alle feroaringen dy’t der yn de soarch komme tige goed yn de gaten hâld. Elkenien dy’t mei dizze feroaringen wat te krijen hat en der wat oer kwyt wol moat dat foaral dwaan. It kin bij Zorgbelang Fryslân www.zorgbelang-fryslan.nl jout alle ynformaasje.
Op tiisdei temiddei komt der in jongeskoar út de Oekraïne yn Balk. Se wurde de middeis op it gemeentehûs ûntfongen. Woansdeitejûn sjonge se yn it Breahûs. Kaarten foar it konsert kostje € 5.00 en se binne te krijen bij boekhannel de Jong. As it net slagget om woansdei tejûn te gean dan kin jo se op tiisdei hearre yn de Gertudistsjerke yn Warkum .Der kinne jo kaarten bij de tsjerke keapje. Dit koar beheart ta top fan de Europeeske Jongeskoaren.
It Iikhoarnstje driget út de bosken fan Gaasterlân te ferdwinen. Der wurdt no útsocht wer’t dat fan komt. Elkenien dy’t sa dead bistje fynt moat dat melde oan Steatsboskbehear Súdwest Fryslân, tel 571600.
Wer komt Mar en Klif yn de takomst. Sa’t it no stiet sil dat dúdlik wurde yn 2007. Mar troch pakke soe ik sizze.
De gryprikkerij giet wer los. Yn de Balkster steane de tiden en gelegenheden. Net ferjitte dus.
De aksje om de minsken yn ús fermidden dy’t it net te rom ha en ekstraatsje te besoargjen freget ek wer ús oandacht. Bankrekken is 3050 03 577 t.n.v. kerstactie Minima Balk.
Wat kinne wy fertsjinje oan de Chinezen? Om dat nei te gean wie it doel fan in ekskurzje fan de Rabobank nei China. De dielnimmers binne ûnder yndruk kommen fan wat se sjoend ha.
Der komt in ynformaasjezuil yn it gemeentehûs. Der kinne jo allegear ynformaasje oer de gemeentelike prokten sammelje. Sels oan de slach dus, as jo wat witte wolle.
Dubbelspel dat is de titel fan it boek dat de bibletheek fergees jûnd hat. Op 17 novimber is der yn de Bibletheek in jûn om oer dat boek te praten. Jo kinne der efkes oer belje mei Janny Osinga 602355.
De Lytse Jerden der kinne jo net lâns fan ôf moandei 6 novimber. Se sille der oan it graven. De manege op Kypenburg hat hjoed, sneon iepen dei. Jo kinne der oan 18.oo oere ta telânne.It kost neat.