Koart ferskaat zaterdag 30 december 2006

De lêste wike fan dit jier is foar in soad minsken in fakânsje wike. It nijs is krap en dat is eigenlik wol goed nijs. 

De lêste wike fan dit jier is foar in soad minsken in fakânsje wike. It nijs is krap en dat is eigenlik wol goed nijs. 

De útjouwerij Profiel jout in eigenaardich boek út mei de titel:” Einde weg” It  is in beskriuwing mei foto’s fan echt dearinnende wegen  yn Noard Nederlân. Jelle Leenes levere de teksten en Bert Nienhuis de foto’s. 

Op 3 en 4 jannewaris komt der in nijsgjirrige dokumintêre op Omrop Fryslân televyzje oer it Oeral Festival. Je kinne folgje hoe’t kreative produkten ûntstean. Beide dagen begjint de útstjoering om kertier oer seizen, mar jo kinne ek de werhelling sjen fansels. 

Yn de Harmonie yn Ljouwert bringt Tryater yn dizze fakânsje wiken in famylje foarstelling met de titel: ”Liuwehert” It is in prachtige foarstelling foar bern, heiten en memmen mar net minder foar pake’s en beppe’s en omkes en tantes. Nei nij jier binne der noch ferskate foarstellingen. It is Fryske kultuer op syn best. 

Omrop Fryslân en de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden bringe tegearre in nij programma op de televyzje mei de titel: Oeral thús. Teams fan bûtenlânske studinten reizgje troch Fryslân en moatte der it ien en oar dwaan. It wurde 8 nijsgjirrige útstjoeringen en de earste is op 6 jannewaris. 

Wy sille it yn Gaasterlân–Sleat yn 2007 sûnder de Snitser Krante dwaan moatte. It fersoargingsgebiet wurdt oanpast, sa stiet der yn de leste edysje dy’t hjir noch wol kaam. Ik krante ôfhelje yn Snits kin wol, mar dan moatte je der wol in hyl ein foar ride. 

De boargers fan Gaasterlân–Sleat kinne mekoar treffe op de nijjiersresepsje op tongersdei 4 jannewaris om 19.30 yn de Treemter. Foarôfgeand oan de resepsje is der in konsert mei meardere muzikanten rûn Johan Keus. 

De rjochter hat besluten dat it Casino yn Balk foar earst ticht moat. Hoe’t it mei de fergunningen no krekt sit, der moat it fierder oer gean. 

Yn de Balkster komt in nije rubryk mei de titel :Het leven op en om de gaasten. De skriuwer is de hjir wol bekende Henk Doeleman. Yn de krante sil dúdlik wurde wat de hear Doeleman allegear sammele en ûndersocht hat oer de histoarje foan ús kontreien. 

Jo witte it tôch noch wol dat jo yn dizze dagen foar ien euro in reiske mei de bus meitsje kinne. It kaartsje kin kocht wurde by de sjauffeur. 

Fierder moatte jo it dit wike ein mar dwaan mei alle werom-sjen-derei yn kranten en op radio en televyzje. It nije jier sil ek fest wol wer in ferskaat oan nijtsje bringe. Foar jo en ús hope wy mar op goed nijs.

Uitzendingen tussen kerst en nieuwjaar 2006

Radio Gasterlân volgt t/m 31 december een aangepast uitzendschema. Naast de reguliere programma's kunt u luisteren naar diverse extra uitzendingen. De programmering vanaf dinsdag 26 t/m zondag 31 december 2006 ziet er als volgt uit:

Dinsdag 26 december 2006 2de kerstdag

12 uur Kerstverhaal door Tinie de Boer
13 uur Kerstmuziek met Marco en Anneke
14 uur Kerstmuziek met Marco en Anneke
15 uur Omrop Fryslân
20 uur Muzikaal unthaal
21 uur Muzikaal unthaal
22 uur Eindtune Radio Gasterlân


Woensdag 27 december 2006

10 uur Let lemieren by Jan Geart Vogelzang mei gast Ynze de Boer
11 uur Ôftelle mei Menno Wagenaar
12 uur Op besite by Annie
13 uur Hafabra
14 uur Country & Fol + Rock & Roll
15 uur Country & Fol + Rock & Roll
16 uur Jieroersjoch Gaastnijs 2002
17 uur De Gouddoller
18 uur Omrop Fryslân
19 uur Omrop Fryslân
20 uur Eindtune Radio Gasterlân

Donderdag 28 december 2006

10 uur Let lemieren by Jan Geart Vogelzang mei gast frou Brandenburg
11 uur Ôftelle mei Menno Wagenaar
12 uur Op besite by Annie
13 uur De Gouddoller
14 uur Country & Folk + Rock & Roll
15 uur Country & Folk + Rock & Roll
16 uur Jieroersjoch Gaastnijs 2003
17 uur Muziek mei Afke
18 uur Muziek mei Afke
19 uur Melle draait foar jo
20 uur Melle draait foar jo
21 uur Melle draait foar jo
22 uur Melle draait foar jo
23 uur Melle draait foar jo
24 uur Eindtune

Vrijdag 29 december 2006

10 uur Let lemieren by Jan Geart Vogelzang mei gast Johannes Kramer
11 uur Ôftelle mei Menno Wagenaar
12 uur Op besite by Annie
13 uur In oerke musyk mei Durk Pelsma en Ytsje Plantinga
14 uur Op z'n Iers - Enya en haar muziek
15 uur Muziek uit 1970
16 uur Jieroersjoch Gaastnijs 2004
17 uur De Gouddoller
18 uur Muziek van Radio Gasterlân of Omrop Fryslân
19 uur Muziek van Radio Gasterlân of Omrop Fryslân
20 uur Top 50 uit 2006 door Theo v/d Veer
21 uur Top 50 uit 2006 door Theo v/d Veer
22 uur Top 50 uit 2006 door Theo v/d Veer
23 uur Top 50 uit 2006 door Theo v/d Veer
24 uur Eindtune van Radio Gasterlân

Zaterdag 30 december 2006

10.30 Pjutteskoft
11 uur Radio Gasterlân draait op fersyk
12 uur Gaastnijs
13 uur Muziek van Hessel Heringa
14 uur Country & folk
15 uur Radio Gasterlân Sport
16 uur Radio Gasterlân Sport
17 uur Jieroersjoch Gaastnijs 2005
18 uur Werom yn'e tiid
19 uur Spikerhurd
20 uur Spikerhurd
21 uur Terror FM
22 uur Terror FM
23 uur Terror FM extra
24 uur Eindtune van Radio Gasterlân

Zondag 31 december 2006

10 uur Muzyk by de kofje
11 uur Herhaling Gaastnijs van zaterdag
12 uur Klankryk
13 uur Muziek van Radio Gasterlân of Omrop Frysân
16 uur Jieroersjoch Gaastnijs 2006
17 uur De Gouddoller
18 uur Muziek van Radio Gasterlân of Omrop Frysân
19 uur Muziek van Radio Gasterlân of Omrop Frysân
20 uur Einde van de uitzendingen in 2006

Koart ferskaat zaterdag 23 december 2006

De Provinsje amtners geane nei in tydlik adres oan de Snitserstrekwei yn Ljouwert. It adres is Snekertrekweg 1 Leeuwarden. De tillefoan en sa bliuwt fansels it selde. Foar mear ynformaasje www.fryslan.nl 

Omrop Fryslân draait op Âldjiersdei de Top 100. Goed 6000 minsken hawwe har favorite nummers ynstjoerd . Jo kinne ek fia de televyzje de nummers hearre en dan sjogge jo de dj’ s ek noch oan it wurk. 

Ek by Radio Gasterlân is it drok op Âldjiersdei, mar net allinnich dan mar op alle dagen tusken Krysttiid en Nijjier. Sjoch it boekje fan Radio Gasterlan der mar op nei As jo in “ Nee” stikker op de brievebus ha giet de besoarger jo foarby. Jo kinne ien helje bij de Studio oan de Dûbelstrjitte. 

Yn it MCL yn Ljouwert komme mei yngang fan 1 jannewaris mear sprekoeren op jûntiid., It giet oer de  folgjende specailisten : Urologen, KNO artsen,Eachartsen, en Ynternisten . De besûnder tandheelkunde, komt der ynkoarten ek noch by. Jo kinne der oer belje mei 058 2866576. 

De befolking fan de Gemeente Gaasterlân-Sleat is yn it jier 2006 mei 32 persoanen tebek rûn. Der wenje no 10249 minsken yn de gemeente. Aardich is dat der yn Riis krekt like folle mannen as frouwen wenje nl 89. Balk groeide mei 20 ynwenners, mar de measte plakken koene hast lykhâlde of gongen justjes werom . Aldemardum slonk mei 18 ynwenners. 

Oan de Pypsterstikke is opromming hâlden. Dat is in goede saak. It sil noch wol wat oanhâlde foardat der wat nijs ferriist. 

It duorret noch wol in jier foardat Gaasterlân –Sleat út it read is. Dat docht bliken út de jierlikse ynventarisaasje fan gemeentelike begruttingen. Wy moatte mar moed hâlde foaral posityf bliuwe. 

De Krystbylage fan de Balkster is in kâlde bedoening . it giet oer barre tochten en kâlde winters. Soe dat in foarboade wêze foar in kommende winter.

Der wurd by de Hege Gerzen om in enthousiaste behearder socht. Op www.hegegerzen.nl stiet ynformaasje oer dit kompleks. 

Ha jo oan de Krystminima tocht? It kin noch. Yn de tsjerken yn Balk steane de bussen der foar. 

De komt ynformaasje oer de dielnimming fan klanten fan de WMO oan de cliëntenrie. It liket wol geheimtaal, mar as jo no mei de WMO te meitsjen ha of net. It is de muoite wurdich om  op 9 jannewaris yn ”It Klif” yn Aldemardum of op 10 jannewaris yn de Treemter jo ear te lústerjen te lizzen. De jûnen begjinne om 20.00 oere.

Koart ferskaat zaterdag 16 december 2006

Neist lêsboeken binne der ek lusterboeken. Foar Omrop Fryslân sil der in lusterboek foarlêzen wurde.“ Een broge fan glas” is de titel en de skriuwer Johan Feenstra lest it sels foar Trije jûnen kinne jo der nei harkje. Op 1e Krystdei, 2e Krystdei en 27 desimber. Altyd tusken 7 en 9 oere. De taal is it Stellingwerfsk.

Op de Twadde Krystdei hat it Museum Willem van Haren yn it Hearrefean ek in aardich programma. Der is fan alles te finen oer spultsjes. Je kinne ek meidwaan oan de spultsjes. Der is ek in puzzeltocht. Oan it begjin fan de middei is der muzyk u.o fan Bennie Huisman. Jo kinne mear te witten komme op: info@willemvanharen.nl

De Steateferkiezingen wurde hâlden op 7 maart, it folgjende jier. Der wurd alle war diend om jongeren bij dit barren te belûken. In groep jongeren is al moannen oan it wurk, ûnder de namme ”Stembureau De Jong”. Se ha fan alles bij de kop han en op freed 15 desimber ha se har resultaten presintearre. Mogelik ha je der wat fan op de televyzje sjoend. Ik fyn it geweldich sokke initiativen.

De is in boek útkommen wêryn keunstners, politisy en wittenskippers har gedachten gean litte oer de romtelike ynrjochting fan Fryslân yn de tiid dy’t komt. Juster krige Anita Andriesen, ien fan de skriuwers it earste eksimplaar fan Abe de Vries, de direkteur fan de Friese Pers Boekerij. It boek krige de titel Romte, het Friese Landschap van de toekomst.

Bij Radio Gasterlân binne der tusken Krysttiid en Nijjier in soad ekstra oeren radio. Jo krije it boekje fan de Radio thúsbesoarge. As jo in “Nee“ stikker op de brievebus ha dan slacht de besoarger jo oer. Gjin need, jo kinne bij ús yn de Studio wol in eksimplaar helje. 

Omrop Fryslân Radio pakt ek út  yn de wike fan âld en nij. Jo kinne it hiele oanbod fine op www.omropfryslan.nl

De Steaten sjogge wol ljocht yn it ”Lear en leefprojekt“,dat mogelik komt op it plak fan de Gersdroegerij. Der is € 4.7 miljoen foar frij makke. Tiisdeitejûn komt de hear Steur wer nei de Riedsseal om de plannen fierder út de doeken te dwaan.

It Plan de Poort fan Balk is ek yn ûntwikkeling. Sintraal komt de Suvelstrjitte deryn te rinnen en de skoarstien bliuwt stean mar wurd al wat ynkoarten. It docht je suver goed om wer ris te hearen dat de plannen útfiert wurde sille. Ik moast bij in soad saken yn ús gemeente de leste tiden faak tinke oan it sechje ”Sloege soe ek, mar hij stoar earder”. Mar no is der beweging bij de Mar en yn de Van Swinderenstrjitte en de Gaaikemastrjitte. De moatte no mar gau keapers komme foar de apparteminten, dan kin dat spul ek los.

De entree fan Balk oan de kant fan de Wilhelminastrjitte is moai wurden mei de twa nije hûzen fan de Nijholts. No de Pypsterstikke noch. Ik tocht altyd dat as der in fergunning foar slopen; útjûnd wurd, dit mear betsjut as de saak yn mekoar donderje te litten. Hjir moat ek hanthaaft wurde, tinkt mij.

Arriva hat no in fergunning oanfrege  foar in discounter te meitsjen fan de busgarage oan de Wilhelminastjitte. It giet net hurd mar ik liket wil hieltiid tichter bij te kommen dat die goekeape super der komme sil.

Ha jo, jo skriuw -produkten al ynlevere foar de skriuw-wedstriid BC 2000. Dwaan.

De kwestje mei de foartballen  VV Balk en de buorman bij it kompleks “De Wylgen”, skreaut ek ta de protters tinkt mij. Fuotballen dy’t net werom jûnd wurde en ek noch lek stutsen wurde. As wy sa mei elkoar omgeane yn ús kontreien dan moat it ús net nij dwaan dat der safolle striid is yn de wrâld. Miskien dat mei de kommende krystdagen it sûne ferstân it begjint te winnen bij it fuotbalfjild. In bytsje mear frede te begjinnen yn ús eigen doarpen. Wij zijn op de wereld om mekaar om mekaar te helpen niet waar. Jawis.

It ferhalen festival: Kom op ferhaal yn Balk, komt der wer oan en wol op 29 desimber. It wurd noch wer moaier as foar twa jier tebek. “Reizen en trekken” dat is dit jier it tema. Lâns de Luts komt in dekor fan in wenweinkamp. In besûnder barren is dit. Jo kinne der alles oer lêze yn de Balkster fan dizze wike. 

Kafetaria Balk kriget in nij jaske en ek in nije namme ‘Big Snack. De Balk’ hjit it foartoan. Dat Ingelsk oan de Lytse syde, dat klinkt folgens mij net. 

Froukje Demmer hat it tige nei it sin bij de brânwacht. Machtig moai en tankber wurk is it, seit se. It is in útnoeging foar mear frouwen om bij de brânwacht har plak yn te nimmen.

Top 10 kindermuziek bij Radio Gasterl�n

Radio Gasterlân maakt een nieuw programma voor kinderen tot 12 jaar. Heb je een leuk liedje of weet je een leuk liedje stuur hem op naar top10kindermuziek@radiogasterlan.nl
Dan maken wij er een top 10 van en misschien zit jou liedje er wel bij.
De begin datum is op zaterdag 6 januari om 10.00 tot 10.30. En dan is het 1x in de maand steeds weer op de zelfde tijd.

Techniek: Durk Pelsma

Presentatie: IJtje Plantinga

Koart ferskaat zaterdag 9 december 2006

It binne allegear al krystaktiviteiten.Yn Wikel op 15 en 16 desimber in krystmerke, dit wike- ein in Russyske krystmerke yn de Teatertún ( ja it mocht troch gean fan de rjochter) hjoed en moarn in krystmerk yn Bakhúzen en 16 desimber in Winterfair yn Harch yn Welgelegen. Jo kinne jo kar mar meitsje.

Paques foel al wer in de prizen. No wûn dit bedriuw de Europese Milieutechnologie Prijs  Yn Lyon waard de priis útrikt oan de hear Rob van As  Dizze kear gong it foaral om de Annammox - R technologie. In technyk wêrby ôffalwetter op biologyske wize skjin makke wurd.

Foar it Friese Meren Project binne de wurksemheden yn de Sleattemar útein set. It is foaral baggerwurk. Wethâlder Zoodsma hat juster it start sein jûn.

Nije útbaters binne der kommen fan Hotel Restaurant “Jans” yn Riis. It binne Geeske Breunese en Victor Wiendels. It bedriuw is no alle dagen fan de wike iepen en de prizen binne oanpast, sizze de nije minsken. Jo kinne ek sa binnen rinne foar in kopke kofje

Hof en Hiem hat yn de Hûzen, dus ek yn Talmahien fitness apparatuer oanskaft. De bewenners kinne ûnder begelieding fan in fysiotherapeut fan dizze apparaten gebrûk meitsje. Dat hienen beppe en pake ek nea tinke kinnen.

De nije bus ûndernimming Connexxion makket it nei 10 desimber mogelik om goedkeap mei de bus te gean. Foar €2.00 kinne jo nei healwei tsienen in ein foart komme, oerstappe mei ek. Yn it wike–ein jildt dat tarief de hiele dei. Jo kinne de kaartsjes keapje bij de sjauffeur.

“Iendracht” dat is de namme dy’t it appartementenkompleks oan de Gaaikemastrjitte drage sil. De minsken dy’t no al in appartemint kocht ha, ha dizze namme keazen út 29 ynstjoerde namme. De namme is betocht troch de hear J Gerbrandij út Goïnga. De binne no wol in stealtsje te keap. Yn foarjier fan 2007 hoopt Schutte Bouw en ontwikkeling de bou starte te kinnen. 

Jo binne wat âlder, jo wolle toch wol mei de kompjuter wurkje, mar jo fine die dingen fjirrstente yngewikkeld. No dan is dit miskien wat foar jo. Hulpmiddelen Centrum Frieslan biedt yn hyl Fryslân in simpele kompjûter oan. Foar senioaren wurde demonstaasje byienkomsten hâlden. Ynformaasje kinne jo helje bij Hulpmiddelen Centrum Fryslan mar bij it Delphionloket sille se der ek alles wol fan witte. Jo kinne ek ynformaasje fine op www.hulpmiddelencentrum.nl

Der komt in biblioboot yn de Sudwesthoeke, Dat is in service foar de wettersporter, De biblioteek komt bij de boat ,jo kinne der boeken útsykje en sels ek noch in kopke kofje drinke, Der wurd noch oer tocht wert de boat farre sil. 

De fytsers fan Boalsert nei Accra binne feilich oankommen en as it goed is no op wei nei hûs Se ha goed 10.000 km ôfleind en der is € 156.000 byelkoar fytst.  De ferhalen oer de reis kinne jo fine op www.fietsenvooronderwijs.nl

De Steaten ha neitocht oer it ûndersykprojekt, in Leef en learplak, dat op  it terrein fan de Gersdroegerij mogelik in plak krije sil. Kritysk posityf stie men tsjinoer de plannen. De gedeputearde moat mei mear gedetailleerde sifers komme.

Koart ferskaat zaterdag 2 december 2006

De Sinteklaas drokt/gekte komt yn de kommende dagen ta in klimaks as de âlde hillige jierdei is. Nij is dit jier dat d’r in ferskaat oan kleuren is wat de Pyten betreft. Se binne troch de reinbôge fean met de stoomboat. Ja, ja je kinne wat meimeitsje yn de Sinteklaastiid.

Connexion dat is de bus-maatskippij dy’’t fanôf 10 desimber hjir it iepenbier ferfoer fersoarget . Se komme mei in Dalkaartje. Foar € 2. 00 keapje jo in kaartsje by de sjauffeur fan de bus en jo kinne gean wêr’t jo wolle, De reis mei net langer as twa duorje. Jo meie ek oerstappe. Dizze goedkeape mooglikheid begjint op wurkdagen om healwei tsienen en yn it wykein de hiele dei. De strippekaart kin dus yn de beurs bliuwe ,as jo in bytsje de tiid ha.

Der is in nije website foar heiten en memmen. Der is fan alles op te finen oer yn ferwachting reitsje en allerhande opfiedingssaken. Surfe dus nei www.heitenmem.nl en mar efkes trochjaan oan io dochters of soannen. Dizze website is mogelik makke troch de Provinsje Fryslân en It Douwe Kalmafûns.

Foar “singles” âlder as 30  wurde feesten organisearre op 8 desimber yn Grou yn De Treemter yn Drachten.yn de Club Champino. As jo der mear fan witte wolle dan sjoch dan op www.justlunch.nl 

Oer de WMO , de Wet Maatschappelijke Ondersteuning is hûs oan hûs in folder ferspraat. Goed lêze ,soe ik sizze fan it is fan grut belang dat je deroer goed op de hichte binne. “De WMO is er voor iedereen” ,stiet der net foar neat yn.

De FNP hat de saken al op in rige foar de kommende steaten ferkiezingen. Jehannes Kramer, stiet boppe oan. Folgens de FNP moat it yn Fryslân ,earliker, sosjaler en Frysker. No sa !

Bij Paques is in direksjewikseling , de hear Jeroen Mes siket earne oars hinnekommen en de hear Rob Heim nimt syn plak yn  Hij hat in grutte staat fan tsjinst yn ferskate bedriuwen. Jo kinne der mear oer lêze op www.paques.nl 

By de gemeenteberjochten yn de Balkster kinne jo fine hoe’t de ferkearsstreamen rinne sil op de nije van Swinderenstrjitte en de Riedhûsstrjitte. Dat wurdt fest in ferbettering.

De Balkster noeget ús út om moaie sinnen op te skriuwen oer Balk of Gaasterlân. De moaiste wurde gravearre yn stien,oanbrocht yn de strjitte. Meidwaan dus.As jo in e-mail stjoere oan it gemeentehûs dan ha jo binnen in dei in reaksje. Dat giet aardich snel. 

De minsken fan de Ludgerusparochy komme fan 11 – 15 desimber oan de doar mei krystbolle. Jo kinne der al fest efkes rekken mei hâlde.

De Dance groep Dance Addicted is snein 4 desimber op de televyzje te sjen yn de útstjoering op Nederlân 2 om healwei twaen oer Sult. Op jo kompjûter kinne jo sjen wannear jo mar wolle . www.uitzendinggemist.nl is dan de wei.

De Krystaksje foar de Minima freget ek noch om jo oandacht. Foar minske dy’t wol in ekstraatsje brûke kinne yn de Krystdagen.

Charlotte Veldman hat it tige goed nei it sin bij de brânwacht. Se riedt alle frouwen oan har foarbyld te folgjen. It is leuk en belangryk seit se yn de Balkster.

Op 8 desimber is de Krystmerke op de van Swinderenstrjitte, fan de middeis 1 oan de jûns 9 oere. De binne kreamkes en der is muzyk en sjongen. Ek it Breahûs is iepen.

Op 8, 9 en 10 desimber is de Teatertûn omtovere ta in Russyske Krystmerke. In diel fan de opbringst giet nei it Russysk Ortodoks kleaster yn Himmelum.

Op snein 3 desimber is de Advint-tsjinst fan de Rie fan tsjerken yn Balk. It tema is “Van donker naar licht”.

Radio Gasterlân wol graach witte fan jo ús programma’s fine. Jo kinne dat foaral op sneontemoarn witte litte op tel 602121, jo kinne it faxe op 604900 . jo kinne it skriuwe oan Postbus 1, 8560 AA  Balk en jo kinne reagearje op ús website www.radiogasterlan.nl. Wij stelle jo reaksjes tige op priis , want wij wolle graach lokale radio meitsje foar jo. Lit ris wat fan jo hearre.