Koart ferskaat zaterdag 20 januari 2007

De stoarm fan ferline tongersdei hat hjir ek foar skea soarge, sa is yn Bakhuzen de dakbedekking fan ferskate wenten ôf waait en by it Riisterbosk binne in oantal foarske bûken plat gien. 

Dorcas hat no ek yn Balk in kleandepôt by Jan van der Veer oan de Tsjerk Hiddesstrjitte nûmer 18. Yn Sleat wie al ien oan de Wyckelerdyk 173/a. De klean binne bedoeld foar help yn East-Europa, it Middeneasten en Afrika. 

Op 22 jannewaris sil foar de 15e kear in “Eigenwijsdag” holden wurde,  57 bern dogge der oan mei. Hja kinne in plan betinke om earne yn de gemeente € 1250,- te besteegjen, dat moatte se dan ek ferdigenje yn in bysûndere kommisjefergadering, dy’t troch boargemaster De Roos foarsitten wurd, en it plan dat útkeazen wurd, sil dan ek troch de gemeente útfierd wurde. 

It Woudagemaal op ‘e Lemmer draait al wer; sa draaie se 2 jier net, en dan moatte se binnen 2 wiken al wer oan de slach. De masjinisten  hiene der al op rekkene. De tsjettels wienen noch waarm. 

De Partij foar it Noarden fynt it ûntyglik stom fan de trije Noardlike provinsjes dat se de kommisje Ybema dien jûn ha, de”Adviescommissie  voor de markt” hat neffens harren de leste 8 jier goed wurk dien en hie no noch in protte dwaan kinnen. Woansdei de 17e koe men ôfskie nimme fan Gerrit Ybema en syn komparanten. 

It Kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om € 1 miljoen frij te meitsjen foar it takomstich Frysk Festival. It docht deputearre Mulder deugd dat mei dat beslút de takomst fan it Frysk Festival feilich steld is. “It is wichtich dat ús Fryske taal en kultuer útdroegen wurdt. It Frysk Festival is dêr in prachtich poadium foar. Boppedat bin ik bliid dat yn de takomst folop omtinken jûn wurde sil oan jonge Fryske keunstners”.

It nije bestjoer hat oanjûn om by it útfieren fan de plannen ûnder oare gebrûk te meitsjen fan de saakkundigens fan Keunstwurk. 

Connexion en Arriva wurkje tegearre oan it bekend meitsjen fan IOV, dat is Individueel Openbaar Vervoer. Der moat in pakkende namme foar komme en der ha se in oprop dien oan it publyk, jo dus ek, om sa’n namme te betinken,  Jo kinne ynstjoere op info@fryslan.nl. Mei dat IOV kinne jo fan en nei plakken wêr as gjin reguliere ferbining is. 

De provinsjale staten ha it ôfrûne jier mear dien as yn 2005; yn 9 fergaderingen ha se 229 amendeminten en moties yntsjinne, yn 2005 hiene se hûndert minder mar se fergaderen wol 12 kear der oer.

Koart ferskaat zaterdag 13 januari 2007

De bemiddeler de heer te Loo hat ferslach útbrocht oer de situaasje yn ús gemeente. De ferskillende fraksjes sitte yn dizze saak net op ien line, sa stiet yn de krante. It is dér allegear net ienfâldiger op wurden no’t it kolleezje werom brocht is ta 2 leden, troch it ferstjerren fan wethâlder Zoodsma.  

De skriuw wedstriid hat wol 120 ynstjoeringen oplevere. De seis beste folsinnen krije in priiske. It sil noch efkes duorje foardat de útslach bekend is.  

Us buer-gemeente Nijefurd kin de finansjele toutsjes aardich oan mekoar fest knope. “Wij ferkeare yn in sûne finansjele posysje en de reserves binne op nivo”, sa liet de boargemaster hearre, mar dan fansels net yn it Frysk.  

De gearwurking tusken de gemeente,de polysje, it iepenbier Ministearje,de Hoareka om it feiliger útgeanslibben yn Balk te krijen, is yn gang set. Mar wat kinne dizze partijen sûnder de minsken dy’t de rotsoai skoppe ?  

Op woansdeitemiddei de 17e jannewaris is der in middei foar de bern yn Mar en Klif. De kinne nêstkastjes timmere en dy kinne ”bepimpt” wurde. Dat is ek it tema fan de middei : Pimp een nest kast. Wat pimpen is ? No fansels dat pimpen mei natuerlike materialen?. Noch net dúdlik ,no dan gewoan hinne mei de bern fan 6 - 12 jier. Wol efkes opjaan op 0514 571777.

Tongersdei 18 jannewaris organisearret Mar en Klif in ynformaasje jûn oer it boeresweltsje. Bennie van de Brink fersoarget de lêzing mei plaatsje derby. Hij is in saakkundige. De jûn begjint om 20.00 oere. Jo moatte jo der  wol efkes foar opjaan, tel 571777.

De programma makkers fan Terror FM ha jûn in Hardcore jûn/nacht yn it Haske. It begjint op 21.00 oere en kin oant 4.00 oere duorje. Om 2.00 oere slúte de duorren wol.

Wieger Schotanus is dit jier de clup-man fan it jier by de fuotbalklup Balk. De hurde wurker dy’t net opfalt, waard no efkes yn it sintsje set.

Yn de Balkster fan dizze wike stean de tsjerketsjinsten fan de Protestantske Gemeente net goed oanjûnd. Der binne snein 3 tsjinsten yn it Breahûs -  om 9 oere, 10.30 oere en kertier oer sânen. Foar Harich kloppe de saken ek net. Mar efkes yn it tsjerkeblêd sjen, der fine jo de goede gegevens wol.

Yn Sleat is snein in Fryske tsjinst fan Foet.yn de Fredrikustsjerke om 10.00 oere. De SOW Kantorij sjongt deryn de kantate Minske  fan é dei. Die tsjinst sil om 12.00 oere op Radio Gasterlân te belústerjen wêze, as it technysk allegear slagget.

Foeke de Boer út Sleat syn fyts is jatten. Dat wie net samar in fyts mar syn prachtige oranje Batavus. Foeke is wol razend lilk mar hij bliuwt tige fatsoenlik. Hij bedankt de werombringer yn it foar al. Bring dy jonge syn fyts no tôch gau werom, soe ik sizze

Natura 2000 gebieden binne der oanwezen yn Nederlân. Yn ús kontrijen binne dat de  Fluessen en Omjouwing  en de Wite en Swarte Brekken. Der is no earst in ynspraak ronde oer . Yn Fryslân is die op tongersdei 8 febrewaris yn it Post Plaza. Ynformaasje is te krijen op it Gemeentehûs.

Koart ferskaat zaterdag 6 januari 2007

Fansels wurdt elkenien in poerbêst nijjier 2007 tawinske. Bliuw ôfstimd op Radio Gasterlân. Wy hoopje dat jimme allegearre aktyf wurde, aktyf binne en aktyf bliuwe sadat wy jimme nijs bringe kinne.

It begjin fan dit jier brocht moaie saken mar ek minder moaie mominten. Fernielings, brântsjes, plysjesjarsjes, ferkearsbuorden ferniele en rútkalkjen wiene de negative saken. De earste nijjiersdûk yn Sondel wie posityf mei 30 dielnimmers en 2100 euro stipersjild foar de aksje ,,Moeder en Kind” yn Zambia. It nijjierskonsert fan Muzykferiening Concordia út Balk hat ek in posityf lûd hearre litten op 1 jannewaris yn De Paadwizer fan Balk.

Lit ús ek hope dat der ynkoarten positive dúdlikheid komt út it advys fan de hear G.J. te Loo. Hy is hjirre út namme fan de Kommissaris fan de Keningin Nijpels oan de slach west om alle misbegryp nei boppe te krijen oer it krewearjen ús gemeentebestjoerders.

Op de hiemside fan www.gemeentebelangengaasterlan-sleat.nl is te lêzen dat de hear G.J. te Loo út Ljouwert op 10 januari 2007 fierder praten giet. Hy moat Kommissaris fan de Keningin Nijpels advisearje oer it ûntstiene trelit tusken in tal riedsfraksjes en de boargemaster. Soe dan no de lang ferwachte oplossing nei bûten komme oer it advys fan de hear Te Loo. Der moat fansels wol faasje ynkomme omt der no ek in wethâldersfakatuere is fanwege it ferstjerren fan wethâlder Zoodsma. 

De Balkster Courant bestiet 125 jier yn 2007. Hâld de Krante goed yn de gaten omt der it kommend jier ferskate aksjes organisearre wurde sille.

Der is massaal gebrûk makke fan de skriuwwedstryd oer de Luts en Balk. Elk koe dêroan meidwaan troch teksten fan maksimaal 25 wurden yn te stjoeren. Foar 1 maart komt de jury mei de beste 6 ynstjoerings. De wedstryd is útskreaun troch Balkster Courant yn ‘e mande mei de gemeente Gaasterlân-Sleat.

De Stifting Gaasterlân-Natuerlân hat in hiemside makke. It wurk fan de Stifting wurdt dêrop ferdúdlike. Ek wurde alle natuergebieten fan Gaasterland sjen litten. Boargemaster Thea de Roos-van Rooden sil op 19 jannewaris 2007 de hiemside iepenje yn it Rysterbosk.

De wurkgroep ,,Kom op ferhaal” yn Balk hat sukses hân mei de organisaasje fan it ferhalefestival yn Balk. Op 8 ferskate lokaasjes by de Luts yn Balk waarden de moaiste ferhalen ferteld. Mar der waard ek spile en sjongen troch artysten. It kin net misse dat der wer in ferfolch komt en dan is dat de earste lustrumútfiering.

De 6 kandidaten foar de titel ,,Sportman/Sportfrou Gaasterlân-Sleat” binne wer presinteare. It is muoilik om oan te wizen wa de titel krijt. Jo kinne der by wêze op sneon 20 jannewaris tusken 16.00 en 18.00 oere yn gebou Irene te Wikel. Boargemaster Thea de Roos-van Rooden makket de útslach bekend. Radio Gasterlân docht dêrfan streekrjocht ferslach.

Fuotbalklup Balk hat yn it sealfuotbaljen trije moaie suksessen behelle. De A junioaren en C junioaren binne de poulewinners wurden en dogge 6 jannewaris mei oan it frysk kampioenskip. Fuotbalklup Balk wûn wer de Gaasterlân-Sleat sealfuotbaljûn en NOK die dat by de reserves.

Op 1 jannewaris 2007 is der in nije wet mei de namme WMO, of te wol Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Der wurde hjirfoar 2 ynformaasjejûnen organisearre troch WMO platform SW Fryslân yn oparbeidzjen mei de gemeente Gaasterlân-Sleat. Beide jûnen begjinne om 20.00 oere. Tiisdei 9 jannewaris yn  doarpshûs It Klif en woansdei 10 jannewaris yn de Treemter fan Balk. 

Johan Keus wie de heechst einigje ynwenner fan Gaasterlân-Sleat yn de Fryske Top100. Hy kaam op it 26e plak mei syn maat Ernst Langhout mei it nûmer ,,Rûzjend yn ‘e Wyn. 

De provinsje Fryslân makket no ek har offisjele meidielings bekend op www.overheid.nl . Dat hâldt yn dat hjirop alle meidielings fan Ryk, Provinsjes, Gemeenten en Wetterskippen hjir op te sjen binne.

Tongersdei 11 jannewaris hâldt de ,,Nederlandse Coeliakie Vereniging” in ynrinsprekoere yn it Ljouwerter MCL fan 9.30 – 12.00 oere. Coeliakie is de ,,overgevoeligheid van de darmen voor gluten”. Ynrinne kost neat en in ôfspraak regelje is net nedich.

Autobusferfierder Connexxion hat in wiziging oanbrocht yn lijn 44. De rit Koudum- Spannenburch fan 07.43 oere is ferlingd. Dizze rit sil tenei op wurkdagen om 07.14 oere fertrekke fan it busstasjon Boalsert fia Koudum nei Spannenburch.

1 jannewaris is foar in soad minsken it begjin fan de goede foarnimmens. Thússoarch SW Fryslân wol de minsken hjirby helpe om gewichtsferlies te befoarderjen. Hja hawwe in nije manier útfûn dy’t jo yn 15 wiken in sûner gewicht takenne. Der kin in proefpakket besteld wurde fia www.happyweight.nl. Leden fan de Thússoarch krije 25% koarting. Jo kinne mear ynformaasjes krije by Thússoarch SW Fryslân, til. 0515-461100.

Wolle jo alles nochris neilêze. Dat kin fia www.radiogasterlan.nl