Koart ferskaat zaterdag 24 februari 2007

De fertochte fan de brannen yn  Sondel is dizze wike wer frij kaam. Yn it kader fan it ûndersyk wat nei him ynsteld wurd, is it net needsaaklik dat er langer yn tydlike hechtens hâlden wurd. Hy wurd noch wol as fertochte oanmerke. 

Der is lânlik in protte komoasje oer politisy dy’t der twa paspoarten opnij hâlde. Ek hjir yn Gaasterlân-Sleat  is sa’n politika. Ans Hellemons is yn Yndoneesje berne en hat neist de Nederlânske ek de Ingelske nasjonaliteit. Yn in parseferklearring seit se dat dat noch nea foar problemen soarge hie en altiid witten hat wer har loyaliteit thús hearde. Om’t it nea earder wjerstân oplevere hat, hat se der ek altiid iepen oer praten en yn ferskate ynterviews útlein hoe HollânskIngelske in FNP er wêze koe. 

Klaas Hettinga, foarsitter fan D66 Fryslân wie foar in promoasje toer yn Sleat mei in skip. Yn syn  petear mei de befolking fan Sleat kamen in protte fragen nei foaren oer de wurkwize fan de rie fan Gaasterlân – Sleat.

Projektûntwikkelders mei nijbou krije alle romte en yndustry wurdt  oan de kant set; dat wurd sjoen as in minne gang fan saken. D66 beweart dat de ynwenners fan Gaasterlân – Sleat it net langer pikke moatte mar yn aksje komme. Oft it dan ek better is om dan op D66 te stimmen koe ik net út de brief helje. 

De stifting Hof en Hiem, wêr’t Talma Hiem ek ûnder falt hat in oerienkomst sletten mei Thuiszorg . Al sûnt in gripefiemke fan fjouwer jier lien wurdt der tusken dizze beide groepearrings in protte gearwurke. En no is dy gearwurking fêstlein yn in oerienkomst, sadat de klanten fan Talma Hiem no ek de Ynbring fan Thuiszorg brûke kinne en ek oarsom. Lokaasjemanager Han Hollander by Talma Hiem fynt it ek tige belangryk dat men ûnderling meiwurkers útwikselje kinne, handich by sykte of oare kraptesituaasjes.

Yn it  WTC Expo fan Ljouwert sil alwer de beurs Hûs & Tún plak fine. Inkele feiten binne 20.000 m2, 200 eksposanten, 21 modeltunen (rekôrd!),

Datum Huis & Tuin 2007

Tongersdei 1 maart       14.00 oere – 22.00 oere

Freed 2 maart               14.00 oere– 22.00 oere

Sneon 3 maart              10.00 oere – 18.00 oere

Snein 4 maart               10.00 oere – 18.00 oere

Entree Huis & Tuin 2007  Folwoeksenen  €10,-  Bern 6 t/m 12 jier  € 5,- Gesinskaart  €23,-  (2 folwoeksenen, 2 bern). Ferkees parkearen   Fergees SKL Berne-opfang. 

As jo regelmjittich nei dit programma harkje en fine dat dat eins wol better kin, hat it gjin sin deroer te korrespondearjen. Wat hjir wol of net yn it programma komt, wurdt allinnich útmakke troch de meiwurkers. Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne wol tige wolkom. 

Wolle jo dit nog es neisjen dan kin dat op de thússide fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl

Koart ferskaat zaterdag 10 februari 2007

7 Maart binne der wer ferkiezings foar de provinsjale steaten. Jjo kinne dat no al sjen oan de aksjes dy’t de ferskate politike partijen ûndernimme. De F.N.P. wol mear jild út de gasopbringsten. It regear hat 88% oant no ta útjûn yn de rânestêd en der is mar 1% werom gien nei de noardlike provinsjes. In rattelstoer seit de F.N.P. Hja hwwe by Blauferlaat( de nijste gaswin ynstallaasje) in grut boerd delset. 

De SP seit dat de earmoedebestriding yn Fryslân te earmoedich is. De provinsje hat dêr in miljoen euro foar útlutsen en dat is earst ek mar tydlik en net struktureel seit de SP. Dochs better wat as neat. De provinsje hat der wol yn tastimd om dit te dwaan. 

De provinsjale staten komme sels ek yn aksje. Op 3 maart hâlde de steaten in iepen dei yn Dokkum, Drachten, Snits, It Hearrenfean en Harns. Warten stiet sintraal op dizze iepen dei.  Der binne dêr 4 projekten geande en dy litte blykber goed sjen wat de provinsje foar de doarpen yn it lân docht. 

Der bestiet ferûntresting by de FNP steatefraksje oer de gebieten die oanwiisd wurde foar Natura 2000. Ûnder de Natura 2000-gebieten falle de saneamde Europeeske Fûgel- en Habitatrjochtline-gebieten. Men is bang dat de marren aanst net mear foar de rekreaasje brûkt wurde meie. 

Oant en mei 31 maart is der in útstalling fan de kostuums fan in wintermearke. De klean binne ûntwurpen troch Dianna Bonnema ut Balk.

Johan Rietberg út Balk makke foto’s tidens de foarstelingen fan Sult yn Koudum. Dy binne ek yn it gemeentehûs te sjen lykas de klean. 

Yn ’t sikehûs fan Snits kinne jo feilich ite. Sy hawwe dêr as ien fan de earsten in keurmerk foar krigen. It keurmerk lekker iten moatte jo sels ferstrekke.

Koart ferskaat zaterdag 3 februari 2007

Yn Snits is it by it sikehûs in drokte fan belang; net allinne om’t der safolle lju siik binne mar der wurdt ek hurd wurke oan al wer in ferbouwing.  

Mar der wurd ek foarljochting jûn oan bygelyks kankerpasjinten; op 21 febrewaris is der in jûn oer de psychologyske gefolgen fan dizze sykte en der sil foaral oandacht jûn wurde oan de wurgens dêr’t in protte minsken nei dy tiid lêst fan hawwen.  

En dan kinne jo op sneintemoarn ek nei in konsert yn de hal fan it sikehûs op alve febrewaris. Dan komt it  Saksofoanorkest út Drachten mei 13 man in optreden fersoargjen.

It begjint om 11 oere en de tagong en de kofje binne der op ta.  

21 inisjativen  binne troch de provinsje honorearre mei in bydrage út it sosjale ynvestearings fûns. Ek de Spylder út Warns wie der ien fan; hja kinne in bydrage fan in  € 100.00 ,- temjitte sjen.

Koart ferskaat zaterdag 27 januari 2007

Soms rinne dingen by elkoar lâns; sa hearden we fannewike dat ús boargemaster fuort gie en de oare deis krigen we it jierferslach fan de gemeente yn ‘e brievenbus. Dêr die de boargemaster in oprop om it mei-inoar te dwaan, blykber hat net eltsenien dat goed lêzen en dy miene no dat se it mei in oar dwaan moatte. Neffens my wurdt ús gemeente der allinne mar earmer fan.  

Mirjam Timmer en Johan van der Veen sille ek wer as Twarres optrede. Mirjam giet dêr neist ek as Mir fjirder mei har solo-karriêre en Johan docht ek in theaterproduksje en dat giet ek gewoan troch.  

De krante Trouw bringt in nije webside ut : trouw.nl/indebuurt, hjir kinne jo de nijtsjes út jo eigen omjouwing fine, en se jouwe jo ek de mooglikheid it nijs út jo eigen omkriten der op te setten mei foto en al.

Jo meie it ek altiid oan Radio Gasterlân troch jaan, mar foto’s litte we net sjen.  

Dan in pear aksjes, op 14 febr. “Valentijnsdei” sille ferskate bedriuwen de opbringst fan de leste oere dy dei skinke oan VPTZ, in organisaasje dy’t  foar sterfensbegelieding soarget. De aksje hat de namme: ”1 uur voor sluitingstijd”.  

En ik krige ek in mailtsje fan minsken dy’t op 1 febrewaris 5 min. alle ljochten útdogge om sa oandacht foar it miljeu en it fergriemen fan energie te freegjen. Fan 5 foar achten oant 8 oere, is der 5 minuten rêst foar de ierde.