Koart ferskaat zaterdag 24 maart 2007

J I F stiet foar ,,Jong in Friesland” en is in organisaasje dy’t helpe wol mei fragen oer opfiede en opgroeie.Sy hawwe 4 ynformaasjeloketten iepene: yn Snits, op De Lemmer, yn Balk en yn Boalsert. JIF is in inisjatyf fan de provinsje út 2005 en de Súdwesthoeke hat no as earste sa’n informaasje loket.Wolle jo mear witte: www.jonginfryslan.nl

Yn de sintrale hal fan it Antoniussikenhûs sil oankommende tongersdei in foto-útstalling iepene wurde oer it St. Antoniussikenhûs. Jo kinne der moai sjen hoe’t der byboud is, ferboud is en letter sels ferhuze is. It sikenhûs hat sels in kommisje History dy’t soks foarelkoar makket. As jo noch foto’s fan it sikenhûs hawwe en wol kwyt wolle, dan  binne hja der ek tige wiis mei.

It Stoomwykein komt der wer oan . Op 21 en 22 april rydt der wer in stoomtrein tusken Snits en Starum. It is al de tredde kear dat de Stifting stoomtrein Fryslân dit organisearret. Sy wolle wer in fêste stoomtrein yn Fryslân ride litte.Jo kinne ek meiride as jo kaartsjes reservearje op www.stoominfriesland.nl , of by it Modelspoormuseum yn Snits.

As jo regelmjittich nei dit programma harkje en fine dat dat eins wol better kin, dan hat it gjin sin dêroer te korrespondearjen. Wat hjir wol of net yn it programma komt wurd allinnich útmakke troch de meiwurkers. Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne wol tige wolkom. Belje nei 0514-602121 en freechje nei Elske Woudstra. 

Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl/

Koart ferskaat zaterdag 17 maart 2007

By it Wetterskip Fryslân wolle se belesting ferleegje, sjoch dat bart net in protte. It taryf Beboud is basearre op de WOZ waarde, en dat soe dan no in hele sint de 2500 euro om leech kinne omdat de wenningen sa’n protte i nweare stegen binne. Kinne dy lju fan it etterskip net nei Den Haach?.

By Talmahiem binne se drok oan it ferbouwen en dat hat ek foar de âlderenbûn PCOB gefolgen.Hja kinne de kommende twa moannen dêr no net fergaderje. Op 21 Maart en 18 April sil dêr no yn de Treemter fergadere wurde.  De fergaderingen begjinne altiid om 2 oere.

De Steateferkiezings binne wer efter de rêch en dus kinne dy nije lju begjinne en dat betsjut ek dat inkele oaren fertrekke moatte. As jo mear as 12 jier yn dat wurk sitten hawwe, dan komme jo yn oanmerking foar in lintsje. Dat wiene der acht dit jier en Lolke Folkertsma, dy’t  jierren yn Balk wenne hat, wie dêr ek ien fan. Hij waard lid yn de orde fan Oranje Nassau. Der waard ek ien Ridder yn dy orde, dat wie Wietze de Haan fan de Lemmer.

De WMO skynt minder problemen op te leverjen as ferwachte. Yn Fryslân binne sa’n 20 klachten by it ,,Meldpunt huishoudelijke verzorging” terjochte kaam. De measte klachten hienen te meitsjen mei dat it ûndúdlik is wat it foar de minsken sels betsjut.

Fanôfrûne tongersdei ôf binne yn Fryslân de âlde Fryske nammen foar marren en wetterwegen wer fan kracht. Dus Snekermeer komt no as Snitser Mar op ‘e kaart en Spoekhoekstervaart wurd offisjeel Spoekhoeksterfeart. Luts bliuwt wol Luts, dochs stiet op histoaryske kaarten Litz, mar dat sil wol wer te fier werom gean.

BUOG, ôfkoarting foar : bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen, mei Sult regisseur Pieter Stellingwerf, hat in protte sukses mei harren optreden yn de trein. It programma Leeuwarden retour sil trije kear faker brocht wurde op 22 23 en 24 maart. Kaarten kinne jo bestelle op www.dekaartjes.nl . Hâldt der wol rekken mei dat der mar 190 minsken mei kinne. 

As jo regelmjittich nei dit programma harkje en fine dat dat eins wol better kin, hat it gjin sin deroer te korrespondearen. Wat hjir wol of net yn it programma komt, wurdt allinnich útmakke troch de meiwurkers. Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne wol tige wolkom. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.  

Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl

De Gouddoller over Hongaarse vluchtelingen

Zaterdag 17 maart 2007 zal op velerverzoek een herhaling worden uitgezonden van het programma dat gaat over de de periode dat Hongaarse vluchtelingen ook in Gaasterland onderdak zochten en kregen. Eerst een historisch overzicht, dan komt mevr. Frony Farga-Franzen aan het woord en als laatste de heer Jan van der Heide die een Hongaarse vluchteling in dienst had.

Koart ferskaat 10 maart 2007

De provinsje stelt hast 95.000 euro beskikber foar de ûntwikkeling fan in fietsrouteplanner. Dat is in soarte fan Tom Tom foar op ‘e fyts. Fryslân soe dêrmei de twadde provinsje wêze dy't sa’n ding foar fytsers hat. Oan it ein fan dit jier moatte jo it brûke kinne. It is dan te finen op: www.fietsersbond.nl, www.fryslan.nl en www.beleeffryslan.nl.

Omdat de waarnimmend boargemaster tiisdeis oare bezichheden hat, sille de kommende gemeenteriedsfergaderingen no op tongersdei plakfine. De earste stiet foar oankommende tongersdei 15 maart op de rol. As jo oars op tiisdeis nei R.G. harkje, tink der dan om dat jo no op tongersdei de radio oansette. De ferkiezingen foar de provinsjale staten binne yn ús gemeente ek goed ferrûn . De útslaggen binne net skokkend. It liket in protte op de lêste gemeenteferkiezingen fan 2006, mei it CDA oan kop, de FNP as twadde en PVDA as tredde partij. De grutte partijen sakje wol allegearre yn Gaasterlân-Sleat . De SP en Gemeentebelangen krigen wol mear provinsjale stimmen as yn 2003 mar de sit yn de provinsje gyng foar Gemeentebelangen ferlern. RTN, de lokale omrop yn de gemeente Nijefurd is hjoed jierdei. Hja besteane 10 jier . De gemeente hat ek noch in moai presintsje foar harren. Der is in strukturele subsydzje fan rom 9000 euro tasein. Lokwinske RTN.

As jo regelmjittich nei dit programma harkje en fine dat dat eins wol better kin, hat it gjin sin dêroer te korrespondearjen. Wat hjir wol of net yn it programma komt, wurd allinnich útmakke troch de meiwurkers. Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne wol tige wolkom.

Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl/

Koart ferskaat zaterdag 3 maart 2007

De gemeente hecht grutte wearde oan de promoasje fan it toerisme .Hja stelle foarútrinnend op de plannen fan Mar & Klif om de VVV aktiviteiten wer op te pakken in bedrach fan € 32.000,- beskikber. Der wurd dêrby wol fanút gien dat ek de rekreative bedriuwen in gelikens bedrach op tafel lizze. En dat sil neierhân ek besjoen en beoardield wurde, De VVV yn Fryslân stiet der net echt goed foar, en dêrom wol de gemeente ek noch gjin tasizzingen dwaan foar 2008. Earst mar sjen wat de provinsje docht. Der is in nij ôfdielingshaad foar Maatskiplike saken beneamd. Dhr.W.Popkema sil mei yngong fan 15 maaie yn dizze funksje begjinne. It giet om in baan fan 36 oeren yn e wike.

Der is in sloopoanfraach yntsjinne foar de buorkerij oan de Menno van Coehoornwei nr. 20 yn Wikel. Dizze markante pleats moat it plak romje foar it bedriuw fan Ane Huisman út Balk. Huisman moat dêr plak meitsje foar wenningbou. 

Jûn om seis oere is der op Nederlân 2 in útstjoering oer de Noordelijke Friese Wouden. It is de twadde yn in rige fan seis oer nasjonale lânskippen. It giet hjir om unike stikjes boskwalen en pingoruïnes yn de Triemen, Twizel, Eastermar en Drachtster Kompenije.  

Nije wike tongersdei en freed binne yn Ljouwert de “Beroepenwedstrijden van de Praktijkopleiding Bouw” . Der dogge twa dielnimmers út Gaasterlân-Sleat mei, te witten: Sietse Jan Veldman (17) út Wikel fan it Bogerman College yn Snits. Dennis Bovee út Aldemardum (17) fan deselde skoalle . Doch jim best jongens;  lit se mar sjen dat men hjir ek wol wat kin.

Grenzeloos varen. Dat is wat de provinsje berikke wol mei it trochsetten fan it Fryske Marrenprojekt 21 Febr. Ha se der mei ynstimd hjir mei troch te gean, it plan hâldt in ympuls fan 150 miljoen yn om de ynfrastruktuer foar de wettersport te ferbetterjen.

De RTN,  de lokale omrop yn ús buorgemeente, bestiet 10 maart 10 jier. Wy kinne it allegearre mei fiere. It feestprogramma begjint om 10 oere moarns en is 11 oere jûns dien. De hiele dei wurd der op de radio útstjoerd en op televyzje binne twa streekrjochte programma’s te sjen. It earste begjint om 12 oere en middeis om 4 oere it twadde. Fan 12 oere ôf is der ek in media merk, en jûns noch in playbackshow. RTN lokwinske mei jim jubileum en gean sa troch.

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels hat 30.000 brieven stjoert oan jongelju dy dit jier foar it earst nei de stimbus meie. Mei dizze mailing wol hy berikke dat se dat ek werklik dogge. Op www.joulud.nl kinne de jongeren mear ynformaasje fine oer it hoe en werom.

As jo regelmjittich nei dit programma harkje en fine dat dat eins wol better kin, hat it gjin sin deroer te korrespondearen.  Wat hjir wol of net yn it programma komt, wurdt allinnich útmakke troch de meiwurkers. Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne wol tige wolkom. 

Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl