Koart ferskaat zaterdag 28 april 2007
It is dit jier hûndert jier lyn dat foar it earst jild beskikber steld waard foar Fryske les. It taalsintrum Frysk hat in protte aktiviteiten sammele dy’t mei de Fryske taal te meitsjen hawwe en dat ûnder de titel ‘Mear talen, mear takomst’ op in webside setten. Sa is der bygelyks in sjongfestival en in nije foarsteling fan Tryater en in konferensje oer meartalichheid. Sjoch mar op www.meartalenmeartakomst.nl
Wetterskip Fryslân sil út foarsoarch wetter út it Ysselmar ynlitte. It doel is om reserve op te bouwen foar it gefal dat de droechte langer oanhâld. It is noch net sa dat der beperkingen oplein wurde, mar as it wetterpeil te leech komme soe moat soks al barre. Dat is no faaks foar te kommen.
De fjouwer Fryske troebadoers, Piter Wilkens, Jaap Louwers, Gurbe Douwstra en Doede Veenman, binne hast oan ‘e ein fan harren tour. Mar foardat se harren ôfskeidstour fol meitsje, wolle se earst noch in CD opnimme. Dat sil plakfine op 17 en 18 maaie yn Arum. De opnamen wurde makke tidens harren optreden . It is de twadde CD fan dizze fjouwer, de earste wie ‘Der Tuskenút’ en is yn 2004 utkaam.
De lintsjes reine wer oan alle kanten fan ús; ek âld deputearre v.d Ploeg stie yn dy rein. Hij is freed beneamd as Ridder yn ‘e Orde fan Oranje Nassau. Fan 1995 ôf siet hy yn Deputearre Steaten, mar dêr neist hie hy ek ferskate oare funksjes yn û.o. de autobranche.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl
Koart ferskaat zaterdag 21 april 2007
Sa’n 100 minsken fan ferskate doarpsbelangen binne, tiisdei 17 april, yn de Klink yn Koudumm byinoar west foar de doarpskontaktjûn. Plattelânsprojekten hat dat no foar de twadde kear organisearre. Yn twa rûnden koene de doarpen sjen litte wêr as se mei dwaande binne of krekt dien hiene. Fierders wie der in kreamkemerk dêr’t ferskate bedriuwen sa as NUSO, en Landschapsbeheer Friesland sjen lieten wat hja foar de doarpen dwaan kinne. In protte nije kontakten binne lein en wie dêrmei in goed slagge jûn neffens de organisaasje.
De gemeente hat der mei ynstimd om in sosjaal team oan te stellen. Dit sil barre yn gearwurking mei de gemeente Nijefurd. En dêr moat dan in teamlieder út beneamd wurde. Wêr as soks foar nedich is wit ik net. Is it gemeentebestjoer net al in sosjaal team mei de boargemaster as teamleider?
De Frisian Solar Challenge sil wer yn juny plak fine. In wedstriid fan boatsjes op sinne-enerzjy dy’t de alvestêdetocht farre. Mar de earste priis hawwe se no al binnen, de”innovatief teamspeler energie transitie”. It Ministerie fan Economische Zaken rikt de priis út, mar it binne jongeren fan de JOVD en Jonge Sosjalisten dy’t bepale wa at de priis kriget. Minister Maria van der Hoeve hat woansdei de priis útrikt en de organisaasje mei dy titel no yn al harren korrespondinsje en reklame brûke.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop:
http://www.radiogasterlan.nl
Koart ferskaat zaterdag 14 april 2007
15 April is de befrijingsdei fan Fryslân. No falt dat dit jier op snein en dat betsjut neffens it protokol dat je dan op moandei flagje. Dat like my algemien bekend, op snein flagje jo net. De FNP hat hjiroer in brief oan alle ôfdielingen skreaun nei hjiroer in ûndersyk by de provinsje dien te hawwen. Sokke Friezen lykje wol nij yn dit lân.
It is moai waar en de boatsjes binne ek al wer drok op it wetter. Dochs binne hja eins te gau. Op 27, 28 en 29 april wurd it offisjele startsein foar de wettersport jûn yn Grou. Alderhande fleurige saken steane op ‘e rol. It wichtichste is fansels de sylkeninginne, dy’t op sneontejûn mei it skûtsje “it doarp Grou” en in taspraak fan de Boargemaster, ynhelle wurd. Fansels is der fan alderhande muzyk te hearen. En jo kinne ek “moonlight shopping”. De winkels binne net allinne sneontejûn iepen mar ek de sneins, tagelyk mei de ”Braderie en Nautische Markt”. Mar mei de boat der hinne tink? Wolle jo mear witte? www.grouaktief.nl
MC Remon en The Percussion Factory hawwe in rap makke yn it kader fan ,,grenzenloos” varen. De earste CD ha se oan Minister Verhoeven útrikt by it ôfsinken fan de tunnelbús fan de Galamadammen yn Koudum. Dat koe foar it selde no se der dochs wie.
Nije wike is it de wike fan it ear. Dan sil der mei namme omtinken jûn wurde oan de ‘Varibèl’ of te wol de earbril. Mei de mikrofoantsjes yn ‘e foarkant fan de bril kin de minne hearder wer gericht harkje. De brûkers, de bril bestiet al sa’n 5 jier, binne der tige oer te sprekken. Hawwe wy de wike fan de noas en de eagen eins al hân? Ha ik dat mist? En komme dy fan de teannen en de fingers yn koarten ek noch? Ik bin al benijd hoefier as men hjir mei gean kin.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop:
http://www.radiogasterlan.nl
Koart ferskaat zaterdag 7 april 2007
,,Ûnderweis” is de titel fan in programma mei Sytse van der Werf, Johan Keus, Bert Otten en Hans Battenberg. En dat giet nije wike freed yn premjêre yn Wargea.De fjouwer manlju nimme jo mei op in muzikale reis troch de wrâld en de tiid en besykje antwurden te finen op libbensfragen. Tagelyk komt der ek in CD út fan dit programma. De lieten en ferhalen binne fan Sietse v.d. Werf en de muzyk is skreaun troch de trije muzikanten.
Juster is yn Snits it keurmerk “Veilig voedsel útrikt oan it St. Antonius sikenhûs. It is foar it earst dat sa’n keurmerk organisaasjebreed jild. Alle iterij-ôfdielingen wurde op wol 300 ûnderdielen kard en moatte op syn minst in 7.5 skoare om hjir foar yn oanmerking te kommen. De sintrale keuken krige in 8.1, mar ek alle oare ôfdielingen krigen mear as 7.5.
Teake v.d. Meer hat in DVD opnommen en de DVD leit nije wike yn de winkels. It hyt “Efkes wat oars” en is in registraasje fan it programma wêr’t er de lêste jierren mei Griet Wiersma en Minze Dijkstra mei op en út west hat. No Menno, no wurd it dochs tiid om dyn programma op televyzje te bringen dan kinst Teake ek sjen litte.
De provinsje hat fêststeld dat de kwaliteit fan it swimwetter yn Fryslân ferline jier goed wie. Dit die bliken út de rapportaasje fan Wet Hygiëne en Veiligheid Badinrichtingen en Zwemgelegenheden. Ek de foarútsichten foar 2007 lykje goed. No hope dat we ek noch goed waar hâlde om te swimmen.Deputearre Steaten dage de oannimmers út om mei in goed plan te kommen om de probleamen mei de rotonde by De Jouwer op te lossen. Oannimmers út hiel Europa kinne meidwaan, mar hja moatte wol oan ferskate easken foldwaan en it mei net mear as 11 miljoen kostje.
De firma HAK is yn Balk dwaande leidingen foar de Nutsbedriuwen oan te lizzen. Dêrfoar wurdt nije wike in stik fan de Wilhelminastrjitte ôfsluten. It giet om it stik tusken Hotel Teernstra en de krusing mei De Warren. Ek de bussen sille dan in oare route lâns moatte.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch us neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: www.radiogasterlan.nl