Koart ferskaat zaterdag 19 mei 2007
Hiene jo wol boargemaster fan Gaasterlân – Sleat wurde wollen?.....Dan binne jo no te let. De fakatueretermyn is mei yngong fan 11 maaie sluten. Der sil no sjoen wurde nei de kandidaten dy’t sollisitearre hawwe en derút moat dan de nije boargemaster keazen wurde. Hoefolle as der sollisitearre hawwe, is ús no noch net bekend.
Geart fan Tunen fan it programma ,,Hûs Te Keap” by Omrop Fryslân wit Gaasterlân – Sleat ek faker te finen. Wy hij koartlyn noch yn Sleat by de famylje De Jong, oankommende tongersdei is hy yn Riis te sjen by in wenning fan de famylje Wijnia.
De ANBO en oare organisaasjes komme mei in ferûntrêstend rapport. Hjiryn wurdt sein dat der hieltyd mear 65+ers binne dy’t troch in WAO tekoart ûnder it besteansminimum leefje. Meastentiids giet dit om allochtoane lju dy’t net harren hiele arbeidsume libben yn Nederlân wenne hawwe. Meastentiids is it dan ek noch sa dat hja net witte hoe’t se oanfolling oanfreegje kinne. Troch de earmoede dogge dizze lju ek net mei oan it normale sosjale libben wêrtroch se ek minder kontakt lizze kinne mei minsken dy’t har helpe kinne. De ANBO sjocht dit probleem yn de takomst allinne mar slimmer wurden en fynt dat der gau wat dien wurde moat.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de hússide fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl
Koart ferskaat zaterdag 12 mei 2007
Tiisdei 15 maaie giet de rinnende alvestêdetocht wer fan start. Der wurdt yn Ljouwert útein setten en it doel is dat men de jûns dan yn Sleat is. En dan kinne de rinners nei it tippelaarskonsert yn ‘e Grutte Tsjerke fan Sleat. Dat wurdt wer tradysjoneel troch Muzykferiening Concordia út Balk dien. It begjint om 8 oere en ek as jo net rûn ha, kinne jo it konsert bywenje en fan de muzyk genietsje.
Doutraapje. Men hat my eartiids sein dat dat goed wie tsjin switfuotten. Hotel Jans yn Riis en www.buitenmens.nl organisearje foar oankommende tongersdei it doutraapjen. It giet dan om in koart tochtsje fan sa’n 20 minuten rinnen en dan kinne jo yn 5 minuten werom op ‘e fyts. En dan in lekker moarnsbrochje iten. Jo moatte wol op e tiid fan beêd ôf; de start is om healwei seizen bij Hotel Jans yn Riis. De kosten binne € 20,- Opjaan kin op www.buitenmens.nl
It is hjoed 12 maaie ek de nasjonale mûne- en gemalen dei. It is dit jier it jier fan de mûne. It is dêrom dûbel sa feestlik yn mear as 600 mûnen en gemalen. Dat as jo hjir yn Balk útsjoen binne by de bedriuwen dan kinne jo rûnom terjochte. In protte wille noch.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl
Radio Gasterlân op 12 mei 2007 vanaf locatie
Op zaterdag 12 mei zullen overdag de meeste uitzendingen van Radio Gasterlân vanaf locatie plaats vinden. Op dezelfde dag is de Opendag voor de bedrijfsterreinen Eigen Haard / De Stikke in Balk. Radio Gasterlân is daar ook bij en zendt rechtstreeks uit vanuit de bedrijfsruimte van Installatiebedrijf Reekers. Gasten zijn niet alleen welkom bij de diverse bedrijven, maar ook bij de activitieten van de medewerkers van Radio Gasterlân.
Koart ferskaat zaterdag 5 mei 2007
Thuishotel organisearret yn juny in kursus foar earste help by berne-ûngefallen. As jo bern hawwe tusken de 0 en de 7 jier kinne jo jo opjaan. It giet om 3 jûnen en sil plak fine yn Koudum. Mear witte: www.thuishotel.nl
It is wer de tiid fan puollen en dus ek heakoarts. Minsken dy’t soks haww, binne net gelokkich mei dit waar. As jo dat dan ek noch hawwe yn kombinaasje mei astma, dan soene jo eins de doar net út kinne. Gelokkich binne der goede medisinen te krijen, sjoch mar es op http://www.astma-hooikoorts.nl/ En ek handich is de hooikoortsverwachting Alle wiken wurdt der oanjûn hoe grut it risiko op puollen en sa is. Wy winskje jimme sterkte ta foar de kommende tiid.
Ek it casino yn ‘e Lemmer is oerfallen, dat is al de tredde yn in koart skoftke hjir yn de Súdwesthoeke. Hoe’t jo it ek dogge neffens my bliuwt it in gok. Pakt wurde bliuwt ek in kâns.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de thûsside fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl