Raadsvergadering van 13 juni 2007 gaat niet door
Koart ferskaat zaterdag 9 juni 2007
De jeugdteaterskoalle komt nei Gaasterlân – Sleat.en siket jonges en famkes fan
12-15 jier dy’t fan teater meitsjen hâlde. Wat is de bedoeling? Fan 13-17 augustus is der in simmerskoalle yn de buert fan Balk. Alle dagen leuke dingen dwaan fan 10.00 oant 17.00 oere. Oan it ein is der in foarstelling fan wat de dielnimmers mei elkoar betocht en makke ha. Der meie de heiten en memmen en pakes en beppes ek by wêze fansels. De kosten fan sa’n wike ,oan it ein fan de fakânsje, binne € 100.
Is dit wat foar jo bern ,dan kinne jo se opjaan via website : www.jts-meeuw.nl of via de telefoan bij Harmien Venema, 058 2343434
Ha jo de skûtsjes wol by de Ossebrêge lizzen sjoend. Ja dat kin no want de Luts is der útbaggere. Krekt as de Lange Sleat, it Sleattemer Gat de fargeulen op de Sleatemermar. Yn 5 moanne is der 78000 kuub slip ferwidere
Der binne gâns aktiviteiten geande yn it Kader fan it Fryske Marrenproject.
Op de Middelséroute binne gâns nije oanlisplakken makke. Oanlizze mei de boat en in kuier meitsje of in monumint besjen of samar in slach troch in buorren meitsje, dat is de bedoeling .Sjoch maris efkes op www.friesemeren.nl
De Teatuertün yn Riis is in besûnder plakje fansels. Op 1 july sil it Sirkwy der har seizoen ôf. It Sirkwy is in initiatif fan It Skriuwerbûn om skriuwers en dichter in poadium te bieden. Sietse Jansma en Sito Wijngaarden organisearje dat. As jo der mear fan witte wolle moatte jo efkes nei: www.literersrkwy.nl en fansels sneintemiddei 1 july frij hâlde
Der is in nije Atlas van de Friese Pendel útkommen. Derút blykt dat der hieltyd mear minsken bûten de grinzen fan eigen gemeente har wurk ha. Der wurdt omraak pendele . Yn Fryslan wiene dat yn 2000 – 78000 minsken, no binne it 90. 000 . Wy binne in beweechlik folkje en dy beweechlikheid freget wer mear romte foar auto’s en dus mear diken en sa . Der binne al plannen foar: de Haak om Ljouwert hinne, de Noordwesttangent en de Centrale as. Of Fryslân der moaier troch wurdt ? De Provinsje wol dat pendeljen wol graach wat ynperke. Dat liket mij ek in goede saak.
Ha jo wolris heart fan “visintrek”? Nee dat giet net oer de nije hearing of de komst fan de Fiskboer yn Balk en it is ek gjin fiskerslatyn. Der is een serieus ûndersyk diend nei de mooglikheden om mear fisk yn de binnenwetters te krijen foaral yn it Noardelik Kustgebied. Op moandei 11 juny wurde de resultaten bekend makke bij it Gemaal op Roptasyl Jo kinne der by wêze as jo wolle It begjint kertier foar fjouweren
Frijwilligers ûnderhâlde it tsjerkehof achter de Ludgerustsjerke yn Balk. Se hawwe mei inoar no ek in plak oanlein wer’t urnen pleatst wurde kinne. Sintraal stiet der yn byld fan in jongen dy’t in ierdbol draacht , mar tegelyk is it in sinnewizer. Sokke ynspanningen gebeure sa faak sûnder dat der oandacht foar is. Fan dêr!
In famylje dy’t soarch draacht en helpt. Gelokkich bart dat in soad’. Bysûnder is it wurk dat de famylje Bouma docht. Se ha in Stichting oprjochte mei de namme
Bouwen met de Bouwma’s. De Bouma’s bouwe sels projekten yn Zambia, dat is it plak wer’t kapelaan Bouma wennet en wurket. Jo kinne der mear oer te witten komme op: www.bouwenmetboumas.nl Tige nijsgjirrich en goed nijs fyn ik !
Mediation in "In oerke oer"
Koart ferskaat zaterdag 2 juni 2007
It VVV Gaasterland is yn de moanne juny 2007 folop dwaande mei it opsetten fan in nije hiemside. It is te finen op: www.gaasterlandpromotion.nl. Tige nijsgjirrich om it regelmjittich dêr de ynhâldlike foarútgang op te sykjen en al jo eveneminten dêr oan te melden.
Grut feest foarige wike yn Snits doe’t it earste tiim fan de Fuotbalklup Balk de beslissingswedstryd wûn fan Minnertsgea foar promoasje nei de 2e klasse fan de KNVB. In promoasje op nivo sjoen it ynwenneroantal fan it plak Balk. Alhoewol der wat spilers by Balk ophâlde, komme der sterke spilers werom sawol fanút eigen opleiding as fan de nije keeper Erwin Lootsma fan De Wâlde en fan Tjeert Sloothaak, in spiler fan it Jouster sneonstiim. Dat der 5 sterke spilers út de A junioaren komme, is in kompliment oan de jeugdôfdieling fan de klub.
Moandei 4 juny kinne jo fan 13.00 – 16.00 oere yn it Snitser restaurant De Stolp jo antike boeken taksearje litte of ferkeapje. Alles stiet ûnder leiding fan feilinghâlder Arie Molenaar út Ouddorp. Hy is mei namme spesialisearre yn âlde skiednisboeken, steatebibels, teologyske en topografyske boeken en platen. Ek is Durk de Jong út Aldemardum oanwêzich mei it taksearjen fan kaarten, âlde foto’s en fotoalbums.
Yn Nijefurd binne minsken dy’t in ferskuorrende hekel hawwe oan it betelle parkearen. Dizze wike binne twa Warkumers oanhâlden foar it mishanneljen fan it parkearkontroleur. Oanleiding wie in parkearboete. Freed wie it hielendal mis doe’t mei grutte skea alle parkeermeters yn de gemeente Nijefurd fernield binne.
Dizze wike gie de tentoanstelling ,, Na het zout het zoet “ fan start yn it ynformaasjesintrum ,,Tusken Mar en Klif” yn Aldemardum. Oant 1 desimber ta binne dêr prachtige sfeerbeelden te sjen fan de Fryske Suderseekust. Oanleiding foar de tentoanstelling wie it feest op 28 maaie fanwege it 75 jierrich bestean fan de Ôfslútdyk. Op de iepeningsdei dizze wike wie it daliks raak mei ynternasjonaal besite oan de eksposysje. In tal ynwenners fan Finlân beseagen mei in soad entousjasme dizze tige oantreklik útstalling. Der is in soad te sjen yn in lytse romte.
Beamkwekerij Henk Deinum út Wikel freget direkt fakânsjehelpen fan 15 jier ôf. De skoaleksamens binnen no dien dus kin elkenien oan de slach om it fakânsjejild byelkoar te garjen. Henk Deinum is berikber op 0514-603234.
Ús waarnimmend boargemaster Aalberts liet yn in kranteynterview hjoed los dat 80% fan de Gaasterlânsk-Sleattemer bern yn de puberteitsjierren alkoholprobleamen hat. Dêr skrik je fan. Wat dogge jo der oan?
Jo kinne alles neilêze op www.radiogasterlân.nl.
Koart ferskaat zaterdag 26 mei 2007
Concordia, we ha it alles earder melden, bestiet 50 jier. Der wurde ferskate feestlikheden organisearre dit jier en op 7 juny sil SWIN(G)IN mei de G tusken skrapkes, plakfine yn ‘e feesttinte fan Harich. Fuort by it Swin dus. It sil wurde lykas de “night of the proms” mei grutte artysten as Jamai (fan Idols no) en Marcel Kapteijn (sjonger fan “Ten Sharp) en net te ferjitten Gurbe Douwstra dy’t fansels yn ús eigen taal sjongt. En fansels sjonge der ek in protte talinten út eigen omkriten,: Maaike Kampen, Jannie Brandsma, Mario Snaar en it Shanty Koar Gjin C te Heech. As sil der gjin ein oan komme hoege.
Omrop Fryslân hat oandacht foar ferskate saken dy’t yn Fryslân spylje. Sa bestiet de Ôfslútdyk no 75 jier en dêr ha se in moaie reportaazje oer makke dy’t snein 27 maaie op Nederlân 2 útstjoerd wurd om healwei trijen. En op Pinkstermoandei sille se dizze kears foar it earst streekrjocht by de fytsalvestêdetocht wêze. Nei it programma Hjoed om 18.20 oere rjochtstreeks út de tinte yn Boalsert.
Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra.
Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de hússide fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl
Zoeken
Archieven
Snelle links