Koart ferskaat zaterdag 28 juli 2007

It is fekansjetiid en dat betsjut foar in protte minsken problemen mei katten of hûnen. En dan is it faaks noch net iens wer je se litte moatte, mar ek de vliegen en teken die in pleach wurden binne as jo wer thus komme. Jo kinne no in paspoort foar jo kat as hûn oanfreegje op http://www.hartvoorjehuisdier.nl/ mei alderhande tips deryn hoe jo die problemen fuor komme kinne. 

Skeelerje is in moaie sport, mar it is toch wol lekker as jo foar de wyn kinne. Ariva hat 26 ferskate routes utsetten die at allegearre by in stasjon begjinne. Jo kinne altiid ien utsykje die as it foar de wyn giet. Dêr is rekken mei halden, dat se mei alle wynen ien hawwe die’t yn de goeie rjochting giet. 

Mannen kinne froulju tige leegachtsje as it om kennis fan auto’s giet. Toch blykt ut in lanlik ûndersyk op www.mijngarage.nl. dat it ferskil yn de meast basale kennis, sa as wer sit it oliepeil en hoe makkest de accu los, net sa grut is. Bij de froulju wie 11% die alles goed hiene, en by de manlju 15,5% . Sa grut is dat ferskil net, Per profinsje wie grinz mei de measte kennis bope oan dan Fryslan en Drinthe as tredde. Blykber is it yn it noarden de measte neadzaak om sels mear fan de auto ôf te witten. 

Wat wer in wetter dizze moanne. It Ir. Wouda gemaal yn Starum is yn july al foar de viifde kear wer oanzetten. Yn oare jieren is it meast sa dat der wetter yn litten wurd om op peil te bliuwen. Der is dizze moanne de duobele hoeveelheid follen as wat der oars gemiddeld yn july falt sa hat it wetterskip melden. No noch mar in noflike fekansje hjer. It sil opknappe ha de waarprofeten sein. 

Nije meiwurkers, mei frisse ideeën, binne  tige wolkom bij Radio Gasterlân. Belje nei 602121 en freechje nei Elske Woudstra. 

Wolle jo dit noch es neisjen dan kin dat op de hússide fan de omrop: http://www.radiogasterlan.nl

Koart ferskaat zaterdag 21 juli 2007

De grins tusken Harich en Balk is in ûnderwerp dêr’t yn de Ljouwerter Krante oer berjochte waard. Yn it ferline is der ek al gâns oer bakkeleit. Wy binne benijd oft dizze kear de knoop trochhakt wurdt.

It sikenhûs yn Snits en Thússoarch Súdwest Fryslân gean yn 'e kommende tiid in fúzje oan.  It is straks in trochgeande line fan sikenhûs opname oant soarch as je wer thús binne, alles yn ien hân. Wy hoopje no mar dat it der echt better troch wurdt.

It is in jierliks weromkommende saak de fytstocht mei ferhalen troch Mindert Wijnstra. Dizze ferhalenferteller hat al hiel wat minsken genietsje litten fan de Fryske folksferhalen, foar in grut part sammele troch Ype Poortinga  De ferhalen wurde tasneid op de situaasje yn bosk en greide fan Gaasterlân. Woansdei 25 july is it wer safier, as jo mei dwaan wolle dan efkes belje 0514 571777.

Yn de gemeenteberjochten stiet dat nei de boufak de strjitstiennen fan De Warren yn Balk fernijd wurde sille.  Ek  it parkearplak by de Golff giet der út, stiet der. Soenen se op it gemeentehûs net witte dat  hjir gjin Golff mear is. Se binne seker yn de war rakke troch de komst fan de Lidl.

De fêststelling fan it bestimmingsplan rûnom de Teatertún is no finaal oan 'e oarder. Wa’t no noch betinkings hat moat se dat hearre litte, mar dan moatte jo wol oantoane dat jo troch dit beslút oerfallen binne. Wy hope der op dat Bart v.d. Wal no mar echt grien ljocht kriget foar syn aktiviteiten.

Dûmny’s binne foarbygongers, wurd der wol ris sein. Dûmny Johan Kok út Balk is troch de Protestantske Gemeente fan Stynsgea beroppen. Dat is in lúkse yn it fak. Jo wurde frege om te kommen en dan kinne jo ,,ja"  oft ,,nee" sizze. Wy moatte mar ôfwachtsje wat it wurdt mei dizze Jehannes.

De boufakfakânsje is begûn; de skûtsjesilerij  barst wer los en de ballonnen gean de loft wêryn en it waar sil wat better wurde seit Pyt , wat wolle jo no noch mear.

Koart ferskaat zaterdag 7 juli 2007

Jehannes Kramer, wol bekend hjir yn Gaasterlân is beneamd ta Direkteur-Gemeente Siktaris fan de Gemeente Menameradiel. Dat is in  man mei in soad energie, want hij lit him ek goed hearre yn de Provinsjale Polityk. It sukses fan in froegere doarpsgenoat dat docht ús goed. 

Spitich is it dat ús Gemeente wer yn it nijs kaam yn negative sin. “De jongeren kinne harren klem sûpe yn de Caravans yn Gaasterlân” kopte de Ljouwerter Krante. It gong der oer dat der gjin gemeente amtners binne dy’t tafersjoch hâlde kinne op wat der yn de caravans gebeurt. En bij de caravans is it ek wer sa de kweaden it ferpeste foar dyjingen dy’t goed wolle. Spitich, spitich.  

Balk is opknapt, dat moat seint wurde. Mar der moat no noch wachte  wurde op de lampen en it stjittemeublilair. Dat sil wol bankjes wurde,tink ik  Salang wurde  de teksten oer “Wetter“, makke bij it 125 jier bestean fan de Balkster, ek noch net oanbrocht. Spitich dat soks allegear salang duorje moat. 

Oer de Campus Wyldemerk wurdt de befolking foarljochte op tiisdei 10 july o.s troch de initiatiyf nimmers fan it projekt..De byienkomst is yn de Treemter en begjint om 8 oere Der sil earst in tydlike fersjenning komme der wurde ynljochtings oer jûnd en ek oer de wei nei de definitive situaasje. Nei dizze ynformaasje jûn sil de oanfraach foar in tydlike fersjenning nei de Gemeente gean. 

Ik docht wat frjemd oan, no in parse berjocht te lêzen dat giet oer in nasjonaal hitte plan. Steatssikktaris  Bussemaker, hat in foarstel diend om as der wer in hittegolf komt dat wy der mei-inoar klear om der foar te soargjen dat de âlderein der net de dupe fan wurd .In nasjonaal plan om der foar te soargjen dat âlderen dan genôch drinke en sa,De trije âlderbonden ha net in goed wurd oer foar it nasjonale plan. Loft fytserij is it fine se it, sa meitsje ik op út in berjocht der oer. De steatssiktaris sil mei bettere plannen komme moatte,want die hittegolven komme der echt sei de klimaatdeskundige op ‘e televyzje. 

De  polysje sil strange kontrolearje op it wetter, dizze simmer. Dat is nedich sa blykt hieltiid wer. Bij it berjocht der oer stiet dat jo en ik  ek wolris mei kinne op sa’n kontrôle tocht ,sa’n surveillânse per boat. As jo der wat ynsjogge dan moatte jo dat oanfreegje op telefoannûmer  058  660 8272 It oant opstappers is beheind. 

Fan hieltiid mear tsjerken steane op sneontemiddei de doarren iepen foar besikers. De tsjerken dy’t meidogge binne werkenber oan de flagge fan Tsjerkepaad. Yn de Súdwesthoeke binne dat in hiele rige. Wikel kin dit jier net meidwaan omdat der in restauraasje oan de gong is Yn It Breahûs yn Balk is yn de tsjerke in lytse eksposysje fan skilderijen fan Folkert Verbeek. Bij elk skilderstik hat hij in  gedicht skreaun. Ek it Eastersk Ortodokse Kleaster yn Himmelum steane de doarren fan iepen. 

Jo kinne dizze berjochten  nochris neilêze op ús hússide www.radiogasterlan.nl