Gaastnijs

Wat foar nijs hat Gaastnijs?
Dat is de fraach dy't de redaksje fan Gaastnijs alle tongersdeitejûnen wer dwaande hâldt. Nijs is datjinge dat de redaksje noch net wist en dochs wol graach witte wol. En der is ek in protte ynformaasje dy 't oaren ús oanrikke om't hja graach wolle dat jo soks te witten komme.

No, út dizze oanfier ûntstiet dan Gaastnijs mei nijs en ynformaasje foar Gaasterlân-Sleat en De Wâlde. Nijsgjirrich is foar ús ek al datjinge dat de lokale oerheid útbried yn it gemeentehús en wert wy allegearre hjoed oft moarn mei te krijen hawwe sille. Is dat net op 'e dyk dan wol yn 'e ponge. Mar ek de kninetentoanstelling en de finer fan it earste ljipaai is wichtich nijs. Moai wurk om as redaksje hjir in programma oer gear te stallen wêr as jo letter fan sizze kinne: 'Dit wie in goede útstjoering'.

Minder moai wurk is it as jo nei ôfrin fêststelle moatte: 'It rûn net hjoed'. Dochs, hoe it dan ek wêze mei, yn grutte halen is it in moaie leafhawwerij dy 't wol in hiel protte frije tiid yn beslach nimt. En lyk as mei alle frijwilligerswurk is it altyd wer in poepetoer om alle stuollen beset te krijen. Neist de minsken dy 't in programma gearstalle is de persoan dy 't in programma bringt ek tige wichtich. Hjirmei bedoele we de persoan fan de technyk.

Muzyk, tillefoanpetearen, cassettebânopnames en studiopetearen wurde troch in saakkundich persoan ynelkoar skood ta in goed te beharkjen programma. En jo witte fansels ek wol dat we yn ús bestean goede en minder goede tiden hawwe, sa beskôgje wy ek ús programma. Wy bringe goed en min nijs. Nijs dat jo graach hearre en nijs dat leaver net hearre.

Ek is der alle wiken de agenda, winterdei fersoarget de redaktie dat mei safolle mooglik alle cultureele aktiviteiten die binnen en yn de omjouwing fan us gemeente plakfine. Fanôf april wurd de agenda troch Gaasterland Promotion fersoarge, net alinne culturele mar ek toeristiske aktiviteiten fine dan in plak yn de agenda.De frijwilligsters die dat fersoargje binne ,Klaartje Lubach Japke Zwaan Klaske Visser en Geertsje Bouma

Japke Zwaan

Ut de Dubbelstrjitte
De iepenbiere gearkomsten fan de gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat - en de iepenbiere gearkomsten foar de Kommisje Algemiene Saken - wurde de tiisdeis dat dat hâlden wurd rjochtstreeks útstjoerd. Foar oanfang fan in gearkomste wurdt troch de Gaastnijsredaksje muzyk útstjoerd.

Redactie

Jan de Vries Lucas Hoogkamp

Hans Eisma